De Havensbank: Febrewaris 2017 - page 17

Winterwille yn 2017
It wie in nuver winterke, froast en taaiwaar wikselen
elkoar ôf.
Freed 20 jannewaris gong de hikke foar it earst iepen,
de baan koe mar foar de helte brûkt wurde. Middeis
die al bliken dat it iis noch te tin wie om elkenien ride
te litten. Allinnich de bern hiene noch tagong en dêr
wie gelokkich alle begrip foar.
Oan it ein fan de middei koe de hikke wer ticht en der
moest in dei oerslein wurde. Taaiwaar en flink wetter
op de baan.
Sneins, mooi sinneskyn waar, neffens it waarberjocht
soe de temperatuur yn ’e middei dik boppe nul
komme. Wy hienen net ferwachte dat der oant yn de
neimiddei riden wurde koe.
Moai wat folk op ’e baan en de gelûdsynstallaasje hie
efternei fan solder komme moatten, want mei in
musykje derby glidet it wat makliker. In misserke fan
ús kant!
Moandei en tiisdei wie foar de piksjitters, it wie wer
taaiwaar.
Woansdei en tongersdei koe de hikke wer iepen en op
freedtemoarn 27 jannewaris wie it hurdriden foar de
skoalbern fanôf groep 3.
Tsjin njoggenen hongen de flaggen, genôch bankjes
stienen klear foar it opbinen, de poeiermolke waard
brocht troch Jan fan “De rijdende winkel”, de start- en
finishstreep lei der yn, de stempeltafels foar de 11-
stêdentocht stiene te plak, de ûnderwizers mei de
bern koene wol komme. Sa’n 100 bern hawwe
meidien en we seagen allinnich mar bliere gesichten,
fan de bern mar ek fan de heiten en memmen, pakes
en beppes dy’t oan de kant stiene om harren bern oan
te moedigjen. It wie prachtich waar mei in bytsje
mear wyn as de foargeande dagen.
As de iene groep oan it wedstriid riden wie, koe de
oare groep de 11-stêdetocht ride.
Dit wie in gouden greep, alle bern flink yn beweging,
der koe eins net ien kâld wurde.
Der waard yn alle groepen fûleindich riden en om
12.00 oere hinne koenen de medailles en de
wikselbekers útrikt wurde oan de folgjende bern.
Groep 3/4 famkes:
1
e
priis: Jildou de Groot
2
e
priis: Inge Vogelzang
3
e
priis: Silke de Haan
Groep 3/4 jonges:
1
e
priis: Jitze Jan Snip
2
e
priis: Wout Schuurmans
3
e
priis: Sem Koster
Groep 5/6 famkes:
1
e
priis: Eliza Stecher
2
e
priis: Kyra Meeter
3
e
priis: Finette Terpstra
Groep 5/6 jonges:
1
e
priis: Twan Ypma
2
e
priis: Lútzen de Boer
3
e
priis: Anton Weda
Groep 7/8 famkes:
1
e
priis: Lotte Donderwinkel
2
e
priis: Mila Venema
3
e
priis: Lianne Postmus
Groep 7/8 jonges:
1
e
priis: Lars Ypma
2
e
priis: Jens Terpstra
3
e
priis: Markus Zuydendorp
Gelokkich hienen we help fan in oantal frijwilligers, by
de start en de finish, oan de stempeltafels en net te
ferjitten yn it hokje foar it ynskinken fan de
poeiermolke. Tige tank hjirfoar!
As jo noch net lid fan De Wergeaster Reed binne en
nei it lêzen fan dit stikje tinke: dat moat oars, dan
meie jo kontakt opnimme mei; Gerrit Nijboer, De
Skuorre 2 yn Wergea.
Mailadres
:
.
Hettie Hettinga
9
1...,7,8,9,10,11,12,13,14,15,16 18-19,20-21,22,23,24,25,26,27,28,29,...38
Powered by FlippingBook