De Havensbank: Febrewaris 2018 - page 9

Kulturele Haadstêd yn Wergea; ‘Tusken Twa Tuorren’
De Kulturele Haadstêd is iepene en hieltyd wurdt dúdliker hoefolle foarstellingen,
eksposysjes en oare Kulturele uteringen yn Fryslan dit jier plak fine sille. Wergea
priist har gelokkich dat it hjir diel fan útmakket. It haadprogramma fan de
Kulturele Haadstêd bestiet út in tal ûnderdielen dy't hjir yn Fryslân net faak of
noch nea te sjen west ha. Dat binne seker De grutte Esscher eksposysje yn it
Frysk Museum, de reuzen fan Royal de Luxe en it no al útferkochte Stormruiter.
Underdiel fan it haadprogramma is ek it Projekt ‘Under de Toer’.
‘Under de Toer’ bestiet út 32 ferskillende foarstellingen yn likefolle doarpen en
stêden dy’t as reade tried hawwe dat sy har yn en om de Fryske tsjerken ôfspylje.
Wergea is ien fan dy 32 doarpen.
It ‘Under de Toer’ projekt hat 5 pylders dêr’t de foarstelling oan foldwaan moat. Dat binne in Ferhaal, in
Tsjerke, in Keunstner, de Mienskip en Europa. Yn Wergea is troch Froukje van Houten en Theo Smedes it
inisjatyf naam om hjir in ‘Under de Toer’ projekt te starten. It Wergeaster ‘Under de Toer’ projekt hjit:
‘Tusken Twa Tuorren’. De keunstners binnen Theo (algehiele artistike lieding) en Froukje (skriuwster fan it
skript). Undertusken is Gerrit Hager (muzikaal lieder) dêr by kaam en is der in Kerngroep gearstald dy't op
har nommen hat om ien en oar organisatoarysk en artistyk fan ‘e grûn te tillen. Yn dy Kerngroep sitte Theo
Smedes, Evert Bossema, Ypie Kerkstra en Tom Kamsma.
It ferhaal dat ferteld wurdt is it ferhaal fan de al 50 jier besteande relaasje tusken jeugdsoos SZDRNZLL en
de RK Sint Martinustsjerke. It stik spilet him ôf op meardere lokaasjes. Yn elk gefal yn ‘e jeugdsoos, de Sint
Martinustsjerke, de Frissel en de Bidler mar ek de Tsjerkebuorren, dêr’t al dizze gebouwen oan stean, spilet
in wichtige rol.
Ek de pylder fan de Mienskip nimme wy hiel serieus. Yn desimber en jannewaris ha wy gesprekken fierd mei
in grut tal ferieningen yn Wergea dêr't wy fan tinke dat dy in plak yn it stik hawwe kinne. Wêr’t wy mei praat
hawwe binnen de trije (!) koaren fan Wergea, Ynspiraasje, RK zangkoor St Cecilia en Popkoar Wergea.
Fierder mei de Kriich, de Bigband, Boppeseal movies, KKW, de Bidler, Halbertsma toaniel, Jongereintoaniel,
Iepenloftspulkommisje, de merkekommisje en fansels jeugdsoos SZDRNZLL. Ek is der kontakt lein mei de
basisskoalle.
Oer it ferhaal wolle wy noch net folle mear kwyt as dat it oer de soos en de RK tsjerke giet. De tsjerke dy’t,
yn de geast fan de hillige Martinus, al hast 50 jier lang har âlde parochygebouw ter beskikking stelt oan de
jeugd fan Wergea en omkriten. Mar sil dat wol sa bliuwe no’t de St Martinusparochy opgien is yn de hiele
grutte Ljouwerter parochy St Vitus? En hoe komt it sa wie sa mei de St Martinustsjerke fan Wergea.
Hat dy yn de takomt sels noch wol besteansrjocht. Allegearre tige aktueel en moai materiaal om prachtich
teäter fan te meitsjen dêr’t de hiele Wergeaster mienskip by belutsen wurde sil. De premjêre is op de dei fan
Sint Maarten, snein 11 novimber 2018. Dernei ferwachtsje wy it stik noch 5 kear te spyljen, yn totaal 6
foarstellingen dus. Wy binne fan doel om jim fia de Havensbank en oare middelen regelmjittich op ‘e hichte
te hâlden. En ast op de ien of oare manier mei dwaan wolst meld dy dan oan by ien fan ús.
Ut namme fan de Kerngroep ‘Tusken Twa Tuorren’,
Tom Kamsma
Kontakt:
Mear ynfo
:
17-2-2018 brainstoarm dielnimmende ferienings
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...32
Powered by FlippingBook