De Havensbank: Jannewaris 2022 - page 1

Smûk yn'e hùskeamer
Blombollen
Wergea 600
Lekker tennisje
Kryst mei de Kriich
Kessen op'e Havensbank
Noch ien kear Ferknipt
Lekker nei de film
Frico-reünie
Jannewaris 2022
It Strienzellhûs
Wat hiene wy in moai programma betocht foar ús aksje “it Strienzellhûs”. Yn de
wike tusken kryst en âld en nij, oanpast oan de doe jildende koroanamaatregels.
Mar spitich genôch troch de Lockdown mocht dit net troch gean. Fansels wie/is
dizze Lockdown folle slimmer foar alle ûndernimmers, dy’t harren saak slute
moasten, mar foar ús wie it spitich om it feestje rûnom “it Strienzellhûs” ôf te
lassen. De aksje “it Strienzellhûs” is ien fan de aksjes foar it projekt SZDRNZLL
keapet de soos. Dit dogge we foar de oankeap fan it gebou dêr’t no gebrûk fan
makke wurdt troch de soos.
Lokkich koene we op freed 31 desimber (Koroana proof) dochs noch wat dwaan.
Moarns ha wy ús Strienzellhûs” op it Reade plein delset. It gebou op tsjillen is
boud troch in fantastyske bouploech en sjocht der prachtich út. We ha gâns wat
kompliminten krigen foar it gebou. Der wiene al minsken dy’t it geboutsje
keapje wolle. Tidens dizze dei binne der ferskate minsken efkes nei it hûs ta
kommen en ha in donaasje dien fia in spesjaal dêrfoar makke brievebus.
Dêrnjonken binne we mei it jeugdsoosbestjoer, de Kulturele kommisje Wergea
mei live muzyk troch de buorren gien. Us gast muzikant Reinout Weima hat op
ferskate plakken yn it doarp in koart optreden jûn, der binnen flyers útdield en
der waard in prachtige SZDRNZLL mûtse ferkocht. Dat de mûtse wetterticht is,
is wol dúdlik. Want alle meiwurkers wiene dweil troch wiet, allinnich it hier wie
noch droech!
Underwilens kamen der in oantal minsken nei de Bidler om de opbringst fan
harren aksjes oan te bieden oan de jeugdsoos. In groepke froulju hie in aksje
mei “geurzakjes” op tou setten. Mei dizze aksje ha hja in prachtich bedrach
ophelle. In groepke âld jeugdsoosbestjoersleden hie ek in aksje betocht. Harren
aksje wie in speurtocht nei in munt en in stien, dy ferstoppe wiene yn it doarp.
Ek dizze aksje brocht in moai bedrach op. In groepke bern út Great Palma hat in
spontane flesse aksje dien en it bedrach dêrfan oanbean oan de jeugdsoos.
Ek in hiele protte ûndernimmers út Wergea en omjouwing ha moaie bedragen
oermakke nei de jeugdsoos. Op it boerd oan de Bidler stean de nammen fan de
ûndernimmers dy de jeugdsoos stypje.
Op dit momeit ha de aksjes foar it projekt SZDRNZLL keapet de soos al in
fantastysk bedrach ophelle fan sa’n € 40.000,00. We binnen fansels grutsk en
bliid mei dit moaie bedrach.
It evenemint “It Strienzellhûs” ha we ferpleatst nei it wykein fan 18, 19 en 20
maart. Wy nûgje jimme allegearre út om der mei ús in feestje fan te meitsjen.
Us tank giet út nei elkenien dy’t op hokker manier holpen hat om oan de €
40.000.00 te kommen.
Oant 18, 19 en 20 maart. Jimme hearre noch fan ús!
Ut namme fan jeugdsoos SZDRNZLL en de Kulturele Kommisje
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook