De Havensbank: Maart 2018 - page 7

Biologisch
tuinieren?
Volkstuinvereniging Túnwille
heeft enige kavels vrij.
Heeft u belangstelling, dan
kunt u contact opnemen met:
Jan Minkes (255 25 24)
Ab Strampel (255 21 07)
of Sjoerd Visser (255 14 93)
Ferhúsberjocht
Doarpsgenoaten,
No't benammen ús rinnen minder
wurdt, ha we it beslút nommen om
te ferhúzjen.
We ha mei nocht op ien fan de
moaiste plakjes fan Wergea wenne.
Fansels sille we dit plak tige misse
en ek it libbene doarp Wergea mei
syn mienskip wêr ‘t wy sa lang en
graach diel fan út meitsje mochten.
No't we 90 en 87 jier binne, tinke en
hoopje we, dat dit in goed beslút is.
Us nije adres is, mei yngong fan
1 april (gjin 1 april grap!):
“Erasmus”
Dr. J. Botkeweg 190,
8935 AD te Leeuwarden.
Us
tillefoannûmer
bliuwt itselde
(058) 255 14 97.
By dizze sizze we al ús
lidmaatskippen op.
Tsjerk en Antsje
Stichting Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
Winterjûn 2018
Op woansdeitejûn 14 maart
hâlde de Wurkgroep har jierlikse
winterjûn yn Us Doarpshûs. Foarsitter Jan Meinderts iepene de
jûn mei in wolkom oan in goedbesette seal, sa’n 90 minsken. In
bysûnder wolkom wie der foar ús âld-foarsitter Sybren van der
Vlugt. Him wie frege oft hy noch ris de lêzing dwaan woe oer
skel- en bynammen. Dat hie er ek al ris dien yn 2006 en dat
wie der doe sa goed ynfallen dat de wurkgroep him frege om
dat noch ris te dwaan, ek al om't wy syn ferhaal fêstlizze woene
om it sa foar letter tiden bewarje te kinnen. Sjors Vogelzang
hat dy registraasje op ‘e noed nommen.
Yn twa kear trije kertier naam Sybren van der Vlugt ús mei op
syn paad by tal fan minsken del dy’t fan dy bynammen hiene,
nei it skoft benammen de Wergeasters. Mar ek hie hy it oer de
rare snaken sa’t dy troch guon skriuwers beskreaun wiene, ek
oer Sietse en Maaike sa’t dy destiids tegearre yn de Alde
Feanen wennen. Ienfâldige minsken, fertelde Sybren, mar rare
snaken?
Op hilaryske wize waard it dwaan en litten fan Kobus Sinnema
(Kobus en Tsjitske) oanhelle en kamen keppels minsken oer de
tafel dy’t har bynamme te tankjen hiene oan in lichemsdiel, in
kleur, in eigenskip. Mar, sei Sybren mei klam, soks wurdt pas
nijsgjirrich as men wit wa’t dy bynamme hie en hoe’t dy
persoan oan dy bynamme kommen wie. By de wurkgroep leit in
dokumint mei sa’n 250 minsken mei harren bynammen en
wêr‘t wy fan sa’n 150 witte, hoe’t se oan dy bynamme kommen
binne (útsocht mei help fan Toes Walstra, Thomas Sinnema,
Rein Koster en Jaap Sytema).
Sybren besleat syn lêzing mei in gedicht oer wol 40 Jannen dy’t
sa om 1975 hinne yn Wergea wennen en faak yn it doarp by
harren bynamme neamd waarden. (bgl. Jan Tank, Jan OBAS,
Jan Patat, Jan Kwast, Jan BH = Jan BoereHulp). Dat gedicht
waard destiids as in poppekaststikje opfierd op in
foardrachtkriich fan de J.H.Nieuwoldskoalle op ‘e boppeseal fan
it kafee fan doe Koos Homans.
Nei in grut applaus foar syn lêzing, echt in prestaasje fan
formaat op dizze leeftiid (85), waard Sybren troch de foarsitter
betanke mei in Wergeaster pakketsje. Wurch mar dochs tige
foldien waard er dêrnei al frij gau wer nei Grou riden.
It wie in prachtige jûn dêr’t de oanwêzigen grif mei in bulte
nocht oan weromtinke sille.
Ut namme fan de Wurkgroep WAWN,
Rinze Visser, skriuwer
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...32
Powered by FlippingBook