De Havensbank: oktober 2018 - page 1

Oktober 2018
Skoalfeest
Jongerein fan
Halbertsma
Dit falt der bûten?
PB Wergea
Hy komt, hy komt?
De Stringbrêge
Berneboekewike
Lavearje en soms foar
de wyn
In bysûndere jûn
Alde medicijnman
27 septimber 2018 in bysûndere jûn foar Wergea…
Nije kânsen mei de 5 dames of de tryste teloargong fan Pleatslik Belang
Wergea?
Teake Kloosterman de foarsitter fan PB Wergea nimt krekt nei achten it wurd.
Under yn ’t kafee is it moai fol. Mar dochs foar in doarp as Wergea mei de om-
lizzende doarpen is it tal oanwêzigen minimaal. Teake neamt it in bysûndere
jûn en hjit elk wolkom. Menear Louwerse is út namme fan gemeente Ljouwert
oanwêzich. It wurd “bestjoerskrisis” sa as de sitewaasje yn Wergea yn de me-
dia neamd wurdt is foar PB in te grut wurd. Grutte fraach foar dizze jûn is, hoe
kinne we fierder mei de leefberheid yn Wergea? PB hat jierren en jierren hiel
hurd wurke en alles besocht om foar alle belangen op te kommen. Der bin te
min ynwenners dy’t in sit yn PB nimme wolle. Hiel Wergea hat eins foar dizze
funksje betanke. It is ek gjin opsje dat de 5 dames yn PB komme omdat bliken
dien hat dat dit foar Wergea net mear wurket. Jim bin fansels nijsgjirrich nei
de nammen fan dizze 5; no it binne Ellen Visser, Marieke Betlehem, Leonie
Meinderts; Marian Houkes en Rinie de Boer. Der is gjin ûntkommen oan, der sil
in nije bestjoersstruktuer komme moatte.
Dizze jûn moat der in beslút naam wurde, Teake stelt “de vraag van zijn le-
ven”: hoe fierder? It is wis dat PB Wergea ophâld fan bestean. Jouwe de
oanwêzigen de 5 dames fan Perspektyf Wergea it kredyt om fierder te ûntwik-
keljen? It momint is krekt as by in brulloft: bin der minsken dy’t beswier ha?
Utkomst hjirfan is dat der wol fragen binne mar dat dit ferhaal seker trochgean
moat. De 5 dames gean derfoar! It kin hast net oars as dizze stap nimme. Der
bin genôch losse einen as bygelyks de juridyske status, dit is ien fan de saken
dy’t as earste útsocht wurde moat. De gemeente hat in spreekbuis nedich, hoe
komt dat? As der saken lykas de oanlis fan de Stringbrêge spylje dan moat de
belutsenen besykje der mei-inoar út te kommen. As der tsjinstridige belangen
binne dan kin de gemeente hjirop ynspylje, sy kinne dan gearkomsten organi-
searje. We sitte mei-inoar yn in partisipaasjemaatskippij wat betsjut dat it mei
elkoar útsykjen en ûntdekken is. Louwerse jout oan dat se der as gemeente
mei deale sille. Binnen de gemeente binne der mear doarpen of wiken dy’t har-
ren oars organisearre ha. It is fan it grutste belang dat Wergea wat organisear-
ret dat wurket, de gemeente sil him “welwillend” opstelle. Perspektyf Wergea
sil ek juridyske status ha moatte om finânsjes fan de gemeente te krijen. Hoe
sit it de kommende tiid mei oanfragen foar jild fan kommisjes as Sinteklaas en
Skoalfeest? Dat sil gewoan trochgean mar gruttere saken sil net oppakt wurde.
Pleatslik Belang Wergea is op dit stuit sliepend. De neijiers-fergadering sil net
trochgean. De foarjiersfergadering moat wol trochgean. PB hat oant de foar-
jiersfergadering yn maart 2019 it foech. PB hat leden, it is in feriening en der
bin besittings. Dêrnei is der gjin PB mear.
Perspektyf Wergea sjocht harsels as ferbiner dy’t kommunisearje en oanjaaie
wol. Se sille jierliks 4 netwerk-byienkomsten organisearje om ôf te stimmen
wat der yn Wergea bart. De druk sil net op dizze froulju lizze mar op de ferant-
wurdlikens fan de ynwenners. Hoe no fierder? Gean foar leefber Wergea mar
dan op in oare manier yn Perspektyf Wergea. De 5 dames gean de plannen
fierder útwurkjen. Pleatslik Belang Wergea is fan maart 2019 net mear. It kin
net oars as dizze stap no nimme.
It is ferhipte dreech om dizze jûn op papier te fetsjen. We ha in talint fan Rinie
oanskouwe kinnen, sy hat ús mei glâns tegearre mei Teake troch de jûn hol-
pen. Ek bysûnder te realisearjen dat Wergea aanst gjin Pleatslik Belang mear
ha sil, mar miskien is dat ek net mear fan dizze tiid? De tiid sil it leare. Der bin
fansels minsken dy’t har boppemjittich foar PB ynset ha. Lit we de hoop
útsprekke dat Wergea him as Mienskip goed ûntjaan sil. It kin hast net oars
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook