Oare tiden, weromsjen yn it rike
argyf fan de Havensbank, dizze kear
desimber 2004
Metamorfoazes, ekstreme “make-overs” en oare
dingen
2004 wie foar de havensbank in jier fan grutte
feroarings. Nei 43 jier sloech de midlife krisis ta, mei
alle gefolgen. Fan gekkichheid wist se net mear wat
se woe, se joech harren op foar alle
metamorfoazeshow’s op TV en Vannessa’s “Clinic for
Injectables” waard al skille. In besite oan dizze
wûnderdokter wie krekt wat te folle fan it goeie. De
oanblik fan Vannessa en Marijke van Helwegen wie de
“druppel”, de havensbank nimt harsels wol serieus.
Efkes waard der noch oan it Amerikaanske “Extreme
make-over” tocht. Mar ek no wie it sûne ferstân baas
en dit idee waard ek oan’e kant setten. En doe seach
se it ljocht, in nije printer foar de Havensbank wie de
oplossing; foar minder sinten in moaiere Havensbank.
In oare make-over yn Wergea, de Fricobuurt, krige dit
jier ek stal. De start fan de optocht fan it Skoalfeest
kaam justjes te betiid, mar de dyk leit der no al yn,
de bewenners binne te plak en alles stiet der wer
kreas by. It bliuwt noch wol wat wennen, de nije
huzen. Net dat se net moai binne, mar se binne wol
oars. Ek de duplex stiet der wer kreas by. Foarhinne
tige gewillich by starters, mar foar de hjoeddeiske
starter wie it net mear fan dizze tiid. Der ha massa’s
minsken yn de duplex wenne. Om te begjinnen wie it
ideaal, foar in bytsje sinten hiene jo dan ek in bytsje.
No is net mear in all-life hûs, mei de opsje fan in
sliepkamer ûnder kinne jo it lang fol hâlde mar it is
wol in moai wurd.
Noch sa’n moai wurd is de Vermaning. Dizze
koepeltsjerke stiet danich yn’e steigers. De orizjinele
funsje fan tjerke is al lang net mear fan tapassing, yn
Wergea fansels net gehiel ûngebrûklik. De grutste
make-over dy’t Wergea te wachtsjen stiet, is de
wrâldferneamde “staande mastroute”, hie dit jier
neffens de earste plannen sa’n bytsje klear wêze kind.
Se binne no manmachtich dwaande mei de Wâldwei,
mar foar de steande mêst rûte moat de skeppe noch
de grûn yn. Op it mêd fan “make-over” dogge de
plannen fan de rûte goed mei, east, west, takom jier
of dochs mar wer letter.
Mar om 2004 no it jier fan feroarngs te neamen giet
ek wat fier. In twilling, in hûs keapje en dus ferhùzje,
ja der feroaret in soad, mar it is fuort gjin lânsbelang.
De moard op van Gogh, terreur, noch hieltyd oarloch
yn Irak en safolle oare plakken, útwreiding fan de
E.U., der is in soad bard. As der no ek sa folle om
feroarje sil, wy moatte mar ôfwachtsje wat dit foar de
takomst bringt.
Egon
Big Band te Wergea
Sinds kort kent Wergea er een muzikale groep bij:
een bigband. Jawel, zo’n “combo” gitaar, bas, piano,
drum en percussie versterkt door een groep blazers,
een hele rits saxofoons, trombones en trompetten.
Een reuze “big” band dus. Op 4 juni 2004 om precies
te zijn, begonnen zo’n 17 muzikanten aan dit
muzikale avontuur. Waarom? Omdat het zo leuk is
samen (blaas)muziek te maken.
De repetities zijn eens in de twee weken, op
vrijdagavond in het dorpshuis. Daar werkt men
fanatiek aan de swing, rock ’n roll, latin en andere
genres in haar repertoire dat nu langzaam maar zeker
wordt opgebouwd. Graag wil de Big Band haarzelf aan
Wergea presenteren middels een eerste optreden: dit
zal gebeuren op zaterdag 5 februari 2005 in de
bovenzaal van café ’s Lands Welvaren om 21 uur.
Tot dan!
Sneipsnoar
In jier as wat lyn is hja fanùt Grinslân “emigreare” nei
Wergea, en de bern binne hjir dan ek op’e wrâld
kommen. Fansels geane se gauris op besite by pake
en beppe dy’t noch yn de Grinzer feankoloanjes
omhúsmanje. Ien fan de hichtepunten fan dizze
besites is it bidden foar en nei it iten. Om’t hja der
thús “net oan dogge”, is it foar de bern fantastysk
fansels dat se mei pake en beppe “oamen” (=amen)
sizze meie, mar da se net rjocht witte wat it allegear
ynhâldt, docht wol bliken út de fraach dy’t steld waard
by thúskomst: “zeg mamma dat oamen hé, is dat
Grunnings”?
13