De Havensbank: Mei 2022 - page 21

Leave minsken,
Eartiids hat der in rinpaad tusken Warstiens en de pleats it Jornahûs west en fia dit tsjerkepaad koest yn Warten
en Wergea komme. Spitigernôch is dit paad ferdwûn mar yn 2021 binne der út namme fan Warten, Warstiens
en Wergea kontakten lein mei de bewenners fan it Jornahûs, de famylje de Wit, mei de fraach oft der in rinpaad
oer de polderdyk lâns it Langdeel komme mocht.
We binne tige optein dat de famylje de Wit dêr ûnder bepaalde betinksten oan meiwurke hat sadat der in nij
blokje om by komme sil! It paad is sletten fan 15 maart oant en mei 22 juny en op 1 jannewaris en der meie ek
gjin hûnen komme omdat de kij slim siik wurde kin fan hûnestront, dus wy hoopje dat dêr serieus rekken mei
holden wurdt.
Op 26 juny, om 14.30 oere, is de
feestlike iepening
by camping Tholen yn Warstiens! De minsken út Warten
kinne om 13.30 oere ek by Sietze en Anne Heegstra komme om mei in groep nei Warstiens ta te rinnen en de
minsken út Wergea kinne har om 13.30 oere sammelje by Wopkes hoek.
Op dizze dei wurdt de namme fan it paad ek bekind makke en dit projekt is ta stân kommen mei de stipe fan
pleatslik belang Warstiens en Warten, Perspectyf Wergea, de gemeente Ljouwert en de wurkgroepen grien en
biodiverstiteit fan Warstiens, Wergea en Warten.
Volg ons op:
06 127 451 49
Veilig&vertrouwd suppen in groepen vanaf 4 personen
Een sportieve activiteit voor jong&oud
Persoonlijke begeleiding met uitleg en tips
Zeer stabiele boards van absolute topkwaliteit
Mooie routes in natuurgebied it Bûtenfjild
Ontdek Friesland vanaf het water met
Sup Tour Friesland
Dé sportieve groepsactiviteit voor familie, vrienden en collega’s
Neem contact op voor de mogelijkheden
Voor meer info en contact:
11
1...,11,12,13,14,15,16,17,18,19,20 22,23,24,25,26,27,28,29,30,31,...32
Powered by FlippingBook