De Havensbank: Maart 2015 - page 13

Frysk op ’e Dyk-middei!
Sneon 11 april 2015
Praat mar Frysk organisearret op sneon 11 april yn 'Us Doarpshûs'
yn Wergea tusken 13.00 en 17.00 oere de alderearste ‘Frysk op 'e Dyk’-middei
foar jong en âld! Kinst kieze: nei in fotoworkshop om foto’s te meitsjen fan it
Frysk op ’e dyk yn Wergea of oan ’e gong mei in workshop Fryske street-art.
Oh ja, en der is sels in tydlike Praat mar Frysk-winkel!
Dus jou dy op en kom allegear op sneon 11 april om 13.00 - 17.00 nei 'Us Doarpshûs' op 'e Nieuweweg
2-4 yn Wergea! Fansels is ús ambassadeur en bekende Wergeaster Baba Wijnand ek de hiele dei fan de
partij!
Opjaan kin troch in mailtsje te stjoeren nei:
. Mear witte? Stjoer ús dan ek in
mailtsje.
Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear
opfalt en dat wolle wy mei de alderearste Frysk op ’e dyk-middei yn Wergea feroarje! Mei Frysk op 'e dyk
kin it bygelyks gean om buordsjes yn de tún, nammen op gevels, wurden op in muorre, teksten op
buskes… Alles mei as it mar yn it Frysk is.
Frysk op ’e dyk is in inisjatyf fan PraatmarFrysk. Foar mear ynformaasje:
en
SKIPPERSBITTER op 2 en 3 maaie yn Wergea
Op 25 april giet oan board fan Theaterskip de Bald’r
de foarstelling Skippersbitter yn premjêre.
In foarstelling oer it Skûtsjesilen en de binnenfeart,
oer eartiids en no, oer tradysje en kultuer.
De earste foarstelling fan Skippersbitter sil spile wurde|
yn Grou foar it bestjoer en frijwilligers fan de SKS dy’t de
premjêre adoptearre hat yn it ramt fan harren
70-jierrich jubileum yn 2015. Dêrnei fart Skippersbitter
oant en mei ein juni rûnom troch de provinsje.
Njonken besletten foarstellingen, ôfnaam troch in oantal
Skûtsjekommisjes, wurde der ek iepenbiere foarstellingen spile.
En de earste iepenbiere foarstellingen binne yn Wergea op:
Sneon 2 maaie
om
20.30
en
Snein 3 maaie
om
15.00
(ekstra foarstelling)
Skippersbitter fertelt it ferhaal fan Hylke en Sjoerd. Twa mannen út in skipperslaach dy elkoar moetsje
by in wedstriid fan it Skûtsjesilen op’e Lemmer. Twa generaasjes dy’t elk mei harren eigen fisy op it silen
en de skipfeart yn it libben stean. Mei ferhalen en bylden fan sawol it ferline as fan no groeie de beide
mannen hieltiid mear nei elkoar ta. Mar is dy moeting tusken Hylke en Sjoerd wol sa tafallich as dat it
liket?
Tekst:
Bert Sinnema en Theo Smedes.
Rezjy
: Theo Smedes.
Spul
: Bert Sinnema en Harmen Brouwer.
Lokaasje
: Hylkje Bruinsma - Theaterskip de Bald’r.
Technyk:
Daam Bruinsma.
Dekor:
Maarten
Scholtanus.
Klaaing:
Ypie Kerkstra en Wietske Sinnema.
Foar kaarten sjoch op
as mail nei
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...34
Powered by FlippingBook