De Havensbank: April 2017 - page 13

Underdûkers yn de Greate Mar
Alle jierren, ein april begjin maaie, komme de ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch wer oan’e oarder en ik ha
ea fan Auke van der Zweep te hearren krigen dat sy by harren op de pleats ek ûnderdûkers hiene. Dat ik op in
jûn nei Auke ta om dit ferhaal foarm te jaan en nei telefoanysk oerlis mei syn broer Titus ha ik it folgjende
ferhaal der fan makke.
Wietze van der Zweep en Beth van der Zweep-Boekema buorken fan 1932 ôf op de pleats yn de Greate Mar,
Peinje State, neamd nei Peike Peinje (Pinia), mar Titus en Auke wisten net better dan dat de pleats Teebus
neamd waard sjoen de foarm fan de pleats. Op it stee dêr ’t no Liesbeth van der Meulen-Miedema wennet en
earder ek de famylje Jan Bles wenne.
Sy kamen mei harren húshâlding en 8 bern fan Wytgaard en op dizze pleats waarden de jongste fjouwer bern
berne. De pleats waard pacht fan Johannes Pieters Terpstra, dy ’t hjir earder sels buorke hie, mar nei syn
boerwêzen mei syn frou nei Ljouwert ferhuze. It lân waard pacht fan Jitze Hotsma syn heit, wylst in lyts stikje
lân tichteby de pleats fan Keimpe Hoekstra pacht waard. It wie foar de bern in aardich eintsje rinnen om by de
Roomske skoalle komme te kinnen, de Nije Ljouwerterdyk wie der doe noch net en sy rûnen dan fia de Ald
Ljouwerterdyk nei de Kerkbuurt, en by strange winters koenen sy opstappe by de opfeart en sa oer de
Wergeasterfeart in hiel stik ôfsnije.
Nettsjinsteande dizze grutte húshâlding hienen sy yn de oarloch twa Limburchske ûnderdûkers en soan Cor, dy
’t in Dútske razzia ûntrinne koe, wie ek by harren ûnderdoken. By dizze razzia’s moasten alle jonge mannen
harren op befel fan de Dútske Wehrmacht oanmelde foar de “Arbeidseinsatz.” Dêrnjonken wienen der ek noch
trije Limburchske evakuees. De ûnderdûkers sliepten op in keamerke dat allinne fia de heasouder te berikken
wie en by ûnrie wie der in doar nei de sliepsouder, dy dan yntrape wurde moast. De “hutte,” de eardere
arbeiderswenning waard brûkt foar it klandestine slachtsjen en dit wie dan ek de opslach fan it fleis.
Ein 1944 kamen sa’n 200 Dútske soldaten mei in bulte kabaal by harren oernachtsjen. Wietze koe yntiids op de
dûbele souder bonke, op sa’n wize dat de ûnderdûkers wisten dat sy harren hoeden hâlde moasten en de fytsen
waarden gau ûnder it hea bedobbe. De soldaten sliepten yn it hea en yn tinten op it hiem, wylst de offisieren by
de buorlju, de famylje Van der Velde, oernachten, want dy moasten ommers yn bêden sliepe. De Dútsers
kamen mei legerauto ‘s en hynders en wienen op trochtocht nei de Ofslútdyk, dy sy oerstekke moasten om nei
Noard-Hollân ta te kinnen. De hynders kamen yn de skuorre te stean en de legerweinen stienen rûnom op it
hiem. De Dútske gearkoken stie foar it keukenfinster en sa koe de hiele famylje Van der Zweep sjen dat sy
meastentiids baarch oan it spit ieten. Sy hienen ek grutte hûnen by harren en op in stuit rûnen dy, ta grutte
ferbjustering, rûnom de pleats mei grutte hompen fleis yn ‘e bek dy ‘t sy yn de “hutte” fûn hiene. Hjir koe
fansels neat fan sein wurde.
Sa binne de Dútsers der likernôch ien wike west. Oerdeis gongen hja op patrûlje troch de hiele provinsje, sa
koe der noch moai stikem iten en drinken by de ûnderdûkers brocht wurde. Guon âldere soldaten wienen
leaver by de famylje Van der Zweep bleaun, om’t dy thús ek in húshâlding hiene en neat mei dizze oarloch
hienen, wylst oaren wol hiel dúdlik foar de Dútske saak gongen. Mar wat hat dit foar de famylje Van der Zweep
in spannende wike west. Tink ris ta dat de Dútsers de ûnderdûkers ûntdutsen hiene, de doar nei de sliepsouder
hoechde dan lokkich ek net yntrape te wurden.
De fytsen dy ’t yn ’t hea troch de Dútsers fûn waarden gongen mei rjochting Ofslútdyk, wylst de hynders fan
Van der Zweep te âld wiene om mei te nimmen. Op de Ofslútdyk is dit legerke fan in dikke twahûndert man
troch de alliearden bombardearre.
Wietze en Beth van der Zweep hawwe op dizze pleats noch oan’t 1959 ta buorke en binne doe yn Wergea te
wenjen kaam oan de Ald Ljouwerterdyk njonken it Griene Krúsgebou.
Op de pleats waard net mear buorke en dizze fertutearze hieltyd mear en waard sloopt. Yn it doarp waard der
grute dat âld dokter Van Drooge hjir in nij hûs op sette soe, dit is dus nea bard, mar letter wol troch de famylje
Bles. It arbeidershûs, de “hutte,” hat yn de lêste jierren sechtich fan de foarige iuw noch efkes tsjinne as
kofjebar “It Peukje.”
Wietze en Beth hawwe nei de oarloch, frjemdgenôch, nea wer kontakt hân mei de ûnderdûkers en ek net mei
de evakuees.
Jelle Dijkstra
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...28
Powered by FlippingBook