De Havensbank: Febrewaris 2022 - page 29

De Wergeaster Reed
Op 16 novimber 2021 hienen we de jiergearkomste 2020-2021 plant yn Grand Café Jan.
Spitich,mar de coronomaatregels soargen der foar dat we dit oergean litte moasten.
No’t de fersoepelingen der binne soe it wer mooglik wêze, mar we hawwe as bestjoer
unanym besletten om ek dit jier wer ferantwurding oer it jier 2020-2021 oan ús leden
ôf te lizzen fia de Havensbank. It is wer november foar’t jo it witte, we hoopje ús leden
en ereleden dan wer út te noegjen.
Gelokkich kaam kening winter ein jannewaris noch yn it lân. Strange froast waard foarspelt en de media rekke
al hiel oerstjoer, in 11-stêden-tocht soe der ynsitte kinne. Dat is gjin wierheid wurden. Op 30 jannewaris is de
baan ûnder wetter setten en op sneon 7 febrewaris lei de baan ticht mar wie net fertroud, boppedat hy seach
der net út troch de hurde wyn en de snie dy’t fallen wie. Mei grut materiaal koenen we der net op en mei de
hân de baan preparearje wie gjin dwaen. Op woansdei 10 febr. hat Keimpe Gerrit de Boer mei in trekker en in
grutte pomp fanôf de polderdyk út de Wergeaster feart wetter op de baan brocht.
Troch dit krewearjen wie it mooglik om de bern de oare middeis ride te litten. De folgende dagen wie it ek
fertroud om op de feart te riden en dan is de baan foar de bern en harren âlders. Snein 14 febrewaris wie it yn
de neimiddei wer dien. It wie in hearlik presintsje yn dizze nuvere tiid.
It is in rêstich jier west, wat fergaderjen oanbelanget. Úteraard ha we it lytse winterke evalueert en der binne
ferbetterpunten op papier setten.
Yn dekommende maaitiid/simmer sil it hokje in ûnderhâldsbeurt krije en Tryater sil in foarstelling op de baan
hâlde. Fam. De Boer (eigener fan it iisbaanlân) hat hjir tastemming foar jûn. In mooie opstekker foar Wergea.
Wy as bestjoer hawwe hjir gjin drokte fan. De organizaasje is alhiel foar Tryater.
Statutair binne Gerrit de Boer en Hielke de Boer ôftredend
Beide hawwe harren wer beskikber stelt.
15
1...,19,20,21,22,23,24,25,26,27,28 30,31,32,33,34,35,36
Powered by FlippingBook