De Havensbank: Septimber 2016 - page 15

Bêste minsken,
Oan alles komt in ein. Ek oan in prachtich
Skoalfeestwykein.
Wy, as Skoalfeestkommisje, binne dik tefreden mei
hoe’t it wykein ferrûn is.
Twa jier ferlyn, nei Skoalfeest 2014 stiene we foar de
útdaging om mei in nije kommisje bûten skoalle it
Skoalfeest wer nij libben yn te blazen. Earst mei in
‘Denktank’, brainstoarmje oer hoe’t it oars koe en
dêrnei fanôf septimber foarich jier mei de
Skoalfeestkommisje sa as hjir no stiet.
Grutste feroaring is wol de ferskowing fan de optocht
nei de freedtejûn. Dat ha we dien om foar de sneon
mear romte te meitsjen foar aktiviteiten foar jong en
âld. Ek de begelieding by de optocht troch minsken út
de ferskate buurten en juryleden út de buurten wiene
dit jier nij.
Us missie wie om alle bern oan de optocht meidwaan
te litten. Dat is aardich slagge. En wat wie it in moaie
optocht! Komplimenten foar de buurten dy’t it sa goed
oppakt ha. Net allinich de optocht mar ek it op tiid
fersieren fan de buurten en de meiwurking om
juryleden en begelieders en envelopophellers te
regeljen.
Fijn dat der safolle bern by de foarstelling fan PoppaP
wiene en in grôtfolle Bidler by de Dûns demonstraasje
en workshop fan de Dance Company. Fijn dat we mei
help fan de KKW dat organisearje koene. De opkomst
foar de jeugd yn de jeugdsoos hie better kind mar
degenen dy’t der wiene ha in gesellige middei hân.
Dank oan de jeugdsoos.
Op it reade plein wie it gesellich mei de jeu de boules
kompetysje, goed organisearre troch de
kloatsjitfereniging. En de merkekommisje hie mei it
spikerbroekhingjen en sjitte op de Dikke Dame dêr ek
in gaadlik publyk.
De opkomst by de puzeltocht wie boppe ferwachting!
Wat in minsken en wat in prachtige tocht. De
puzelkommisje dy’t it organisearre hat tige tank! Se
hiene mear as 30 minsken foar har yn it spier!
We bin tige nijsgjirrich as der ek in moaie nije namme
foar it Skoalfeest útrôle is…
En nei ôfrin fan de puzeltocht wie it tige gesellich yn it
Doarpshûs. Douwe en Roelie kamen hannen tekoart.
Snein noch wer in moaie dei mei in soad minsken lâns
de puzeltochten yn de Marren, Domwier en Warstiens.
De priisútrikking dêrfan wie in de Bidler by it einfeest.
Dank ek oan it Bidlerbestjoer. Dit plak wie wat it
senuwsintrum fan it feest. Opfang fan begelieders
optocht, juryleden, korpsen, ensfh.
No’t we toch oan it bedanken binne: yn it foarjier ha
in soad jongelui ús holpen mei it rûnbringen fan de
enveloppen foar de bijdrage oan dit feest. Ek in
bedankje foar de keatsferiening foar it útlienen fan de
banken. De Twamêster foar it organisearjen fan de
bernespultsjes, it brûken as fergaderlokaasje en it
kopiearen. Reinder de Jong foar hand en
spandiensten, Ben en Henk as ferkearsregelaars, de
Kriich, Malletband en Wodkapel foar de muzikale
ûndersteuning by de optocht,firma Meinderts foar de
parasols, Emiel Sinnema foar de shirts, hesjes ensfh.,
Jolande Mollink foar it it nije logo en de flyer, de
minsken dy’t de jeu de boulesbaan opknapt ha
en…………………
Gefaarlik om nammen te neamen, wat oei je ferjitte
miskien ien as in pear. Sorry.
Dêrom wol ik ôfslute mei elkenien te betankjen dy’t,
op hokker wize ek, meiholpen hat om fan dit
Skoalfeest wer in prachtich feest foar it doarp te
meitsjen.
Oer twa jier mar wer!
De Skoalfeestkommisje:
Piet Roersma, Geart Nauta, Richard de Haan, Lútsje
Engelsma, Sietie Sinnema, Annie Boermans, Fokje
Meinderts
8
1...,5,6,7,8,9,10,11,12,13,14 16,17,18,19,20,21,22,23,24,25,...36
Powered by FlippingBook