Uit Australië kregen we het droevige bericht dat
mijn broer en onze oom
Dorus van der Zweep
op 88-jarige leeftijd is overleden
Hij was een oud-Wergeaster en is vorig jaar
nog in Wergea geweest.
We zullen hem missen.
Auke van der Zweep
en kinderen
o
Popkoar Wergea
In oantal jierren lyn opsetten troch Reinout Weima, in koar mei sa’n 40 leden, mei in wiidweidich
poprepertoire fan jierren sechstich oant hjoed de dei.
o
RK koar St Cecilia
Bestiet al sûnt 1895. Fan âlds in mannekoar, mar hjoed de dei sjonge ek froulju fan it frouljuskoar fan
de St Martinusparochy mei. It koar sjongt by tsjinsten en by rou en trou en stiet ûnder lieding van
Douwe Langhout. Repertoire: tsjerklike, lieten, mearstimmich, yn it Nederlânsk, Frysk en Latyn.
o
Muzykferiening De Kriich
It fanfare orkest fan Wergea, ferneamd om harren jierlikse optreden moarnsier, earste Krystdei, en de
lêste jierren ek fan de moaie optredens yn Warstiens sa as A Christmas Carrol en De Maestro fan
Wergea.
o
Big Band Two Towers Collection
Wienen der noch wol minsken yn en om Wergea hinne dy’t ek muzyk makken en noch net by in band
sieten? Jawis, genôch foar in Big Band. De Wergeaster Big Band, ferneamd yn Wergea en omstreken
fan ûnder mear de optredens op Trijehûs.
o
Boppeseal Movies
In Filmhûs yn Wergea. Boppesealmovies komt mei films út it saneamde filmhuis segmint. Smûke
fertoaningen fan moaie films yn de wintermoannen yn Us Doarpshûs.
o
Kulturele Kommisje Wergea
Alderhande kulturele manifestaasje faak yn de Bidler, mar de ploech stiet ek altyd klear om oare
festiviteiten mei de organisearjen yn Wergea, wa kin net Wergea a go go of de beruchte Wergeaster
nijjiersresepsje.
o
Merkekommisje
De jongerein kriget it alle jierren wer foar elkoar om perfekt in Merke te organisearjen. Bekendste
attribút: de merkemobyl. De grutte fraach: kriget dy ek in rol yn it stik?
o
OBS De Twamêster
De kweekfiver foar alles dat mei Wergea en omlizzende doarpen te meitsjen hat. Moai dat kultuer en
mienskip hjir sa’n dúdlik ûnderdiel fan is.
o
Buertferiening Tusken Twa Tuorren
Sûnder help fan dizze buertferiening wurdt it neat, want as men straks net yn ien fan de tsjerken spilet,
dan wurdt der bûtendoar spile yn dizze buert.
En al dizze ferienings en har leden (mear as 100! spilers, dûnsers, muzikanten en koarleden), hawwe op de
ien of oare wize in rol yn Tusken Twa Tuorren. It sil in prestaasje fan formaat wurde om dizze grôtfolle kroade
kulturele kikkerts mei de noazen deselde kant út te krijen, om al dizze kreative minsken yn ien stik te krijen,
in rinnend stik (letterlik en figuerlik) mei in dúdlik begjin, in oersichtlik middenstik en in ferrassend ein!
Kaartferkeap
Sáfolle ferienings, mei sáfolle Wergeasters (Warstienzers/Eagumers) It is suver in wûnder dat der yn de
doarpen noch minsken oer binne dy’t op de tribune sitte kinne. Mar se binne der! En foar dy minsken is der
goed nijs: de online foarferkeap is begong. Fia de site
kinne no kaarten besteld
wurde.
Op deselde site fine jo ek it lêste nijs. It snelle, up-to-date en koarte nijs is foaral te finen op ús Facebook side
(@tusken2tuorren).
It fersyk oan alle ferienings dy’t meidogge: diel ús Facebook berjochten!
PR kommisje T2T, Arjen Agema
Jeften
Wy hâlde de bleate fuotten ûnder
it gat
€ 19,00: J.M.
€ 25,00: J.T., J.K.
€ 27,50: C.G.G.,W.M.
2