De Havensbank: Augustus 2018 - page 1

Augustus 2018
Skoalfeest 2018
Moaie merke
Nei de film fan Nynke
Boerengolfe
Nijs fan PBW
Platte boaiem
Nifelje mei Sijbrich
De prommen kinne
derôf
Brokkoly yn 'e kiel
Skerp en grientich
Merke 2018
Oan alles komt in ein sei Okke en hy biet de kreakeling midstwa. Dizze wize
wurden (en aksje) fan Okke bin jammerlik genôch ek fan tapassing op ús
prachtige Wergeaster Merke, want somtiden wie it mei de bedwelmjende julywaarmte
op de Merke wol efkes trochbiten. Marfin, in ferneamd Warstienzer
sei ea: It libben is tekoart om sunich merke te fieren, dus hjir komt mei it swit
op it gebit in oersichtlik oersicht fan de Wergeaster Merke 2018!
Op
Tongersdei
namen we mei in brok(koly) yn ús kiel ôfskied fan Bauke’s
Merkepleats. Mei hynder en hobbelwein galoppearren der tolve sigeuners troch
de Wergeaster buorren dy’t op syk wiene nei in moai stekje foar hun merkedekhingst
“Thirsa”. Nei wat floeibere tuskenskoften hjir en dêr, kaam we
úteinlik telâne by de famylje Postma. Wylst ús Thirsa de reed fan Postma
besmarde mei syn útwirpselen, sieten der tolve merkepopkes hearlik te
smikkeljen fan in poerbêst Mediteraansk miel iten mei noch in kornetto nei! En
ja doe wie it samar 19:00 oere, oftewol Fisktiid foar de 50+. Lykas foarrich jier
wie dizze fiskerij kombinearre mei in kwis, en dat wie wer in waardich sukses.
It suksesferhaal fan it fiskjen krige yn Us Doarpshûs in twadde haadstik, want
om 20:30 oere biet de Google-aar Minze Dijksma it spits ôf foar de 50+ jûn. In
folle seal koe gjin tou fêstknoopje oan de keunsten fan Minze en dat is frij
logysk, as je hieltiten foar it lapke hâlden wurde. Nei in prachtige gûchelerij
wie it tiid foar Griitz en Gryze dy’t op muzikale en geweldiche wize de
(keunst)heupen en knibbels los spilen. Al mei al wie der wer sprake fan in sear
slagge 50+ jûn. Yn kafee ’s Lands Welvaren waard de 50- ferwend mei it
lokale sjongduo Roel&Marty. Tusken dreamen en dwaan gong suver eltsenien
fan it kaartsje. It wie in feest mei de haadletter V, en dan meie jo noch
fjouwer dagen yn it waar sjen!
Al mei al, de priiswinners fan it 50+fiskjen:
Manlju 50+:Froulju 50+:
1e priis: Roel Dijkstra (122)1e priis: Luitje de Boer (86)
2e priis: Gerard Sinnema (88) 2e priis: Geeske Sinnema (55)
3e priis: Pieter Postma (76)3e priis: Hettie Hettinga (40)
Op
Freed
kaam de Merkekommisje skerp en grientich út de bedstee. Thirsa
mocht dizze kear yn it bûthûs stean bliuwe, want it bistje wie noch sloech fan
al dat skuorren. De tolve merkepopkes gongen op dizze moarntiid op
brochjefesite by de famylje fan der Ploeg. Kreas op tiid waard der in
foartreffelik moarnsdiner efter de kjizzen drukt, wer’t hast de hele dei op teard
wurde koe. Neidat de maachjes fol wiene, waard der yn in rapper as rap tempo
de GBR opsetten. Om 19:00 oere setten dan ek 20 buertopjeften útein mei in
slagge GBR op it merketerrein. In bulte publyk koe genietsje fan alle kunde en
onkunde fan de dielnimmers. Oanslutend op de jûn stienen de ferwyldere
hearen fan Jokers Wild yn de feesttinte. Mei hun klankjes en deuntsjes fan
eartiids ûntploaide sich in âlderwetsk, beregesellich feestje, werfan’t hast net
ien mear wit hoe’t der thúskaam is!
Al mei al, de priiswinners fan de Grote Buurten Race 2018:
1e priis: Tusken de Tuorren
2e priis: Rounom de Kearewear
3e priis: Domwier
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook