De Havensbank: Maart 2019 - page 15

Oade oan John de Mol
Jierrenlang haw ik der lêst fan hân. Net omdat dat ik
waarsiik bin, och heden nee, ik kin alle soarten fan
waar fysyk wol oan. As rassuvere Fries hâld ik els jier
wer myn azem yn as de earste nachten ûnder nul
oansteande binne. En krekt die perioade makket my
sa ûnseker, sa dwylsk, om yn waartematyk te praten,
sa ûnbestindich dat ik mei rjocht waarskou neamd
wurde kin. In freeslike kwaal.
It frjemde is, myn kwaal hat neat te krijen mei it waar
fan hjoed. Och heden nee. Dat kin ik oan, dat kin ik
risse. It is mear dat it waar fan moarn of sels it waar
fan de takomst my sa dwylsk makket. Nim no disse
winter. Yn oktober sei in ferneamd waarman fan de
Omrop Fryslân en SBS (ik neam gjin namme,) dat
kommende winter der ien wurde sil dy’t mei rjocht ien
fan de swierste winters fan altyd wurde sil. It soene
lange skoften fan -20 wurde. Sok nijs betsjut foar my
redens slypje, 7x per wike nei de Alvestêdenhal en
gjin alkohol oars net as beerenburg en… fetearm ite.
Dit koe net misse, it giet oan!!!!!!!
Sjoch, ik sil neat sizze oer de foarsizzings fan it jier
1997. Piet (ferdoarje, der ûntkomt my de namme)
foarspelde in swiere winter en dat waard it ek.
Gewoan rjocht foar de raap seid er wêr’t it op stie.
Mei as resultaat de 13
de
Alvestêdentocht. Wat in hiele
protte minsken net witte is dat Piet syn
waarfoarsizzingsbrevet yn 1996 helle hat. Troch it
folgjen fan in Teleac kursus. Foar de minsken dy’t net
witte wat Teleac ynhâldt, dit wie in edukative omrop.
Dus Piet hat it waarfoarsizzen leard troch op de
tillefyzje nei it waar te sjen. Hiel knap. D
oe’t se by it
haadstik Winter wiene, pagina 18 fan it Teleac
kursusboek, doe wie de winter fan 1997 oansteande.
De kursus sei dat
de kâns op kjeld it grutst wie yn de
perioade fan desimber oant maart. En as de wyn dan
út it easten komt troch earst ‘oer de noard’ te gean,
no dan koe it wol ris wat langer frieze wolle. En
patsboem, rekke, bullseye, Piet syn oneliner as
foarsizzing waard legindarysk en hy as waarman
derby. Want de ‘tocht der tochten’ gie troch.
Hjirnei is it swier misgien. It ferraste fansels eltsenien
dat Waarman Piet it fuort by it rjochte ein hie yn
1997. En dat sei men dan ek. ‘Goh Piet, wat in
ferrassing…….. wat goed fan dy, nee dat hiene we nea
tocht’. Dat eltsenien sa oer him te sprekken wie
omdat der doe sa ferrassend út ‘e hoeke kaam, no,
dat die him ferrekte goed. Te goed. Want alle 23
jierren dêrnei ferraste hy eltse kear wer. Folslein mei
it waar oan de haal. ....En altyd mar wer oer it waar
fan moarn……. ‘Oant Moarn’. Hoesa moarn…… Moarn
is de kofje gratis, moarn kin it wol oarloch wêze,
moarn is it iten bedoarn, moarn win ik miskien wol de
staatsloterij, moarn ha we miskien wol seks……..goh
dat soe wat wêze……Mar wat seit dat oer hjoed. Rien,
nada, hielendal neat…… niks……Hoesa oant moarn,
oare wike, dizze of kommende winter. Ik wol no, ik
wol no witte wêr’t ik oan ta bin, wat it waar
docht………Oan de Teleackursus fan moarn ha je dochs
ek neat?
Ik fertink Piet fan manipulaasje. Se sizze wol dat it
liket as boartet te duvel dermei. No Piet is de duvel, in
duvel dy’t it waar sa foarspelt dat it as in duvel út in
doaske altyd wer oars is. Piet soarget der gewoan foar
dat it reint, spielt, friest, waait, waarm of kâld is. Alles
fanút syn filosofy dat wannear’t je it altyd by it rjochte
ein ha, dat dat nea bysûnder is. En dus beswarret Piet
it waar as in tsjoender, en wurdt it krekt oars as der’t
je op rekkene ha. ‘Hoe ferras ik myn publyk’, Teleac
teletekst side 54?.... ‘
door het onvoorspelbare te
voorspellen en daarbij fors af te wijken van de
werkelijke uitkomst verhoog je de attractiewaarde en
kun je er stellig vanuit gaan dat de werkelijke
uitkomst als ‘zeer verrassend wordt ervaren’
“Oant
Moarn’.
Mar lokkich, John de Mol hat syn grutte mediaklauwen
om de kommersjele senders slein. Derby ha wy heard
dat Wiebe Wieling signaleerd is yn Amsterdam, yn it
Talpa gebou. Twa mannen mei de hannen op ien búk.
Sjoch, Wiebe Wieling wol net in foarsitter wêze dy nea
in Alvestêdentocht útskreaun hat. Dus dy koe neat
met it gebliksem en getsjoen fan Piet. No, en John de
Mol wol mei RTL 7 of Veronica of SBS alle rjochten fan
de útstjoering ha. In poerbêste set oan beide kanten.
Neat gjin foarsizzingen dy’t net útkomme en ferrasse.
Nee, it is fan no ôf dúdlik. Ik bin eindelik ferlost fan
myn kwaal. Yn 2020 ha we, nei 23 jier it gewauwel
fan Piet oanheard te hawwen, eindelik wer waar der’t
we op oan kinne. Ik foarsis jimme, helje de redens út
it fet, slypje de izers en train jimme it snot foar de
eagen. Want it sil heve en it giet oan. En tink derom,
net fet ite mar sa no en dan wol in beerenburgje.
Proast, op de sûnens fan John de Mol.
Hendrik Fridsma
“Zelf op Stap”
Het voorjaar komt naar je toe deze zomer, tijd om
weer naar buiten te gaan.
Er zijn diverse paden rondom Wergea om met de
fiets, al dan niet de E-Bike, en lopend weer opnieuw
te verkennen.
Bent u niet zo goed ter been en u heeft een indicatie
voor vervoer met een taxi, dan zijn er vele
mogelijkheden om er op uit te trekken.
Heeft u geen indicatie voor een taxi, dan is er ook nog
de Flexitax. Hiermee kunt u tegen een gereduceerd
tarief gebruik maken van deze dienst.
Informatie hierover staat op de nieuwe flyer van april
van Soos en Meer. Deze liggen o.a. in het Dorpshuis
en dokterspraktijk. In het blad van Thuisleven 2019-1
staat uitgebreide informatie.
Er is in Wergea ook een wandelgroep “WALK en
TALK”, onder leiding van Margriet Groenwold.
In de Havensbank van mei 2018 is hierover nog veel
meer te vinden.
Perspektyf, Mienskip, Zorg en Welzijn,
Albert de Boer
8
1...,5,6,7,8,9,10,11,12,13,14 16,17,18,19,20,21,22,23,24,25,...32
Powered by FlippingBook