Hjir diel 2 út de rige "Jeugdsoos SZDRNZLL 50 jier". Yn de foarige Havensbank ha jimme lêze kinnen
oer de oprjochting, fan de hân fan mei-oprjochter Oenze Dijkstra. Dizze kear Rimmy Tijsma-Sinnema
oan it wurd oer de jierren '70 fan de foarige iuw yn SZDRNZLL. In protte lêsnocht tawinske.
De bus rijdt weer de bekende route
Szdrnzll hat in grutte rol spile yn myn libben. Mei elkoar prate, wille meitsje, muzyk lústerje en dûnsje, it koe net
op. Ik wie dan ek hiel bliid dat Frans Langhout my frege om yn it bestjoer te kommen. Achter de bar stean, leuke
dingen betinke, sels it opromjen en skjinmeitsjen hie syn sjarme.
Wat dy leuke dingen oanbelanget hiene wy it in stik nofliker as de jeugd fan no. Hast alles wie nij om te dwaan: in
dropping organisearje, barbecue op twadde krystdei, Sinteklaas fiere en fansels karnaval. We wiene ek oan it
blomskikken ûnder lieding fan Anne Wobbes, it gong noait te mâl. Ik leau net datst de jonge minsken fan no der
noch mei op de banken krigest.
Bier waard der allinne mar skonken as wy in live-band hienen, ien kear yn de 4 à 6 wiken hienen we dat festijn. Us
húsband wie Warehouse, mei sanger Guido Hereman (letter mar leafst fjouwer kear yn de finale fan de
Soundmixshow: de zingende badmeester) en allround muzikant John Eskes, spitigernôch net mear ûnder ús.
In adfertinsje yn de LC wie ûnderdiel fan ús PR. Yn dy tiid hie de “2 Gemeenten” yn Jirnsum altyd ûnder harren
advertinsje stean: “De bus rijdt weer de bekende route”, jim begripe it al, ek wy setten dat in kear (1972) ûnder
ús advertinsje, wylst der fansels gjin sprake wie fan in bus. We koenen de freedskrante hast net ôfwachtsje sa’n
wille hiene we om ús eigen grap, it gong nergens oer mar dat wie no ien kear sooshumor.
It hichtepunt fan it jier wie dochs wol de donateursjûn. De “âlde” minsken wiene jonger as ik no bin, mar sa
wurket dat no ienkear. Artysten wiene ûnder oaren: Sape en Stien de Boer, Jelmer en Jant de Groot, Himp
Meinderts, Jehannes en Jehannes de Boer, Jetze Bauk Koster, Jehannes Mulder, Wiebe Sinnema, Hindrik Langhout
en Sjoerd Tijsma. Harren oandiel bestie út Fryske ferskes en selsskreaune sketskes. Yn dit rychje komt men ek
achternammen tsjin fan minsken dy’t hjoed de dei ek wolris op in poadium te finen binne.
Wy as jongerein rekken sa yn de betsjoening fan dit alles dat we sels sa stadichoan in hieltyd grutter diel fan de
jûnen fulden, mei in foarm en ynhâld dy’t ús wat mear oanspruts, de ûnderwerpen mochten foaral net serieus
wêze. De hichtepunten wiene in nochal absurdistyske kwis en in ferlotting werby’t alle ferkochte lotten ien sifer
ferskilden fan de winnende lotten sadat ek de waskmasine dy’t Jan Meinderts beskikber steld hie, nei ôfrin gewoan
wer mei nei hûs gong. Frou Meinderts sei noch: “dat liket myn waskmasine wol” en dat wie ek sa.
It moaie wie dat jong en âld elkoar respektearden yn harren oandiel yn de jûn en ik doar wol te sizzen dat hjir al
de grûnslach lein is foar de lettere jubileummusical (1980), kabaretploech Titelroas en dernei de iepenloftspullen.
Myn belutsenheid by de soos is yn dy sin noch net oer want mei Jan Meinderts en Tom Kamsma foarmje wy it
“Freugdepotje” (gjin geef Frysk mar wol leuk). In pear kear per jier komme we op de gearkomste fan it bestjoer
en prate efkes oer it “reilen en zeilen” fan de jeugdsoos. Moai om der efkes te wêzen en wer te rûken hoe’t it
eartiids wie.
Soe dy bus dochs noch in kear ride, dan stap ik as earste yn.
Rimmy Tijsma-Sinnema
4