Op woansdei 5 augustus is ús doarpsgenoate Nynke de Groot ôfset foar in flinke
kuiertocht hielendal nei Santiago de Compostella yn Spanje. It is de bedoeling dat sy
heal desimber oankomt yn dit Spaanske bedevaartsoord. Yn de kommende
Havensbanken kinne jo folgje hoe it mei har aventoer giet!
De earste dagen
It ôfskied fan freonen en familie foel dreech mar it wie wol moai.
Ik waard waarm ûnthelle yn de pelgrimsherberch yn Vessem. De folgjende dei moast
ik nei de stilte keamer en waard ik seinige troch broeder Fons. Dit wie hiel bysûnder.
Ik bin doe nei Postel rûn, dêr koe ik sliepe yn de abdij.
No tige bysûnder! Ik stie wat skruten by de grutte foardoar. Mar ja, kin der wol stean
bliuwe mar dat jout ek gjin donder. Dus skilje! Oan de oare kant docht in wat snústrich útsjende pater yn in
lange wite jurk, de doar súntsjes iepen. "Gij seit pelgrim? No, dat like my wol dúdlik. Jo geane sa net nei it wurk
no!
Mar it mantsje wie hartstikke aardich en wiisde my de keamer. Wat in yndrukwekkend gebou. O ja, sei de man,
ik moast jûn om 18.00 oere wol ferplicht de tsjinst bywenje en dêrnei mei ús allen ite.
Dy tsjinst gong wol. Mar dat iten! De tafel wie dekt dus ik gong mar sitten. Hiel súntsjes waard ik op de rêch
tikke en der waard my freonlik fersocht om efter de stoel stean te gean mei de hannen vouwt.
Jawis.....oei.. De kleuren fleine my op en del.
De pater sei wat en eltsenien die mei, behalve ik. It wie wat oer zondaars en fertrouwen ofsa. Dêrnei koene we
ite. No ik hie wol sin yn wat, dat nei 10 minuten wie ik wol klear.
Ik krige net de yndruk dat it hjir de gewoante wie om by tafel wei te rinnen om op de bank del te ploffen. Dat ik
ha der noch 20 minuten sitten. Ik fielde my as in ysbear yn de jungle!
Einliks gong de pater stean (wy ek fansels). Pfff....ik wie sa bliid dat ik wer bûten stie. De folgjende dei oan it
moarnsiten gong it better. Ik krige de segen fan God mei!
De dei dêrop wie freselik! Waarm, gjin iten en geastelik stikken. Doe ha ik kontakt hân mei it thúsfront. Pffff...De
ûnwennichens en it allinne wêzen falt net altiid ta. Gong hjoed better. Ha helaas in dikke skienbonke. Ofwachtsje!
België
Bin in pear dagen mei Alex (61, journalist, Belg) oprûn. Hy rint itselde paad nei Santiago. We hiene sliepplak fûn
yn Tienen. Amai. ....wat in bende! Doe't de doar iepen gong, kaam der in lucht wei! De merketinte op moandei
wie der neat by. It rûkte nei kattestront. It jonkje dat iepen die wie hiel aardich, al koest troch alle piercingen de
eagen net rjocht sjen. We waarden meinaam yn in keamerke en moasten wachtsje. Ik hie de noas ticht omdat ik
bang wie dat ik oars kokhalsje moast fan de stank. Ek Alex hie it dreech. Ik rûn om de tafel hinne om in skilderij
wat better te besjen. Hie ik better net dwaan kennen want myn iene skoech stie midden yn de kattestront!
It jonkje kaam wer en frege of we moarn ek ontbijt ha woene. Ik frege yn hokker keamer dat serveard waard. No
gewoan yn dizze sei hy. Doe ha we mar sein dat it net hoechde.
Hy liet ús de wc sjen. Och, leave God! Dy wie noch smoarger dan it húske fan de nachttrein yn Thailân!
De douche wie net better. Alex woe net douche mar ik bin der al ûnder stapt. Ach, dat wetter hie noch gjin ien
mei de hannen oan sitten. It koste neat dus net seure. Doe noch in dei mei Alex rûn. Dêrnei wer allinich. Ha yn
de abdij sliept fan Leffe. Sa as de namme docht vermoeden sille se dêr fêst wol in lekker bierke ha. Mis!
Jammer.
Ik koe der sliepe yn in apart gebou. Dat wie hiel grut en âld mei allegear keamers. Yn ien dêrfan stiene allegear
bêden. In douche wie der net. Wol in wasbak. De pater frege my as ik ek nei de tsjinst gong fan 18.00 oere. Ik
sei dat dat gjin nut hie want ik ferstie dochs gjin Frânsk. Makke neat sei de man. De taal fan God is leafde. Jawis!
Dus hinne...
De nacht wie ik wat eangstich. Der lei ik hielendal allinich. ..fûn it mar neat. Om 3.30 oere skrok ik wekker. Ik
wie der wis fan dat der ien wie. Ik siet rjocht op yn bêd en hie myn bûsmes út de tas helle. Wie der klear foar. De
hertslag soesde my yn de earen. Nei 10 minuten wie ik der wol wis fan dat it mar hersenspinsels wiene.
Hjoed soe ik mar 8 km rinne y.f.m. de blieren. Jammergenôch wêr ik tocht dat ik sliepe koe, gong net troch. Wat
in teloarstelling. Myn skonken dogge sa sear! As wie it noch net genôch… ek noch ferdwaald! Bin hielendal útput
yn de berm sitten gongen. De ûnwennigens, de pine....it waard my wat tefolle en de triennen glieden my oer de
wangen. It seach der fêst nuver út want in kreas madammeke stoppe en hat my in lift joen nei it folgjende plak.
Dêr bin ik no. Ha noch gjin sliepplak….