De Havensbank: April 2018 - page 7

Ienakters 2018
Nei sân jier yn it bestjoer fan it jongerein toaniel
sitten te hawwen, mocht ik de ienakters dit jier foar it
earst wer fan ‘de oare kant’ belibje. Hielendal loslitte
koe/woe it bestjoer my gelokkich noch net, want der
moatst in stikje komme foar yn de ‘Havensbank’. In
bytsje posityf befoaroardield haw ik dizze taak dêrom
op my nommen foar dit jier.
Trije ienakters binne der op seis en sân april op ‘e
planken brocht troch in ferskaat oan meiwurkers.
Hoewol’t elts like wichtich is en je net sûnder inoar
kinne, toaniel is in teamsport, wol ik toch ien groep
meiwurkers yn it bysûnder neame. Dit jier is de
bouploech nammentlik groeit fan sa’n twa oant trije
âlde rotten ta tsien jonge mannen. Fantastysk!
Dames, dit hoecht jim fansels net tsjin te hâlden om
jim ek op te jaan foar de bouploech as jim dit leuk
liket.
De trije ienakters wiene grappich, aktueel en soms
hooplik net al te reëel foar de âldere minsken. Yn it
earste stik, ‘Toedels’, wie it in fleiskeuring foar
gefoarderden. It publyk waard mei in knypeach
meinommen nei de digitale date wrâld fan Tinder, om
úteinlik ta de konklúzje te kommen dat real life
kontakt de takomst hat. Yn it stik ‘It Wergeaster
hofke’ krigen wy moaie sketchkes te sjen, wêrby’t
úteinlik bliken die dat de gewoan eagjende
kaféhâldster mear geheimen hie as har bysûndere
gasten. En ea heard fan de helte fan ’63? Yn ‘Do of
ik?’ waard net ûnder dien foar Hendrik Groen en
wiene de dûnsmoves grif fleksibeler as dy fan de
gemiddelde 80 plusser. Dúdlik wie dat kofje de
minske skerper hâldt as in medisinecocktail.
Talint en wille gongen hân yn hân en dan is it doel fan
it jongerein toaniel yn myn eagen helle. Ik haw in
super jûn hân en ik tink dat ik sûnder problemen oan
myn rol as taskôger wenne sil.
Sietske de Boer
Leuke slotavond Filmkafé Bagdad op
30 maart
“Hoe komen jullie eigenlijk aan die naam Kafé
Bagdad?” vragen mensen soms. Tja, waarom heet
Neushoorn
,
Neushoorn
? Maar goed, toen we komend
najaar vijf jaar geleden startten was de eerste film die
we draaiden, de film Bagdad Café (1987), een film
waar we al langer iets mee hadden, over een desolaat
café ergens aan de route 66. Vandaar. Maar dit
terzijde.
De slotavond werd weer erg goed bezocht en bijna
alsof het publiek de lange periode tot het volgende
seizoen trachtte te overbruggen, zolang praatte men
na over de film en andere belangrijke zaken, hangend
aan de bar.
Gedraaid was de film Lion, die zich half in India en
half in Australië afspeelt. Daarmee werd een serie van
zes films (eerder: Perfetti Sconosciuti, I Daniel Blake,
Manchester by the Sea, Another Year en Forushande)
afgesloten, die over het algemeen goed in de smaak
vielen, met als hoogtepunt, vonden wij zelf, het
verontrustend mooie Manchester by the Sea.
Het werd al even genoemd: we bestaan vijf jaar en
daarom vinden we het leuk om het seizoen feestelijk
te beginnen. Alle details volgen nog maar zaterdag 6
oktober (één keer niet op vrijdagavond dus) zullen
vanaf 16 uur meerdere films rondom het thema
“lekker eten” worden vertoond waarbij er ook
daadwerkelijk (lekker) wordt gegeten met misschien
wat rustige live-muziek. In de agenda dus, die datum!
Tijdens de slotavond werden er alvast twee kaarten
verloot en de gelukkige winnaars Pity vd Vlugt en
Anne Wobbes kunnen dus op 6 oktober meerdere
films en een voedzaam maal consumeren zonder op
kosten te worden gejaagd. Graag tot het volgende
seizoen!
Jan Tijsma, ook namens de andere Bagdad’ers: Albert
de Boer, Margriet Groenwold, Frans Slaterus en
Rimmy Tijsma-Sinnema
Om te begjinnen hienen
wy yn de nacht fan
freed 13 april op sneon
14 april de wolbekende
´soosdropping´.
Foarôfgeand oan dizze
dropping fûn de
‘dropshotnight’ plak, wêrby’t de dielnimmers harren
senuwen fuort nimme koenen ûnder it genot fan in
drankje. Uteinlik binne Welmoed de Haan en Sytse
Scheepsma de winners wurden en wienen sy mar
leafst yn 2 oeren en 32 minuten alwer werom. Super!
Op it momint fan skriuwen hat it feest noch net west
mar op snein 22 april hawwe wy de Italiaanske
Damien McFly + band yn ’e soos. Sy slute dizze jûn
harren Hollânske tour ôf yn it moaie Wergea. Wy
ferwachtsje dat it krekt as ferline jier wer in grut
sukses wurde sil!
Sa as earder al ris neamd wie, hawwe wy op snein 27
maaie ús jierlikse donateursjûn. Foar de donateurs is
der op dizze jûn fanselssprekkend gjin yntree. It
bestjoer sil de kommende wiken wer fanatyk harren
bêst dwaan om by eltsenien lâns te gean. Binne wy
tidens it donateursrinnen net by jo del west, mar
wolle jo dochs graach donateur wurde/bliuwe? Dan
kinne jo altyd donearje op de jûn sels, of in mailtsje
stjoere nei
:
.
Groetnis,
It SZDRNZLL bestjoer
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...28
Powered by FlippingBook