De Havensbank: Maart 2017 - page 13

Hasto ek in dream?
Ha EMGS,
Do bist gjin ABBA-fan hiest my al fersekere. Mar ik bin
benijd hoe’t it no is?
Wy tegearre yn funksje nei de jubileum-foarstelling
fan Halbertsma. Mar sjen wat it bringt. Ik wie sa
stadichoan al aardich yn de stemming, want de loft
kleure aardich blau. Op Facebook, op de
tagongskaartsjes, op de buorden lâns de dyk. No is
blau net myn kleur, mar hawar it heart by ABBA en by
in Gryksk eilân.
Fuortby ús yn de seal sitte de karmasters. Halbertsma
koe se wol omkeapje wolle. Se ha it goed, gasthear
Rudi bringt se kofje mei Dream-oranjekoek, de wyn
yn in kuoller stiet op tafel en letter wat hapkes.
Neffens dy wiene dizze minsken jong yn de tiid dat
ABBA populair wie……… En no moatte se in oardiel
jaan oer dit spektakelstik. Ik sil sels mar gjin
kwalifikaasje jaan oer de muzyk en it spyljen om’t ik
der gjin ferstân fan ha. Miskien hasto der wol doel
oer? No ik ha my poerbest fermakke en waard hieltyd
fleuriger. Hiel efkes ha ik tocht oan de stikken út in
fier ferline. Trije bedriuwen, in bytsje foarsisber. En
hjir trije heiten dy’t allegear nei 18 jier wol sa’n moaie
dochter ha wolle. Mar foarsisber wie it net.
Dochterleaf Sofie wit toch noch hieltyd net wa’t har
heit is? No’t we yn 2017 libje soe in DNA-test gau
útkomst biede Mar dizze jûn lit Halbertsma ús yn it
ûngewisse.
Ik bin wol hiel bliid te witten wa’t myn heit wie en do?
Nei it skoft ha ik efkes de triennen yn de eagen hân,
om mem Donna dy’t har eardere minnaar en har
dochter mei safolle leafde tasjongt.
Wy ite jûn Moussaka en jim?
Mei in waarme groet fan de oare kant fan de Mar,
FdV, de jongste dochter fan lytse Jelke
Hé FdV,
Wy hiene thús dy elpee fan ABBA, mei dy helikopter;
Arrival. Is noch as nij tink ik. Dus om te sizzen dat ik
in ABBA fan bin, no nee. Mar nei in freed en in sneon
midden yn de ABBA ferskes ha ik hast in wike lang
ABBA neuriet. As ik earlik bin, moat ik sizze dat nei al
die jierren dizze ferskes de ‘tand des tijds’ mei gemak
trochstien ha.
It is in feest fan werkenning fansels, mei al dy hits.
Fantastysk spile troch de liveband en seker ek
songen. En guon tonielspilers ha my echt ferrast dat
se dit koene.
Neffens my wiene ‘dyn karmasters’ de winners fan it
vip-arranzjemint en binne se dêrom sa bedoarn. Mei
sa‘n stik hoege je dochs net ien om te keapjen?
En om hjir in kwalifikaasje oan te jaan? As dit
doarpstoaniel is dan bin ik benijd hoe as it yn oare
doarpen giet.
Neffens my is dit gjin doarpstoaniel mear. Foarhinne
stiene der fjouwer doaren op it toaniel en no in, mei in
frequentieregelaar oanstjoerd draaiber toaniel mei
trije lokaasjes. Doarpstoaniel 2.0 of 3.0. En mei in
lokaasje as de Bidler, foar ús eins hiel gewoan, ha jo
fansels wol in top plak.
Ik ha my ek poerbest fermakke, ik wie fansels ek yn
goed selskip, en waard ek steeds fleuriger. Mar dat
koe ek net oars mei sokke spilers; it entûsjasme en
de fleurigheid knalden fan it poadium. Om soks mei
inoar te meitsjen sil ek wol in drege, mar foaral ek in
moaie tiid west ha. Dy lange list mei nammen wa as
mei holpen ha is wol ymposant, fynst net?
En dat Sofie noch net wit wa as har heit is…se hat
dochs noch mar moai twa kear ekstra de kans krigen
om der efter te komen… Ik fûn it in prachtich stik.
145 jier Halbertsma, wat komt der oer 5 jier?
Wy ha sneins de film Mamma Mia ek noch mar efkes
sjoen en dat wie miskien wol wat te folle fan it goeie.
Ik hie better moussaka meitsje kinnen.
Ek fan dizze kant fan de Mar, waarme groetnis fan
EMGS, jongste soan fan Frans Tiger
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...36
Powered by FlippingBook