De Havensbank: Desimber 2019 - page 1

Desimber 2019
Alwer in jier om
Moai Wark útferkocht
Le matinee d'hiver
Weake prommen mei
bôle
Iepen podium
Ferknipt
VV Warga
Knobbelje op'e langste
dei
Nifelje
Bûten fitnesse I
epening Trije Hikken
Havensbank op nei 2020
Fan de oare kant fan de mar
Kinst it in haat-leafde ferhâlding neamme dy’t ik mei “de Mar” ha. Alle kearen
wer troch de Mar. De fammen nei skoalle bringe troch de Mar, fytse troch de
Mar nei freonen, it kafee, it sportfjild, de Havensbankgearkomsten en gean mar
troch. Der bin moaie ritsjes by dat it genietsjen is troch de mar, de natoer is
ommers prachtich en de seizoenen bin ôf te lêzen oan de mar. Der bin foaral
mei de merke oansketten fytsritten by dy’t meitsje dat de reis omtrint 2 kear sa
lang is. Hurde wyn, glêd en drek op de dyk troch de mar ritten en gean mar
troch. Soms is it lange streekrjochte ein moai, mar ek wolris dat ik tink fan jas-
ses: wer de Mar troch... Dan wol ik wol ferhúzje nei de oare kant fan de mar.
Mar dan sjoch ik de Palma-brêge ûntelber faak omheech stean en is de rûte
troch de mar lekker flot want net wachtsje op de brêge.
Ús pake Hindrik skreau yn 1982 syn boek “oan de kant fan de mar”. In libbene
werjefte fan in oarlochsferhaal 40-45.Oer it herbergjen fan Joaden, it ferset en
in boeresoan dy’t de pleats net oernimt mar kiest foar de leafde fan syn libben.
Jim begripe dat ek yn dat boek in mar (Marswâl, in efterôfgebiet yn Fryslân) in
grutte rol spile. Sa werhellet de skiednis him.
2019 hat in pear kear in hiel oar ljocht op de Mar smiten. De Kriich hat keazen
foar dizze kant fan de Mar om in slagge simmerjûnkonsert te organisearjen. En
dan, we sprekke al aardich twadde helt simmer, komt der aksje yn de Mar. It
iepenloftspul nimt de Mar oer. Dit klinkt suver as oarloch mar no is it yn positive
sin. Wêr’t eins nimmen, útsein de ILS kommisje, it goede oersjoch hat wurde
der ferskate spyllokaasjes yn, om en nei de Mar ta boud. Op de spilersjûnen wie
it drok yn de Mar, race om op tiid op lokaasje te wêzen, dit joech prachtige byl-
den. Oan de oare kant fan de Mar, yn Eagum, wurdt in libbensechte tsjerke mei
it skip deroan delset troch de bouploech. Elke ILS-jûn kaam de brân deryn, en
stie it tsjerkeskip wer yn it fjoer. Prachtich om dit by ús wei te sjen. It ropt de
fraach op oft der gjin Gouden Gurbe is foar de moaiste entoeraazje? Op in stuit
fielde it foar my krekt as dat ik Tusken de Twa Tuorren wenne. Doe fielde ik my
hast in “echte” Wergeaster”. Mar ja, wannear bist in echte Wergeaster? Ast op
de Frico wurke hast? Yn de jeugdsoos dyn beste stappersjierren trochbrocht
hast? Yn Wergea op skoalle sitten hast? Berne en dyn jonge jierren yn Wergea
trochbrocht hast? Omtrint dyn hiele famylje yn Wergea hikke en tein is? Nei
myn idee is dit net de belangrykste fraach, we bin allegear “mensen”. Al slacht
dizze gedachte no en dan folslein troch. Miskien is it Frysk syn tiid wol foarút, it
Frysk sprekt faak fan minsken. “Beste minsken”moai dat jim der jûn binne klinkt
yn it Frysk folle moaier en eigener as “Goedenavond beste mensen”.
It is yn it libben dus sa: it is mar krekt mei welke bril ast sjen wolst en kinst.
2019 in jier mei de “gewoane” dingen foar Wergea, Warstiens en Eagum, alles
giet troch sa as it giet. De merke hat wer west, Perspektyf kriget de fuotten ûn-
der it gat, de mannen fan it kafee, de jeugdsoos, it sporten, it Doarpshûs, de
Bidler, de Fabryk, de skoalle, de muzyk en de ûndernimmers en bewenners ha
har eigen programma en buorkje moai troch. De grutte fraach bliuwt hoe’t de
boeren fierder buorkje? Hjoed op de lêste dei fan it jier is it goed om dyn eigen
jier nochris te belibjen en kleur te jaan.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook