De Havensbank: Maart 2021 - page 3

Fan de Redaksje
Hy leit gewoan wer yn de bus
Dizze kear yn ‘Fan de Redaksje” in plom oan de
besoargers fan de Havensbank.
11 oant 12 kear yn’t jier soargje dizze minsken, dat
de Havensbank wer yn de bus leit. Ungemurken wei
leit de Havensbank op de matte as yn de bus. De
besoargers, it bin ús stille krachten. Elke moanne
wurde sa’n 940 Havensbanken te plak brocht.
Klachten bin der eins nea. De Havensbank wurdt
fergees yn de doarpen Wergea, Warstiens en Eagum
besoarge en ferskynt elke lêste freed fan de moanne.
As redaksje hearre we se net, sjogge we se amper en
witte we net wa as krekt welke rûte hat. We witte ek
net oft de besoargers “grutsk” op dizze belangrike
funksje binne.
We witte wol dat de gemiddelde leeftyd hiel heech is.
De âldste is 88 jier. Mar as dat komt omdat se
Havensbankbesoarger binne of ...? It is yn elts gefal
in sterk laach.
De Havensbank hat yn de rin fan de jierren in oare
funksje krigen. It nijs is tsjintwurdich à la minute te
lêzen op wat foar media dan ek. Dochs bliuwt it wol in
medium dat de adfertearders en de ferienings
gelegenheid jout om de Wergeasters en Bûtenommers
te foarsjen fan nijs. 61 jier lyn is de Havensbank
oprjochte op oanstean fan Pleatslik Belang en it
Doarpshûs. Yn it Húshâldlik Reglemint kinne we
dêroer lêze:
Niet om dorpisme te kweken, doch als
samenbundelend orgaan, waarin alle lief en leed uit
ons dorp tot uiting komt en waarin alle plannen en
besluiten van onze verenigingen kunnen worden
gelezen.
Heech tiid om by in bakje kofje ris wat fragen te
stellen oan Germ en Jikke de Boer. Dizze minsken
krije elke moanne op freed de hiele lading yn hûs. De
Boer soarget dat de besoargers de kreas úttelde
Havensbanken krije en útsútelje kinne.
De Boer is kontaktpersoan foar de redaksje.
De rûtes, wa’t wêr besoarget is foar nimmen 100%
dúdlik. Elk docht syn klanten, it groeit stadichoan en
der feroaret eins neat.
1.
Jout it “status” ast besoarger bist?
It jout waarskynlik net fuortendalik
oansjen mar de measte ynwenners fine it
moai om elke moanne de Havensbank mei
nijsgjirrich nijs wer te krijen. Famylje De
Boer fynt it moai wurk en it is net swier, it
is in rêstich berop.
2.
Is it in sterk laach?
Blykber wol, der fynt eins gjin ferskowing
yn besoargers plak. It bin al jierrenlang
deselde minsken dy’t starichoan âlder
wurde.
3.
Bin de besoargers grutsk op harren taak?
De besoargers bin wol in bytsje grutsk op
harren taak. Se bringe wat nijs út har
doarp en hâlde de minsken op’e hichte fan
wat kommendewei is. It giet der ek om
dat se frijwillich wat foar it doarp dogge.
Mooglik is it foar de Wergeasters dy’t hjir
hikke en tein binne wat wichtiger as foar
de nij ynkommenden mar dat witte we
net.
4.
Hoe lang dogge jo dit wurk?
Al seker sûnt 2011, Germ en Jikke de Boer
ha it oernaam fan Sjouke Rijpstra.
5.
Wit jo in moaie anekdoate?
Moaie ferhalen bin der net sasear. By
sommige minsken stiet in blaffende hûn
achter de doar te springen as de
Havensbank dan troch de bus falt is it mar
de fraach as dizze noch te lêzen is.
6.
Wa fan de besoargers docht dit it langste?
Hjir is net rjocht in antwurd op.
Jan Kamminga docht it no 22 jier.
Buorman Tseard van der Hem docht it no
seker 34-35 jier yn Eagum.
Wa binne de besoargers?
Hjir yn willekeurige foalchoarder:
Germ de Boer, Aldert Hornstra, Henk Wielinga, Janny
Veenstra, Ruurd Nijdam, Janne/Halbe van den Berg,
Jan Kamminga, Lolke/Corry van der Meer, Hidde en
Ida, de Fridsma’s, Siep Stroosma, Tseard van der
Hem, Jan van der Berg en Eelke Wiersma.
Wit dat we as Havensbank-redaksje dizze minsken
koesterje en in warm hert tadrage!
De redaksje
Franciske
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook