De Havensbank: Febrewaris 2019 - page 27

Mocht er toevallig iemand zijn, die een duo-fiets thuis
heeft staan en die we mogen gebruiken dan horen we
dat natuurlijk ook graag.
Dus geef u zich alvast op als u het eens wilt proberen
op zo’n duo-fiets of als vrijwilliger bij Wietske
Sinnema (liefst per mail
of telefonisch tussen 18.00 en 19.00 uur op nr 058-
2552485).
Zodra het mooi weer wordt kunnen we gelijk een
weekend uit de startblokken. U geeft zelf aan waar u
naar toe wilt fietsen. Het mag van alles zijn. Een
rondje door Grut Palma, even langs de lammetjes of
naar Warstiens.
Gewoon samen genieten!
Namens de groep Mienskip,
Wietske Sinnema/Margriet Groenwold.
Oare tiden,
weromsjen yn it ryke argyf fan de Havensbank,
dizze kear febrewaris 1979
SNIE
lt is nuodlik om in forhael to begjinnen oer snie. Dat
spul hinget de measten fan ús sa stadichoan de kiel
út. En dochs, as soe it allinne mar wêze om it foar de
histoarje fêst to lizzen, moat der dochs wol hwat fan
yn’e Havensbank. It wie hjir ommers ek goed rekke.
Tiisdeitojoun (13 febr.) sette it lijen yn mei izeljen en
woansdeitomoarns wie der op f e diken alhiel net
mear to forkearen, hwant yn f e rin fan f e nacht wie
der noch snie bykaem en net to min. Snie, net by
protten út’e loft mar fyn en lange tiid. De wyn naem
fuort besit fan dat fine spul en jage mei krêft strjitten
en diken, hiemen en túnen fol. Gjin rnins hie’t sa
forwachte, gjinien hie sa gau de gefolgen troch.
Inkelden setten noch fuort, mar kamen yn in bulte
gefallen net fier.
Tongersdeitemoarns, sniestoarmje dat it sahwat die,
lei alles stil. De skoallen waerden sluten, der wie net
to kommen. Elk socht sa gau mooglik in goed
hinnekommen. Letter op 'e moarn hålde it snijen hwat
op en waerd it hwat himmeler. De Frico stie stil, it
hamsterjen sette yn, foto’s waerden makke,
prebearre waerd hjir en dêr in paed to meitsjen mei
Iyts en great materiael. Us boeren sieten der raer ta,
de earste molke gong de kolk of sleat yn, de tillefoan
hie de griep of wie kroandea. Gjin post rûgele op’e
doarmatte, krantlêze moast men yn âlde dwaen.
Freeds liet alles him al wer gang oars oansjen. Wibe
Baarsma en Jelmer de Groot, herauten op greate
learzens rôpen ût namme fan Pl.Belang frijwilligers op
om snieromjen. Sa'n lytse 100 man kamen opdaegjen
en klearren it op’e Kooistrawei; letter kamen ek Tjerk
Nauta-en-dy mei great ark, doe wiene ek de
sydstrjitten moai gau rom.
Sneons sette in ploech fan sa’n man as 40 nei Kees
Timmermans, oproppe troch Radio Fryslân. Foardat
de rommers thús wiene, de romers wiene doe al lang
leech, wie de molke al oan’e fabryk.
Greate ploegen manlju binne ek ûren dwaende west
om auto’s fan doarpsgenoaten en oaren út to graven
foarby Pyt Sinnema. Hwa’t frege krige hulp. Tige
wurdearre waerd ek de net frege hulp dy’t t de
Jeugdsoosleden de âlderein oanbea troch foar harren
to boadskipjen.
AI mei al wie de bihelpsummens great, waerd
rounom waerm drinken en iten oanbean en bisefte
men wer ris goed dat je allinne neat binne.
Pommeranten sille bikoarten wol tige plúmke
wurde, de Iytse beskieden man komt net yn it
ljocht fan de publikaesje. Ik moast dêr oan tinke,
doe 't tiisdei (20 febr.) pas it hûs fan Ljibbe Mud it
paed der troch krigen. Harren lytse jonge dy’t alle
dagen mei de auto nei Ljouwert moat, koe doe ek
wer nei skoalle. "Ik tocht earst de oaren mar” sei
Ljibbe, dy ‘t doe al hiel hwat swiere reizen foar syn
baes makke hie en fan’e fabryk nei hús iderkear
wer troch heapen snie moast. Hwat ek opfoel wie
de fleur hwer ‘t dochs de measten blyk fan
joechen. In winter om fuort net to forjitten.
Lit ús ris de Ljouwerter Krante neidwaen mei syn
citaartjes dy’t wy diz' kear “iispegeltjes” neame.
Jan H. Kooistra: Bliuw mar lizzen, der komt aenst wol
in Sint Bernhard-houn mei in romer drank.
Gerrit Bakker: (By Ruerd Nijdam yn’e winkeldoar) Nou
de Miro-klanten der earst mar út
Binne Hartstra: ’t Is Kanadeesk, sa wie it nou ek yn
Kanada
Bejaerde: Hjir bern, hast in kwartsje
Jelte Schuurmans: Hoe is’t waar bûten? Klant: ‘k Wit
net, ik stean hjir al oardel ûre.
Jeugdsoosleden: (by de kassa) En in pûdsje pinda’s,
mar we ha se al op.
Snierommer: (by Kees Timmermans) ’t Is om’e
molke, mar mei sa’n boerinne woe ik wol in wike
ynsnijd sitte.
Boerinne: (tsjin snierommer) We gean om thee, sil ‘k
myn man ek fan bêd roppe, it is aanst wer
melkerstiid.
Wergeasters yn Eastenryk: Wy ha hjir net folle snie,
mar ’t is moai waar
Militair op sneintojoun: Kin Pl. Belang de diken ek wer
fol smite.
V.d.V
Vodden
Nog steeds het bewaren waard. In april worden ze
weer opgehaald door “De Kriich”
14
1...,17,18,19,20,21,22,23,24,25,26 28,29,30,31,32,33,34,35,36
Powered by FlippingBook