De Havensbank: Jannewaris 2019 - page 1

Jannewaris 2019
Moai kleurke, no?
Train dyn brein
100 jier Kriich
Yn memoriam
Of fine jo it neat?
Nijs fan it café Muziek-
café wer werom
Takom jier wer oars
Sybren van der Vlugt yn memoriam
Op earste krystdei fan it ôfrûne jier krigen wy it drôvige berjocht dat
“Havensbankman fan it earste oere”, Sybren van der Vlugt op 86 jierrige leeftiid
ferstoarn is. Wergea en Grou ferlieze hjirmei in markante persoanlikheid, dy ’t fan
grutte betsjutting west hat foar beide doarpen en sels foar de hiele Fryske
mienskip. Mar as redaksjelid fan “De Havensbank” en bestjoerslid fan “De Bidler”,
behein ik my ta dizze twa.
Myn earste erfaring mei Van der Vlugt wie dat hy it haad fan de skoalle wie, net
myn katolike skoalle, mar fan de iepenbiere kant. Lokkigernôch stie der net in
grutte muorre tusken beide skoallen, al hie dat yn de tiden dat der snie lei wol
handich west foar ús roomsken, mar sadwaande hiene we somtiden ek Van der
Vlugt as tafersjochhâlder op it skoalplein yn it skoft. En ek as wedstrydlieder en
starter mei de skoalwedstriden reedriden op ‘e iisbaan fansels. It: “klear……
fuort”mei syn karakteristike stim, kin ik my noch goed foar de geast krije. Mar
hawar, trochdat hy hjir te uzes haad fan de J.H. Nieuwoldskoalle waard, krige
Wergea der in warber ynwenner by.
Ein jierren ’50 fan de foarige iuw, kaam it inisjatyf fan it Pleatslik Belang en it
bestjoer fan it Doarpshûs om in ferieningsblêd op te rjochtsjen, om’t de measte
ferienings (goed 50 yn dy tiid) harren leden en donateurs en somtiden alle
Wergeasters mei boekjes, flyers en sawathinne, op ‘e hichte hâlden oer harren
krewearjen. En wat soe it no moai wêze as der ienris yn de moanne in boekwurkje
op ‘e kokosmatte falle soe, mei it nijs fan alle ferienings, yn stee fan wit hoefolle
losse briefkes. Sadwaande waard der in redaksje gearstald dêr’t ek Sybren in sit
yn hie.
De earste edysjes wiene noch net sa dik, mar al gau waard it “Moanneblêd foar
Wergea, Eagum, Warstiens en Domwier” al mar dikker, om’t steeds mear ferie-
nings lid waarden. Hjoed-de-dei is it meitsjen fan in Havensbank, minder be-
wurklik troch de digitalisearring. Sybren fernijde my al ris, dat as yn dy tiid alle
kopij binnen wie, de letters telt wurde moasten om goed út te kommen. Om’t in
typmasine mar 1 lettertype hie en 1 lettergrutte, wist men krekt hoefolle se per
side kwyt koene. Want in pear rigels tefolle betsjutte dan dat der 4 siden ekstra by
kamen, wat it gehiel dan wer folle djoerder makke. En om dat foar te kommen
telden se de letters en as it nedich wie, dan waarden der guon stikken (fakentiids
it haadartikel fan de redaksje sels) ynkoarten.
Mar ek syn masterlike wize fan fertellen en it mei linige hân skriuwen, soargen
foar moaie stikken kopij. Goed 25 jier hat Sybren fan grutte betsjutting west foar
ús Havensbank as redaksjelid, mar ek dernei koene we noch op syn stipe rekken-
je.
Doe’t der by Pleatslik Belang ein jierren ‘70 berjocht kaam fan de gemeente Idaar-
deradiel, oer it gebou fan de Nederlânske-Herfoarme gemeente, dat syn funksje as
sadanich ferlern hie en yn ferfal rekke en dat der wat barre moast as Wergea dit
markante gebou en ien fan de “Twa Tuorren”, behâlde woe. De feiligens stie op it
spul, om’t de leien, by oanheljende wyn fan de toer los rekken en gefaarlik nei
ûnderen giselen. Wergea stie foar de kar, of sloop, of in wei fine om it wer feilich
te meitsjen en it fan de sloop te rêden. En Wergea soe Wergea net wêze dat men
keas foar opsje twa, mei ûnder oaren Sybren. Mei troch syn krewearjen is de
byldbepalende twadde toer fan de Wergeaster “skyline” behâlden bleaun en al gau
kaam it idee om der in multyfunksjoneel sintrum fan te meitsjen op it aljemint.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook