De Havensbank: Juny - july 2016 - page 7

Wat in dei sa’n Slachtedei
“De Slachte” ien fan de meast útsprutsen wurden
ôfrûne april-maaie.
Op 9 jannewaris yn ‘e pyama as in oare moaie sliep-
outfit foar de kompjûter en sjen ast der troch
komst……. Foar de ien in keunst, foar de oar in fluitsje
fan in sint. Hasto ek kaarten? De blidens fan earst
saksearre de folgjende wiken aardich, alle rinners
moasten noch út de wintersliep komme. Oefenkuiers
folgen, kilometerfretters en rinners dy’t it der op oan
komme litte, we ha se allegear yn ús fermidden.
Dan komt 4 juny tichter en tichterby. Freonen wolle
graach mei elkoar rinne dat der wurde omraak
kaarten ruile. Der is noch net folle waarm oefenwaar
west en de fraach is hokfoar outfit deroan moat mei it
foarseine waarme waar?
Rêchsekken wurde fuld mei de meast bysûndere
saken. Dextro, wetter, echte bakker Teye-broadsjes,
droege woarst, pleisters, sinnebrân, macaroni,tape,
bananen, sâlte dropkes, wc-papier, reinjassen, cola,
snoetenpoetsers ensafuorthinne.
Dan is de dei fan 4 juny der. As earsten meie de
hurdrinners fan start. Fjouwer Wergeaster mannen
komme oan de start en finishe ek, chapeau mannen!
It tema is FEEST, mar sa’n feest is it net op de
freedtejûn. Finishplak Raerd kriget in bak wetter oer it
parkearlân en wat de frijwilligers al hielendal knap
foarelkoar ha, wurdt troch de natoer yn ien kear
feroare yn in wiete sompe. Dat smyt de moarns fan
de start wat logistyke swierrichheden op. Mar úteinlik
makket it net út, elkenien giet de Slachtedyk op om
de 42,2 kilometer te folbringen.
Smoarhyt waar, liters wetter, trije oases en 2 hege
brêgen, ûntelbere blierren, muzikale optredens……
Ik bin benijd op hoefolle hûskes as it Slachteblokje te
finen is, as bin de rinners der sa grutsk op dat it op in
sichtplak stean mei?
Geandewei de jûn en krekt foar de biezemwein út
komme Wietze en Bettie Ypma oanrinnen. In bêst sin
en de stap der noch knap yn finishe se as lêsten. In
grutte winsk fan harren komt út, opnij tegearre de
Slachte rinne. Dat betsjut hiel efkes dat se yn it
middelpunt fan de media-oandacht stean. Dy drokte
hoechde om harren net, dat de bern en lytsbern der
stiene wie it grutste kado en fuort letter dat hearlik
kâlde pilske fansels.
Ik ha besocht om safolle mooglik nammen op te
sykjen dy’t dizze dei de waarmte en de kilometers
trotsearre ha( mei tank oan Facebook):
Adrie, Dries, Durk en Wietze de hurdrinners.
Aaltsje, Abe Abel, Albert, Angré, Anneke, Anouk,
Aukje, Bettie, Bouwe, Bouke, Bouke, Catharinus,
Coba, Dolf, Elizabeth, Erna, Femke, Folkert, Fokje,
Franciske, Gerard, Grietsje, Hein, Henk, Henk, Hester,
Hieke, Jacqueline, Janke Alie, Jan, Jan, Jan, Jan Jelte,
Jelle, Jelle, Jelsche, Jetty, Joke. Judith, Julia, Klaas,
Maarten, Marin, Marije, Marijke, Marijke, Margreet,
Minke, Nynke, Nynke Laura, Paule, Rian, Riekele, Rik,
Rinie, Sietske, Simon, Sipke, Sjoukje, Sybrich, Theo,
Tialda, Tini, Tjepke, Wietze, Wimer, Ype en Yvonne.
En om mar wer mei it begjin te finishen:
Wat in dei sa’n Slachte dei!
Oant 2018?
Franciske
Goeiedei soosmaten,
Noard, súd, east of west, it bier smakket by
SZDRNZLL it bêst.
Spitigernôch hawwe wy it lêste wykein alwer hân en is
de tap mei fakânsje. Mei freeds ‘Feestbeest Jerick’,
sneons ‘DJ Lexie’ en sneins ‘The Bounty Hunters’ mei
nimmen oars as Johannes Rypma. Al mei al in slagge
wykein!
It bestjoer is sels al op it jierlikse soosreiske west,
wat dit jier yn Preston Palace plakfine mocht. It wie
machtich! En lykas de bewaking fan it pittoreske
plakje al sei: ‘dames en heren, dit is een hotel, geen
kinderboerderij’.
Dat dit allegearre al west hat, betsjut net dat it
bestjoer no fakânsje hat. Om ús soos de
moaiste soos fan ‘t noardelik healrûn te hâlden, moat
der fansels ek drok klust wurde. Wy sille wer drok oan
de gong om de soos wer op te knappen en klear te
stomen foar it nije seizoen.
Foar dit nije seizoen moatte wy helaas ôfskie nimme
fan ús feestbeest Ruurd Sinnema. Hy hat 4 moaie
jierren fol entûsjasme meidraaid binnen it jeugdsoos-
bestjoer. Tige tank foar dyn ynset Ruurd!
Ien derút betsjut ek wer in nije kanjer deryn! Nimmen
oars dan ús iennige echte buorman Sytse Wassenaar
sil ús yn it nije seizoen fersterkje. Wolkom Sytse!
Folgjend seizoen binne wy wer iepen fanôf 23, 24 en
25 septimber. Wy hoopje elkenien dan nei
alle merkes en feesten wer werom te sjen
yn jeugdsoos ‘SZDRNZLL’.
Oant nei de simmer!
It bestjoer
Ype, Klaas, Ilse, Wimer, Abel, Jan, Lotte, Erna, Joke,
Iwan & Sytse
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...36
Powered by FlippingBook