Jeften
Foar de wyn is elkenien in
hurdrider
€ 15,00: G.T.C. vd W.
€ 30,00: R. vd W.
Dizze liedt lâns de Blaue Tinte oer Tsienzerbuorren wêrnei’t wy tusken Raerd en Dearsum rjochts ôfslaan yn de
rjochting fan Easterwierrum. Healwei slaan wy wer rjochtsôf it Swettepaad op. Wy kinne wol sizze dat it
útdaagjende diel fan ’e weromreis hjir úteinset. De wyn fol yn ‘e bek groeie de stalaktiten ús sa stadich oan oan it
burd. De iene nei de oare oerkreet docht ús ûntfallen. Efkes fiele wy deselde foarm fan broederskip dy’t de 5
Alvestêderiders yn 1956 grif ek field hawwe moatten. Werom yn de realiteit sette wy troch oant wy oer de
Swetsebrêge stekke. Hjirre is it tiid foar in stikje bôle en in knoeperthurde toffee. De nedige koalhydraten dogge ús
goed en we ferfolgje ús tocht yn de rjochting fan Wytgaard. Wy hawwe de smaak te pakken en fine beskûl yn de
lijte fan de begroeiïng en de boerebedriuwen oan de Hegedyk. Yn Wytgaard bûgje wy ôf oer it binnentrochdykje
dat ús liedt rjochting Wurdum. Wy komme ta de konklúzje dat Wurdum der noch nea sa moai by lein hat en rinne
gau troch. De wyn wer plat foar de kop wurdt it praat justjes minder. It is kâld en gjinien fan ús doart ta te jaan
dat er syn nocht hat. Hawar, dit koarte ‘decrescendo’ stoppet gelyk wannear’t Wimer alhiel ûnferwachts in
tillefoantsje krijt fan Bauke Wijbrandi. Bauke sil ûngerêst wêze tinke wy efkes. Klaas syn tillefoan bliek net bestimd
tsjin de glûpend kâlde wyn en joech de geast. De ynhâld fan Bauke’s berjocht bliek fan in oare aard. At wy ek
nocht hienen oan in kop snert. Allinnich de gedachte al jage ús as Duracell-knyntsjes werom rjochting Wergea
dêr’t Marijke Wijbrandi de snert en skippersbitter klear stean hie. It genietsjen fan de rikjende snert oan de
keukentafel is miskien wol de meast ferbinende skeakel tusken de winters fan no en dy fan it ferline, dêr hat
klimaatferoaring gjin ynfloed op!
Efkes werom: Doe’t wy ienris de bern fan de Palmabrêge ôfslydzjen seagen, werkenden wy in protte werom út ús
eigen jeugd. Ik leau dat in protte minsken, hoe kâld at de winters ek wêze mochten, waarme herinneringen hawwe
oan winterdagen sa as dizze. Op redens, op ‘e slide, of gewoan op rinskuonnen. De winter lit Fryslân sjen op har
moaist en lit jo gau alle (pandemyske) ellinde ferjitte. Dan meie we dochs net eamelje oer it kâlde waar!
Ferrek, de auto wol net starte…
Rick Heida
Dizze 5 kamen tagelyk oer de finish (flnr):
Wimer Tomsz Kamsma,
Abel Johannesz Kooistra,
Ruurd Folkertsz Sinnema,
Klaas Baukesz Wijbrandi en
Rick Riekelesz Heida.
Dizze 5 kamen tagelyk oer de
finish (flnr):
Wimer Tomsz Kamsma,
Abel Johannesz Kooistra,
Ruurd Folkertsz Sinnema,
Klaas Baukesz Wijbrandi en
Rick Riekelesz Heida.
Losloopveld voor honden blijft zoals het is
In de Havensbank van november en december is een oproep gedaan aan
hondeneigenaren om te reageren op het initiatief om het losloopveld voor
honden te veranderen in een speelplek voor kinderen.
Van 9 hondeneigenaren hebben we een reactie ontvangen, waarvan de
meerderheid graag het veldje wil behouden zoals het nu is. Daarnaast
hebben ook enkele omwonenden aangegeven dat ze de situatie graag
willen behouden zoals deze nu is.
Naar aanleiding van deze reacties hebben we besloten om niet door te
gaan met dit initiatief.
In de toekomst zullen we misschien op zoek gaan naar een andere locatie.
Namens werkgroep speelplaats, Johannes Glashouwer
2