De Havensbank: Febrewaris 2017 - page 7

Jieroersjoch 2016
De wurkgroep hat dit jier 5 kear by inoar west. Ien fan de punten dêr ‘t wy wiidweidich oer gear west ha, is it
meitsjen fan in nij jubileumboek yn 2017. Wy binne al wer aardich op streek mar der moat lykwols noch in hoeke
wurk út ‘e wei setten wurde foar’t wy it boek klear ha om it dan yn oktober 2017 oan ‘e man bringe te kinnen.
De winterjûn yn Us Doarpshûs op freed 29 jannewaris waard goed besocht. Wy fertoanden dy jûn in oersjoch fan
de oanlis fan de Steandemêstrûte en dan fernuveret it jo dat it iepenjen fan dizze nije feart om de west fan
Wergea dan al wer 7 jier efter ús leit. Nei it skoft hiene wy noch printsjes fan (âlde) doarpsgenoaten. Dêr kamen
betiden moaie ferhalen by los.
Yn oktober 2016 hawwe wy in kalinder foar it kommende jier útbrocht en hûs oan hûs ferkocht. De ferkeap gie sa
goed dat wy nei de tiid noch in 25 kalinders bybestelle moasten en dy binne no ek sa goed as op.
Wergea falt sûnt 1 jannewaris 2014 ûnder de gemeente Ljouwert en foar ús wurkgroep betsjut dat dat wy no yn
gearhing mei de histoarje te krijen ha mei it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). Nei in petear mei konservator
Alexander Tuinhout en in kollega oer wat wy foar inoar betsjutte kinne op de langere termyn sil der besjoen
wurde hoe’t soks dan ek hannen en fuotten krije moat. It doarpsfoto-argyf is dêr al ûnderbrocht en yn de
kommende tiid wolle wy as wurkgroep besjen hoe’t wy mooglik mear materiaal by it HCL ûnderbringe kinne, om it
sa foar in breder publyk tagonklik te meitsjen mei as foardiel dat der ek op in mear ferantwurde manier op past
wurde kin.
Us argyf is foar it grutste part rubrisearre en oersichtlik yn kaart brocht. Dit waard altyd byhâlden troch Johannes
Kooistra. As frijwilliger soarge hy der foar om it argyf by de tiid te hâlden. Hy naam de wurkgroep sa in hoeke
wurk út hannen. Om’t syn sûnens dit krewearjen net mear mooglik makke, hat Johannes oanjûn dat hy der mei
stopje moat en dat is foar him mar ek foar de wurkgroep tige spitich. Wy sille him meikoarten op passende wize
betankje foar alles wat er foar ús út ‘e wei setten hat.
It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by Wiepkje de Bruin. Sy fersjocht de foto’s digitaal fan de nammen.
In yntinsive en tiidrôvjende hoeke wurk.
Op 13 oktober ferstoar Antsje van der Vlugt, de frou fan ús âld-foarsitter en earelid Sybren van der Vlugt. Krekt
ien wike letter, op 20 oktober, hearden wy fan it ferstjerren fan Wiebe Sinnema. Hy hat in tal kearen meiwurke
oan artikels foar guon fan ús boeken. Wy sille se beide net ferjitte en libje mei mei harren neisten om dit ferlies te
ferwurkjen.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken helpe kinnen mei it finen fan ynformaasje of koe harren yn elk
gefal wize hoe’t se dy ynformaasje fine kinne. Ek hawwe wy minsken dy‘t ús om foto’s frege ha, as dat koe,
holpen. Underwilens tinke wy nei oer hoe bepaalde stikken fan ús argyf foar in breder publyk tagonklik makke
wurde kinne.
Finansjeel waard 2016 ôfsletten mei in batich saldo fan € 6676,71.
De oanwinsten fan de Wurkgroep bestiene út: Foto’s, tydskriften, fotoboek Frico, poster oer redens Meinderts,
brieven, films (Fries Filmarchief).
It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út: Jan Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer), Sjoerd L.
Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra, Nerus Goïnga, Germ de Boer en Wiepkje de Bruin-Steenbeek.
Jannewaris 2017,
Rinze Visser
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...38
Powered by FlippingBook