Szdrnzll keapet de soos? Ja, wy keapje de soos!
Sa as jim (miskien) witte brûke wy de soos fan de Katholieke Tsjerke Wergea/Warten. Al mear as 50 jier lang dus.
En dat is altyd fantastysk gong. Mar no komt, yn oerlis met de Katholieke Tsjerke Wergea/Warten, de kâns foarby
om de soos keapje te kinnen. En dêr wolle wy en moatte wy fol foar gean. Want hjirmei kin wy de takomst fan de
soos yn Wergea garandearje.
Yn de ôfrûne Havensbanken ha jim lêze kinnen wat foar in rol de soos, troch de tiid, spile hat yn it libben fan in
protte Wergeasters. En wat de soos betsjut foar it Wergeaster doarpslibben. De jeugd fan no en de jeugd fan de
takomst ferstjinnet in plak as dat fan de Jeugdsoos. Dizze kâns, dêr moatte wy mei syn allen foar gean.
Bliksem! € 100.000
Foar 1 april 2022 ha wy as doel om € 100.000 (bliksem in ton) by elkoar te bringen. In hiel bedrach wêr wy in
protte stipe foar nedich ha. Mar mei dit bedrach kinne wy de soos oankeapje en ek ferbouwe sadat it
eigen
gebouw oanpast wurd oan de easken en winsken fan dizze tiid. In hiel projekt dus en foar ús in hiele útdaging. Dit
dogge wy as bestjoer trouwens net allinne. Wy ha de hulp fan 6 wurkgroepen.
Wat
bart der mei jimme stipe?
De
kommende
tiid
sjogge jimme aksjes foarby kommen wêryn wy gean foar €100.000 euro oan stipe. It is in
heech bedrach, mar wol in bedrach wat echt nedich is om de soos in takomst te jaan. Dit bedrach kin
mei fûnsen en subsydzjes ferdûbele wurde. Dus alles wat jim ús taskowe is foar ús dûbel safolle wurdich.
It totaal fan stipe en fûnsen wurd, sa as al sein is, brûkt foar oankeap en ferbou.
Ús doel leit foar ús
In dit lêtste artikel út de rige fan ‘SZDRNZLL 50 jier’ ha wy fansels in stikje werom sjoen fanút de belibbing fan it
hjoeddeiske bestjoer. Mar ús doel leit fansels net efter ús. Mei de kânsen dy der no lizze, leit ús doel foaral foar
ús. Wy binne der foar de jeugd fan no, en foaral ek foar de jeugd fan moarn. Dêrom wolle wy hiel graach dat wy
der mei syn allen foar gean. Gean foar ‘ús eigen soos'! Us oprop yn dit artikel is dan ek: ‘Help ús oan € 100.000!
Wy ha jim stipe nedich.
Ut namme fan it hjoeddeiske bestjoer fan Jeugdsociëteit SZDRNZLL,
Lotte en Frids
Jefte
Foar neat komt de sinne op
€ 200,00: N.d.J.
It hat ús goed dien te fernimmen dat der safolle minsken om ús
hinne stienen, by it ferstjerren fan ús leave mem en grutske
beppe
Aaltje Lautenbach-de Haan
It is foar ús in treast te witten dat hja by in protte minsken yn
tinzen trochlibbet.
Hertlik tank foar jimme stipe en meilibjen.
Familie Lautenbach
Hij komt, hij komt!
Op
zaterdag 27 november
is het zo ver! Sinterklaas komt naar Wergea. We verwachten Sinterklaas
13.30 uur
bij de
passantensteiger aan de Hilleburen
, ter hoogte van
It Tobbehûske.
Jullie komen toch ook?
Hoe we het Sinterklaasfeest verder vormgeven leest u t.z.t op de posters en de flyer. Voor nu alvast de datum
die u kunt noteren.
Tot dan!
De Sinterklaascommissie
2