De Havensbank: Oktober 2022 - page 11

Buma op knibbels troch Eagum?!
1837-2022
Hjir yn it sintrum fan Fryslân en de wrâld,
50 jier nei de hoannestep
Brochten de mannen fan it 185 jierrige selskip Frisia Grins,
De hoanne nei de toer!
8 oktober 2022
Mannichien sil him ôffreegje: wêr slacht boppesteande tekst op? De measte lêzers sille witte dat Eagum
bekend stiet as it sintrum fan de wrâld. Minder bekend is dat Selskip Frisia fan Grins hjir jierren har
ontgroening hie.
Frisia is 8 oktober 1837 oprjochte en bestiet 185 jier. It is in selskip foar Fryske mannen dy’t yn Grins
studearje. (Hoe stiet it mei de sekse-diskriminaasje?) Elk jier krijt de nije lichting earstejiers tidens de
yntroduksjewiken in ontgroening yn Eagum by de toer. Dat makket dat op sneon 8 oktober 2022 Frisia opnij
delstruts yn Eagum. 185 jier Frisia betinke mei in treffen yn Eagum en de ûntbleating fan in tableau mei
boppesteande tekst oan de tsjerketoer.
Om sawat 14 oere kaam der in pream mei sa’n 25-30 meast wat âldere manlju yn Eagum oan. De betinking
wie op it tsjerkhof neist de toer. Under it genot fan in slokje waarden wat âlde Fryske ferskes songen. De
foaroanman fan Frisia naam doe it wurd en hat oer de rike skiednis fan Frisia ferteld. Dêrnei mocht
boargemaster Buma it wurd fiere en it tableau ûntbleate. Foar dizze dei wie Buma neffens Frisia boargemaster
fan Eagum en Ljouwert; yn dy folchoarder. Buma hat yn syn studintetiid by Frisia west en yn 1984 syn
ontgroening yn Eagum belibbe. Hy sil doe ek op knibbels troch Eagum kropen ha? Spitich genôch ha ik net de
kâns hân hjir mei Buma oer te praten.
Buorman Tseard kin smoute ferhalen fertelle oer de komst fan de studinten nei Eagum. Hy mocht dit op dizze
dei ek dwaan en fûn goed gehoor. Tiden ha tiden; sa giet it minder mâl mei de ontgroening as pakwei 30 jier
lyn doe’t wy hjir wenjen kamen. Doe kaam der elke hjerst in buske mei studinten dy’t mei in knap slokje op
oer it tsjerkhôf en op knibbels troch it heakkelguod werom nei it buske kropen. Miskien komt it foar
omstanners wat heftich oer mar der hat letterlik en figuerlik noait gjin rotsoai west.
Jim kinne fansels it âlde tegeltsje fan Frisia én it nije tableau oan de toer besjen yn Eagum.
Franciske de Vries
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...40
Powered by FlippingBook