De Havensbank: Mei 2018 - page 9

Met blote voeten in het zand …
Zuid- en Midden Amerikaanse klanken op de achtergrond, je waant je op ’n Caraïbisch strand!
En dat in hartje Wergea!
Zondag 3 juni 2018 organiseert de Kulturele Kommisje Wergea op het buitenterrein bij de Bidler:
FIËSTAVAL SIMMERSÂN
Een gezellig laid back festivalletje met live muziek - van een 11 koppige band - waarop gedanst kan worden,
en waar je kunt genieten van hapjes en drankjes in strand stijl decor.
De kinderen kunnen er naar hartenlust zandkastelen bouwen of kunstwerken maken van de hutjes die zijn
opgetrokken uit “aangespoelde materialen”.
Aanvang 15:00 uur en toegang is gratis
(Fiëstaval Simmersân gaat alleen door als het Hollands weer meewerkt, twijfel je…op onze site staat vanaf dinsdag
29 mei 2018 of het fiësta of siësta wordt)
Tusken Twa Tuorren
Sa njonkelytsen is it projekt Under de Toer, ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân, kulturele haadstêd fan Europa 2018,
rûnom yn Fryslân bekend. Twaentritich doarpen mei krektsafolle foarstellings fan jannewaris oant ein novimber
dit jier. En Wergea komt as lêste oan bod mei it multykulturele stik Tusken Twa Tuorren.
Fear of missing out
Hjoed-de-dei hawwe in protte minsken lêst fan it gefoel dat se belangrike saken misse, benammen op it mêd fan
digitale media. Yn geef Frysk neamme wy dat
fear of missing out
(FOMO). Mar de lêste moannen heart men
hieltyd mear minsken dy’t dat gefoel ek ha nei oanlieding fan foarstellings dy’t mei de Kulturele haadstêd te
meitsjen ha en dan foaral mei foarstellings út it projekt Under de Toer. Nim bygelyks Marijke Muoi yn de Grutte
Tsjerke fan Ljouwert of Anna Maria van Schurman yn Wiuwert. Doe’t der gjin kaarten mear te krijen wienen, doe
hearde men de minsken fan: ‘Och, wat hie ik dêr graach hinne wollen! Mar it koe net mear, útferkocht!’
Utferkocht!
Ek de kaartferkeap by de oare Under de Toer projekten rint as ‘t spoar. We rekkenje der dan ek op dat it yn
Wergea net oars wêze sil. In relatyf lytse foarstelling mei in relatyf lege tagongspriis, mei in soad belangstelling
yn it foar én mei in protte meiwurkers (dy’t famylje, freonen, bekenden en sa mear mei ha wolle nei de
foarstelling), koartsein de kâns is grut dat it yn Wergea (ek) samar útferkocht is!
Kaartferkeap foar Wergea e.o.
Om no dat ferfelende, yrritante FOMO-gefoel foar te kommen, is it saak om
derby te wêzen op it goeie momint: de foarferkeap fan kaarten yn Wergea
foar de bewenners fan Wergea en omkriten. Dy kaartferkeap is flak foar de
grutte fakânsje, twadde helte july. De krekte datum, it krekte tiidstip en plak
komt yn de foljende Havensbank (dy’t 13 july útkomt) te stean.
En om dy tiid hinne ek op de site fan Tusken Twa Tuorren
(
)
en op de Wergeaster site
(
)
.
As jo dat healwei july yn ‘e gaten hâlde, dan ha jo wis kâns fan plak.
De data fan útfiering
(tink derom, dy binne oars as yn de foarige Havensbank!):
Snein
11 novimber
premjêre
Woansdei 14 novimber
foarstelling 2
Freed
16 novimber
foarstelling 3
Sneon
17 novimber
foarstelling 4
Freed
23 novimber
foarstelling 5
Sneon
24 novimber
foarstelling 6
Arjen Agema, PR-kommisje Tusken Twa Tuorren
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...28
Powered by FlippingBook