De Havensbank: Juny - july 2016 - page 3

It begjin wie al oerweldigjend, suver wat melodramatysk mei yndringende musyk. De trije mannen
ûntsnapten en kamen ûnderweis allegearre frjemde figueren tsjin wêrfan de gebroeders Mud sawat de meast
frjemde figueren delsetten. Ek de moeting en aventoeren mei gitarist Tommy Johnson, delsetten troch Klaas
Wybrandi, wie prachtich. Yn myn eagen hie ek Sylvana har hjir net oan steurd. Uteinlik dienen der net iens
sa’n hiel soad spilers mei, mar sy moasten wol hiel faak ferklaaie. Ik ha neifrege wa him of har it faakst
ferklaaid hie en it antwurd wie ús aller Mathijs Mud, tolve kear. Djip respect ha ik krigen foar de minsken efter
de skermen, dêr moat it in alderferskuorrend senuwsintrum west ha, mei al die ferklaaipartijen ûnder
tiidsdruk! Hoewol ik wist dat it stik eindigje soe mei in soart fan sûndfloed, kaam dit my dochs wat oer it môt.
Ik hie noch lang net myn nocht en it stik hie om my noch wol in tredde bedriuw ha mochten, mei noch mear
musyk en miskien noch in ferske troch dy iene mannestim. In grutter kompliment kin ik net jaan.
Tsja, en dan de neisit. Ek dy wie fantastysk. Foar dat je it witte wie it fjouwer oere en tiid om nei bêd te gean!
Tút, Emiel
In bytsje gek
Je moatte dochs wol in bytsje gek wêze om…
…yn lêskommisje “the rose” te sitten en ta de nacht út films te sjen, want stel dat der in iepenloftspul yn sit
…as regisseur “O brother” oer te setten ta in iepenloftspul en it dan ek noch te regissearjen
…as deels nije kommisje dit projekt oan te gean en dan de suvering fan ‘e Frico as lokaasje út te sykjen
…út de kommisje te gean en dan werom te kommen yn ‘e organisaasje
…foar dit projekt en dizze lokaasje de subsidies en fergunnings rûn te krijen
…foar dizze lokaasje dekôr en foarmjouwing te betinken
Je moatte dochs wol in bytsje gek wêze om…
…yn de kleanploech te stappen en dan fanôf hjerst 2015 mear as 100 kostúms te betinken en te meitsjen, en
it dan ek noch klear krije dat elkenien goed ta syn rjocht komt yn syn rol
…yn de bou/lokaasjeploech te gean om dan fanôf maart net in sneon mear thús te wêzen, en
úteinlik it bêd hast op ‘e suvering sette te kinnen, want neist it dekôr wurdt der ek noch even in
Romneyloads yn al syn hear en fear delsetten
…yn de projektploech te sitten en de meast hast ûnmogelike technyske útdagingen oan te gean
…special effects en brânende objekten út te tinken dy ’t ek noch in bytsje feilich binne, sadat net it
dekôr en oare syntetyske materialen nei ien foarstelling yn ‘e hens gean
…foar dit stik alle rekwisiten te meitsjen of út alle hoeken en hernen fan Fryslân op te skarreljen
…mei te dwaan yn de 15 koppige top-liveband en spylje te meien yn it meast lúkse bandhok ea, en
wat in útsicht… (jammer dat der in tribune foarstiet)
…om as tonielmaster fan hot nei her te draven, auto ’s te triuwen en troch de drek te baggerjen
Je moatte dochs wol in bytsje gek wêze om…
…te spyljen yn De Suvering, je “tig” kear ferklaaie te moatten, ôfbeuld wurde as gefangene, je dope
litte en ek noch mei dwaan moatte yn bepaalde sekte-achtige dûnsen wêr ’t je “kippe”fel fan krije
…dizze spilers yn de smink (lês drek) te setten, en mei hierwurk en prúken der in geloofweardich
gehiel fan te meitsjen
…yn de technykploech te stappen en dit hele stik yn it lûd en ljocht te setten
…je dwaande te hâlden mei de PR om De Suvering yn de publiciteit te bringen
…de kaartferkeap te fersoargjen, omdat je wolle dat der ek noch in pear tûzen minsken nei De
Suvering komme te sjen
…foar dat selde publyk it parkearen, de feilichheid en de BHV te regeljen
…iten en drinken te fersoargjen foar alle meiwurkers tidens de bou en it rippetearen
…de catering te organisearjen foar it publyk mei VIP arranzjeminten en al
Gelokkich binne wy yn Wergea mei syn allen in bytsje gek, oars wie De Suvering net wurden wat ie no wurden
is, in pracht fan in foarstelling op de meast unike lokaasje fan Wergea, ja watte… fan Fryslân!
Ypie Kerkstra-Pijl
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook