Jûnsklok
Voedselbankaksje
Meitsje griis grien
Wijnen!
Lotterij
Wer lekker tennisje
Soe der komme?
4 febrewaris online
Moai kleurke?
Wergea Oerein
Hein Sterk yn memoriam
Op 22 desimber 2020 is âld Havensbankredaksjelid Hein Sterk ferstoarn. Hein
siet yn de redaksje fan maaie 1962 oant en mei april 1966. De yn 1934 yn Blije
berne Hein, kaam begjin ‘60er jierren fan de foarige iuw troch de leafde yn
Wergea en ferfarde wer troch wurk, tegearre mei syn grutte leafde yn 1966 nei
Mitselwier yn it noardeasten fan Fryslân. De Havensbank seach yn 1960 it
libbensljocht en ien fan de pioniers, te witten Jan Sinnema, ferfarde yn 1962
nei de stêd fan Ljouwert en sadwaande kaam der in sit frij yn de redaksje.
Om’t de doetiidske “verzuiling” ek in bytsje trochlibbe yn de redaksje en der
fansels in ôfspegeling fan de folsleine Wergeaster populaasje in sit ha moast,
waard der ynearsten socht nei in manspersoan fan Katolike
komôf.Lokkigernôch skreau Jan Sinnema, yn syn ôfskiedsstik, dat it wat him
oanbelange net om de “kleur” fan de nije kandidaat hoegde te gean, mar om
kwaliteit. Yn myn eagen in goed stribjen fan de Hear Sinnema.
En kwaliteit waard fûn yn Hein Sterk, in man mei in linige hân fan skriuwen en
dy’t ek perfoarst wist wêroer’t er it hie. It skriuwen wie him fansels net frjemd,
sjoen it feit, dat hy ek wurksum wie foar it Frysk Lânboublêd. As ik sa de
fjouwer jiergongen (1962 o/m 1966) trochrin, dan komme je der al rillegau
achter dat der yn elts gefal twa saken binne dy’t op syn boppemjittige
belangstelling rekkenje koene, te witten: sport en natoer. Fuortendaliks nei it
oantreden yn de redaksje komme we yn de Havensbank 2 stikken fan syn hân
tsjin, te witten in ferslach fan de “wielerronde”, dy’t yn dy jierren hjir elts jier
ferfytst waard. It wie in koart stik, mar it die beslist net ûnder foar in
sportferslach fan gerenomearde sportferslachjouwers yn de skriuwende lanlike
parse. In pear siden fierder fine we in stik oer it neisoargjen fan de
greidefûgels en dan benammen it foarfal dat de neisoarger yn de Grutte Mar in
skriezenêst hie, mei mar leafst 7 aaien. Ek wer tige behindich skreaun.
It barde yn Wergea
Hoewol 19 april al wer efkes efter ús leit wol dat net sizze dat der yn ús doarp
net mear oer aeijen en fûgels praet wurdt. Hwer’t men ek komt, by de
krinkjespuiers op ‘e brêge, oan ‘e stamtafel, it binne noch altiid de Ljippen en
Skriezen dy’t foar master opslane. En ien Skries wol yn ’t bysûnder. Dy hie yn
de Greate Mar syn tinten opslein, yn ’t lân fan Wybren Eijzinga. Dat is op
himsels noch neat bysûnders, mar wol dat der op in moai biskûle plakje sawn
aeijen deponearre hie. Dat wie mar efkes trije mear as hwert syn
soartgenoaten trochstrings ta yn steat binne. Dit alles barde yn de krite dêr’t
fûgelwachter Bartele Meijer it tafersjoch hie. Nou wie it net alhiel suvere kofje,
hwant neffens Bartele wie oan de kleur fan ‘e aeijen dúdlik to sjen dat der in
frjemde skries op ‘e matte west hie. Mar dêr hie Bartele se net minder leaf om.
Fol moed stiek er eltse joun wer op it nêst ôf, om to sjen oft der har al pykjes
oantsjinnen. Oant op in goeije joun… in aei fordwoun wie. Wezels? Hwa sil it
sizze. Letter is der noch in aei fuortrekke. De oare fiif foun Bartele op in joun
kâld en forlitten. Hy hat se doe mar stikken slein. Yn ien siet al in pyk mei hier
op ‘e hûd, dat wie gau útkomd. Jammer, mar ja as men dan ek it ûnderste út it
nêst helje wol?
H.S.
Neist dizze “lichte” proaza, kamen der ek stikmannich stikken mei mear
ynhâldlik karakter, bygelyks oer hoe moai de natoer rûnom yn Fryslân is, mar
dochs ek syn soargen útsprekkend oer hoe ’t de minske syn stimpel drukt op
dyselde natoer. Mar fral de pracht fan de natoer en dan benammen de fûgels
hiene syn grutte passy.
Jannewaris 2021