De Havensbank: Maart 2018 - page 1

Maart 2018
Toanielferiening Halbersma mei ‘Slippers’
Leave Mathijs,
Wat wie it wer in drok wykein, net Mathijs? 4 jierdeis, in dartwedstriid en dan
ek noch nei Halbertsma. Dat wurdt keuzes meitsjen. Foar my foel de dartwed-
striid ôf. Yn stee fan darten bin ik sneon 3, eins 4, jierdeis ôfrûn en ik ha eins
best wol in pracht jûn hân. Do wiest te darten tink, Mathijs? Ik bin dy op net
ien jierdei tsjin kommen. Hast noch in priis wûn mei it darten? Der wie aardich
dielname hie ik meikrigen. Mar ja, sa belânen wy dus op freed by Halbertsma.
Ik wie op stap mei 5 froulju, dus oan it selskip koe it net lizze. It publyk
oereagjend foel it my op dat ik mei myn 51 jier noch by de jongste helte fan it
publyk hearde. De
freeds is dus de jûn dêr’t de âldere Wergeaster op ôf komt.
It stik wat Halbertsma spile is skreaun in 1965 en wie dus ek al âlder as ik. It
toaniel wie ek al yn de styl fan eartiids, de bouploech hat grif it orizjinele toani-
el fan it stik op de kop tikje kinnen. Dat autentike moat dy seker oansprutsen
ha, Mathijs, do as oertsjûge nostalgikus. De muzyk fan Tres Chic paste der ek
moai by. Frans van der Borg spile wer automatysk goed en Arnold wie goed by
stim.
Ik fûn it stik wol fermaaklik en ik ha ek in protte lake. It wie yn al syn ienfâld
in hiel ferskil mei it spektakel fan foarich jier. De 4 spilers ha it stik neffens my
moai del setten, of net Mathijs? Ik ha ek sa lake om dy iene opmerking: Ast
rêstich oan dwaan wolst, meist wol opsjitte.
Egon
Leave Egon,
Ik sil opsjitte mei dit stikje, want dan kin ik ek wer wat rêstich oan dwaan. Nei
it grutte spektakel fan ferline jier, wie dit yndie wer wat smûker, mar dêrom
net minder leuk fansels. De 4 spilers spilen net swak by yndie en foaral de
“youngsters” diene net ûnder foar de 2 rûtiniers. It dekôr wie strak en nij-
moadrich, mar dochs misstie it net yn dizze tiid, mar fansels ek net yn de jier-
ren ’60 fan de foarige iuw. Kinne we it kwalifisearje as retronostalgysk Egon?
It wie op dizze skoandere freedtejûn yndie de justjes ripere taskôger dy’t it
paad nei de Bidler fûn hie, mar dat kinne we fansels wol in tradysje neame, om
’t it al jierren wenst is dat de jongere toanielleafhawwer fakentiids op sneonte-
jûn it produkt fan de repetysjes fan Halbertsma oanskôget, folge troch in nofli-
ke neisit, mei muzyk, sjongen en dûns en in glês kâld drinken ûnder hânberik.
Mar ik wie yndie te pylkjegoaien op sneon en net alhiel ûnfertsjinstlik mei ik wol
sizze. Mar op dizze ynformaasje sit nei alle gedachten net ien te wachtsjen.
Wêr’t we al op wachtsje, binne de ienakters fan de jeugd op 6 en 7 april.
Fan wat ik begrepen ha, is der wer in protte jeugd dwaande en hoecht Hal-
bertsma net yn noed te sitten oer in gebrek oan spilers de kommende jier-
ren. Giest dêr ek hinne Egon, of moast noch op ‘e jierdei?
Mathijs
In oar perspektief op
Wergea
De Vikingen komme
wer?
Wendy is de maestro
Binne der al prommen
€5,00 per boat
Winterwille yn maart
Denktank
Einliks oerol berik?
De fruitboomgaard
Kulinaire kuier
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook