De Havensbank: Augustus 2021 - page 21

Ut de rige fan 'Szdrnzll 50 jier’
Jeugdsociëteit SZDRNZLL
Nei alle foargeande ferhalen wie it efkes moeilijk
te begjinnen mar doe’t ik der efkes foar sitten
gong en werom seach op myn jierren yn it
jeugdsoosbestjoer doe kaam it measte fansels
wer boppe. Yn 2010 stiene Wietske en Ciska foar
de doar mei de fraach oft ik ek yn it soosbestjoer
woe. Om’t ús heit en mem beide yn it bestjoer
sitten hawwe wie it antwurd wol bekend.
Toen ik yn it bestjoer kaam koe ik fuort mei oan
‘e slach mei it 40-jierrige bestean fan SZDRNZLL
en toen ik der 5 jier letter noch yn siet hiene we it
45-jierrich jubileum. Dit is beide mei in
feestwykein fierd. We hiene in reüny mei alle
âld(e) en nije bestjoersleden en fansels grut feest
om te fieren dat der foar de jeugd yn en rûnom
Wergea sa‘n moai plak is om harren sosjale
feardichheden te fergrutsjen. Troch alle huidige
omstannichheden moatte we noch wat langer
wachtsje op it 50-jierrige jubileumfeest wat we
natuerlik al lang fiere wollen hiene.
Themafeesten binne hichtepunten. Sa as it yn ’e
gewoane wykeinen hartstikke gesellich is mei in
bakje kofje en foaral wat bierkes en de wike
beprate, sa stiet it mei in themafeest ynienen fan
de foardoar oant it rokershok fol. Feesten as
“Hollânske jûn” mei in sjonger dy‘t healwei de jûn
net mear te ferstean wie omdat eltsenien sa hurd
oant meisjongen wie, “Clubnight” mei dj’s dy‘t de
populêrste hits mixten, “Carnaval“ en “Halloween”
wêrfoar‘t wy ús ferklaaiden yn bysûndere
kleansetsjes dy’t wy hierden by De Joker yn
Burgum en “Saint Patrick’s Day” de dei dat dizze
beskermhillige op passende wize betocht waard.
Ik kin noch wol even trochgean, wat te sizzen fan
“Après ski” mei in selsmakke skihut en biertafels
fol mei pullen bier en “Caribbean”, allinne al de
foarbereiding… woansdeis foar it Caribbean-
wykein sân kub sân de soos ynskeppe en ja dat
moast der nei it feest fansels ek wer út. Gelokkich
waard dit nei myn earste pear jier mei de hân
skeppen makliker makke troch de mannen van De
Jong mei harren hydraulysk oanstjoerde skeppe.
Yn it gefal fan de “Schuimparty” hiene we de soos
ek fol, mar dan hiene we de hele jûn de keet fol
mei skom, it siet betiden hast oan it plafond ta
fol. Neidiel hjirfan wie it wer opromjen fan it
skom…, it foardiel wie dat it lêste sân fan
Caribbean dan ek wer fuort wie. By “Caribbean”
en de “Schuimparty” hiene we foar de
basisskoallebern in feestje oan it begjin fan de
jûn. Se bouden sânkastielen en as echte dj’s
draaiden se sels muzyk wêrop‘t de oare bern
dûnsje koene en gekjeie. Dizze bern fûnen it altyd
tige spitich dat harren âlders oan de bar stiene
om se wer mei nei hûs te nimmen. It moaie wie
dat hast al dizze skoalbern in pear jier letter sels
in drankje oan de bar helje koene.
Fansels hiene we ek de gesellige Donateursjûnen
dêr’t de doarpsgenoaten dy‘t de jeugdsoos stypje
en in waarm hert tadrage bedankt wurde en dêr‘t
de ôftreden bestjoersleden bedankt wurde foar
harren ynset foar jeugdsoos SZDRNZLL.
Dan de WK ’s en EK ’s fuotbal. Dizze lieten we net
geruisloos oan ús foarby gean. Tribunes opbouwe
en mei ús allen om ús Oranje juige. En lykas ek
dit jier wer, foaral erch bale om’t ús Oranje
natuerlijk wer gjin Europeesk kampioen wurden
is. Oan it ein fan it jier fierden we Kryst mei in
gala en in jûn mei in bandsje, én as knaller de
jierwiksel dêr’t ûnder it genot fan in hiel soad
kâlde gleskes bier mei elkoar fûstke en tute
waard. Ja, jeugd fan tsjintwurdich dat koe toen
gewoan. Dan, hoe brak ek, op nijjiersdei mei de
KKW en Henk de Bidler fan de lêste fersieringen
foarsjen en de boxen de Bidlertoer ynsjouwe foar
it muzikaal begjin fan it nije jier yn Wergea.
Yn myn bestjoerstiid krigen we neist it runnen fan
de dagelikse soossaken en it organisearjen fan
allegear gesellige feesten ek te krijen mei saken
lykas de oergong fan de Gemeente Boarnsterhim
nei de Gemeente Ljouwert. Dit ferrûn foar ús net
alhiel flekkeloos want wy moasten allerhande
fergunningen op ’e nij oanfreegje omdat ús
besteande fergunningen bij de oergong ergens
wei wurden binne. Ek rekken wy it Jeugd Overleg
Boarnsterhim (it JOB) kwyt. Dit wie in oerlis
tusken de gemeente Boarnsterhim, de wykagint,
jeugdsociëteiten út ’e gemeente en eltsenien dy ‘t
mar oanskowe woe om te praten oer hoe it gie
mei de jeugd yn ‘e gemeente. Bij Gemeente
Ljouwert hawwe se dit net en wy krigen bij
neifraach ek net echt de yndruk dat se folle nocht
hiene om hjir wat mei te dwaan.
Dan de alkohol, leeftiidsgrins en slutingstiid. We
kinne ús heilich foardwaan mar eltsenien wit dat
toen we noch gjin 16, en no dus 18, jier âld wiene
alris in earste bierke of wyntsje preaun hiene wat
net lekker wie. It foardiel wie dat dit gebeurde
ûnder tasicht fan meastal in broer, sus, neef,
nicht of buurman fan de buurman. Dizze sosjale
kontrôle liket my noch altyd better dan dat de
bern stikem ûnder de Palma brêge of yn ‘e
wildflora sitte mei in flesse drank. As soosbestjoer
ha je ’t der mar mei te dwaan en probearje je oan
alle kanten it sa goed mooglik te regeljen en de
wetjouwing sa goed mooglik ta te passen, want
de soos ticht is beslist gjin opsje. De rokers-
maatregels binne ek wer strenger wurden. Je
kinne it je hast net foarstelle dat der in tiid wie
dat de soos blau stie fan de reek. Yn ús tiid hiene
we it saneamde rokershok, mar dat waard letter
foar de rokers bûten stean te roken.
Om as bestjoer in goed team te wêzen dat goed
op elkoar fertrouwe kin, moat je soms ek mei syn
allen oan teambuilding dwaan. Dit diene we yn de
foarm fan in soosreiske. Eartiids diene se dat
neffens my ek al mar dan nei Flylân.
11
1...,11,12,13,14,15,16,17,18,19,20 22,23,24,25,26,27,28,29,30,31,...36
Powered by FlippingBook