lepenloftspul spilet it stik
"19-40-4-7-25-29"
Wergea stiet fanâlds bekend as it doarp mei de twa
tuorren. Sûnt de léste tiid kloppet dat byld lykwols net
mear, want der is noch in tredde tsjerketoer bykaam:
dy fan Tullymore, it lerske doarp dêr't it sande
Wergeaster iepenloftspul him oer twa wike ôfspylje
sil. It is in sfearfol en humoristysk ferhaal; in nije
iepenloftbewurking troch Antine Zijlstra fan de
Ingelsktalige spylfilm 'Waking Ned'. It stik giet oer de
wederwarichheden fan de 52 ynwenners fan it lerske
doarp Tullymore. len fan de doarpsbewenners wint
mei de lotnûmers 19, 40, 4, 7, 25 en 29 de haadpriis
yn de lerske Lotto. In pear miljoen pûn lizze op de
winner te wachtsjen. Earst is it in folslein riedsel wa't
de 'gelokkige' priiswinner is. Nei't dat mei in soad
trammelant yn it doarp bekend wurden is, rekket it
hiele doarp yn opskuor. De minsken rûke it grutte jild
en wat der dan allegear bart mei de ynwenners fan it
oars sa noflike doarpke, is mei gjin pen te
beskriuwen. Dat moatte jimme mei eigen eagen sjen.
Under lieding fan regisseuze Anne Graswinckel stiet
de iepenloftploech foar jimme klear!
Muzyk en dûns, mar gjin boaten
Lykas altyd, falt der yn it iepenloftspul net allinnich in
hiel soad te sjen, mar ek te hearren.
De spesjale iepenloftband hat der ûnder lieding fan Jan
Tysma alles oan dien om der ek diskear wer in sfearfol
en ôfwikseljend muzikaal barren fan te meitsjen. De
dûnsploech ûnderstreket dat nochris. Der binne dit jier
nije ynstruminten te hearren, lykas de fioel en sels in
lerske lillepiip, bespile troch Doede Veeman! It seit
himsels dat sokke muzyk — en ek it toanielspyljen —
pas echt goed ta syn rjocht komt op in moaie stille
simmerjûn. Dérom freegje wy mei klam oan
boatsjefarders om de Wergeasterfeart op hichte fan
Domwier safolle mooglik te mijen tidens de seis
útfieringen. 0m deselde reden dogge wy it fersyk oan
Wergeasters om dan sa min mooglik gebrûk te meitsjen
fan de Greate Kritewei.
Kaarten en bonnen
Kaarten kinne yn de foarferkeap en oan de kassa kocht
wurde. Wa't kaarten oan de kassa keapet, rint fansels
it risiko dat de oanbelangjendejün útferkocht is.
It is dêrom oan te rieden om fan de foarferkeap gebrûk
te meitsjen. Dérfoar binne der trije mooglikheden. Yn it
foarste plak is der op 3 juny in foarferkeap yn Us
Doarpshüs, jûns tusken 19.00 en 20.30 oere.
Twad kinne jimme fanôf 4 juny kaarten reservearje fia
de thússide
Op dy fernijde webside
is trouwens gans mear te sjen oer it Wergeaster
Iepenloft! In tredde mooglikheid is fansels de
telefoanyske foarferkeap. Dy is fanôf 4 juny moarns
tusken 9.00 en 11.00 oere en jûns tusken 19.00 en
21.00 oere. It telefoannûmer is 058-2551269
(Sybren en Antsje van der Vlugt).
Dit jier kinne jimme gebrûk meitsje fan de
koartingsbon yn de Leeuwarder Courant (fan 27
maaie). De tagongspriis is 12,50 Euro. Mei LC-
koartingsbon wurdt dat 10 Euro. By ynlevering fan de
ynfulde LC-bon is der in koarting fan 2,50 Euro, dy't
jildt foar maksimaal fjouwer persoanen.
De lêste wiken wurdt op alle fronten hiel hurd wurke
om it sande iepenloftspul ta yn de puntsjes klear te
krijen. Woansdei 12 juny is it safier. Dan is de
premiére fan it iepenloftspul "19-40-4-7-25-29".
Dêrnei wurdt it Stik noch fiif kear spile: op 14, 15, 18,
20 en 21 juny. It iepenloftspul begjint om 21.00 oere.
Graach hite wy jimme allegear wolkom yn Tullymore
op Domwier!
Ut namme fan de Kommisje lepenloftspul Wergea,
Jehannes Ytsma
12