De Havensbank: November 2019 - page 34

Neiskôging
De merkekommisje hat fan nature noch al hwat forrin
hawn en bistie meastentiids út jonge minsken.
Sadwaende soe men sizze dat itjinge sy út’e wei set
haw, noch al hwat forskille sil fan jier op jier. Foar in
part is dat miskien ek wol sa, mar in tal tradysjes ha
harren lange jierren handhaverje kinnen, bygelyks:
-
De kommisje hat hast altyd tsien leden hawn
(in pear jierren acht)
-
It frij draeijen fan’e bern yn’e draeimoune.
-
It balgoaijen op merkemoandei.
-
De oanklaeijing fan’e spultsjes: op'e faek
prachtige programma’s mei bûtenwênstige
omskriuwingen foar de spultsjes, sadat nimmen
wist hwat er dwaen moasto
-
it omtinken om’e prizen: sels yn minne tiden
waerd der soarge dat der gjin rommel to
biheljen wie.
-
De optocht moandeitomoarn fan’e kommisje
efter it korps oan
En sa sil der noch wol mear wéze. As men al ris yn dit
stik fan saken hwat oars woe, dan gong it meastal
mis. Men hat bisocht om fan’ e optocht in
kostumearde to meitsjen hwat mislearre, de Kriich hat
in kear forstek gean litten, hwat ek noch al opskuor
joech.
Dit hâldt net yn dat er gjin foroaring en fornijing is,
sjoch mar nei de sneontomiddei foar de jongere bern,
de "stoelendans”
foar de âldere bern
moandeitomoarns en de middei foar de âlderein. Dat
dit allegearre koe en kin komt fansels ek troch al it
jild hwat elts jier wer ophelle wurdt; traditioneel binne
de kommisjeleden ek masters yn it skoaijen. Nou
moat der ek wol hwat op it kleed komme, hwant in
draeimoune dy’
t yn 1958 noch foar fl. 225 to bisetten
wie, kostte dit jier al fl. 1200 om mar ien foarbyld to
neamen. Wol stiet dêr tsjinoer dat yn 1953 de flagge
foar fl. 10 op’e toer kaem en dit jier wer foar it selde
bidrach. Boppedat blykt dat er nea mei jild smiten is:
dizze feestdei waerd dan ek troch de dielnimmers sels
bitelle.
Men kin dus wol sizze dat al dy merkekommisjes elk
jier foar in protte fleur yn it doarp soarge hawwe. It is
dan ek to hoopjen, dat dit sa troch giet mei in selde
iepen each foar nije aktiviteiten, mar ek hjir wurdt it
hieltyd slimmer om geskikte jongelju to finen foar de
iepen plakken dy’t der elts jier wer binne.
G.K. en J.K.
19
1...,24,25,26,27,28,29,30,31,32,33 35,36,37,38,39,40
Powered by FlippingBook