Op 1 novimber 1872 waard toanielferiening Halbertsma oprjochte. 1872
is ek it jier dat de “Nederlands Hervormde gemeente” in nije tsjerke yn
Wergea boue liet. Dizze “tsjerke”, no “de Bidler” is al jierren it plak wêr
’t wy ús jierlikse útfieringen hâlde. Hawwe de oprjochters dit yn it foar
witten?
Dit jier bestean wy dus 145 jier, in lustrumjier en dan komme wy altyd
mei in spektakelstik. Tsien jier lyn “Ja suster, Nee suster” en yn 2012
waard “Moulin Rouge” op ‘e planken brocht. Stikken mei in soad sang en
dûns. En ek dizze kear is dit wer it gefal. “Ik haw in dream”, in stik mei
muzyk fan ABBA.
Nei moannen fan tarieden, oefenjen, bouen, en gean sa mar troch
,
sil op
24 febrewaris jûns om 20.00 oere de premjêre yn de Bidler wêze. Hjirnei
sil it stik noch te sjen wêze op 25 febrewaris, 3, 4, 10 en 11 maart.
De foarferkeap is op tiisdei 7 febrewaris yn it doarpshûs. Fan 19.00 oere
ôf foar leden en fan 19.30 ôf ek foar net leden.
Fanôf 8 febrewaris kinne de kaarten fia de webside
besteld wurde, of tillefoanysk op moandei oant en
mei freed tusken 19.00 en 20.00 oere op nûmer (058) 255 28 73.
Begjin desimber hiene wy in doarpsaksje mei lotten (en kearskes), de
útslach fan dizze lotterij is:
1e priis: FWP (ferskuorrend wichtich persoan) arranzjemint, jûn fan de
premjêre (2 pers.) nûmers 0997, 0650, 0988 en 0319.
2e priis: Mamma Mia sjips nûmers 0567 en 0622.
3e priis: Tros Chiquitita bananen nûmer 0440.
Wa’t in priis wûn hat, kin kontakt opnimme mei Gretha Koopmans op
tillefoannûmer (058) 255 28 73 of op
.
Doch dit foar sneon 4 febrewaris! Prizen dy’t dan noch net helle binne,
lotsje wy opnij. It is net mooglik om mei it winnende lot op de premjêre
jûn by de kassa te kommen!
Oant sjen yn ’e Bidler!
Oant sjen yn'e Bidler
24e kear Caribbean!
Ik haw in dream
Wolst lid wurde?
Blacked
Big Band op 'e Bres
Gekke koppen?
Der moat noch BV ef-
ter
Simmerfakânsje yn
febrewaris
Jannewaris 2017