De Maestro fan Wergea
“It korps is foar dy”
It is wike 11, de wike fan 12 maart. Hjir en dêr
komme Facebookberjochten foarby. De Kriich is
aktyf,en ik sjoch ek oare berjochten op FB. De
boargemaster fan Warstiens, Piet Gerbens, hat yn ’t
foar al fans. Guon Warstiensers foarsizze dat hy de
earetitel yn de wacht slepe sil. Mar foar dizze man is ’t
net in thúswedstriid….. Theo Smedes en Wendy
Alberts-Jorritsma ha ferline jier om dizze tiid skittere
mei “Ik ha in dream”. Theo is wend de lieding te
nimmen mar as him dat jûn ek slachje sil? Wendy hat
de Wergeasters de lêste jierren al mannich kear
ferrast mei har flair. Sas Kingma woe fuort meidwaan
oan dizze kompetysje doe’t it bekend waard. Hy spilet
alwer 8 jier mei yn fanfare de Kriich, mar kin hy syn
korpsmaten ek dirigearje?
No is de Kriich my eins folslein ûnbekend. Ik ha yn
tsjinstelling ta myn twillingbroer totaal gjin muzikale
genen yn myn DNA meikrigen en ynteressearje my
net it measte yn muzyk. Mar ja, doe’t de fraach wa
docht in stikje oer de ”Maestro fan de Kriich” yn de
redaksje foarby kaam like my dit dochs wol moai ta.
No is it sneontemiddei. Fannemoarn trof ik Kriich
foarsitter Hans Scholtanus by de bakker. Hy begjint
deroer hoe fanatyk oft boppesteand kwartet oan ’t
oefenjen west hat en dat de Kriich der sin yn hat. Der
komme jeugdleden spyljen, dan de grutte “Maestro-
striid” en dan noch muzyk mei Tjarda har band BUD.
Dit entûsjasme makket dat ik mei nocht nei de Bidler
sil. Dejinge dy’t jûn de striid winne sil en him of har
Maestro neame mei fertsjinnet sa as de namme it seit
grut respekt. Wikipedia seit hjiroer: Maestro: als
aanspreekvorm getuigt het woord van groot respect;
een respectvolle titel. Maestro wurdt eins allinne mar
brûkt yn de manlike foarm. Soe Wendy no al
útskeakele wêze?
19.45 stap ik de Bidler binnen. It is lekker drok, der
bin moai wat minsken. De earste yndruk is dat der
foaral âlderein is mar dat is net sa. Eins alle leeftiden
bin fertsjintwurdige. It poadium stiet fol mei
alderhande muzykattributen. Yn dizze sin giet der jûn
in wrâld foar my iepen. De fliberspetters wurde no en
dan út de ynstruminten skodde, der wurdt op
omkloppe sa as ik it hynder in klopke op de nekke
jou. Om 20 oere iepent Janke Alie Klaver de jûn. Se
nimt ús de hiele jûn op in frisse iepen wize mei yn de
muzyk. Fertelt oer de stikken dy’t spile wurde en
dirigearret de maestro’s en de sjuery. “It korps is foar
dy!”.
Haadspilers dizze jûn bin fansels de spilers fan de
Kriich mei harren fêste maestro Michiel Sybesma. De
Kriich bringt mei stipe fan in tal gastspilers mannich
stik foar it ljocht. Foar de spilers is it de hiele jûn
kopke derby om de maestro’s te folchjen. Earst spylje
6 jeugdleden 6 stikken. De gong sit der fuort yn. De
postuerkes fan de jeugdleden reitsje in bytsje wei
efter de muzykstanders. Gelokkich hearre we se goed.
Michiel Sybesma de dirigint docht foar hoe as it
moat.We kin sjen dat dirigearre in fak apart is. De
hannen, de blik en it stokje moat it korps oanstjoere.
It knikje nei de korpsleden as in stik klear is en de
bûging as dank nei it publyk. Hjir sprekt in bepaalde
dissipline út. De siden fan de muzykstikken moat
omslein wurde. By de maestro’s ha ik dizze jûn nea
ien in side omslaan sjoen. Wierskynlik koene se har
stikken sa goed dat de muzyk op papier net nedich
wie? De oankommende maestro’s stean en sitte
senuweftich yn de seal as spylje. Mocht aanst de
trommel roffelje tidens in stik fan de maestro’s dan is
it ho en moat it korps en de dirigint opnij begjinne.
Safier is it net kaam.
Theo Smedes mei de spits ôfbite. Dit is hiel oare
business foar dizze man, in soepele rjochterhân en in
strakke kont is wat we sjogge. De korpsleden bin yn
opperste konsintraasje. Wendy Alberts folget, hie se
by binnenkomst noch “gewoane” klean oan, se hat no
in knalrôs slipjaske oan. Wendy dirigearret mei hert
en siel. Piet Gerbens stapt wat krebintich it trepke nei
de bok op mar wat we dêrnei sjogge is dat hy fol fjoer
it korps oanstjoert. It moaie fan syn optreden is dat
hy ek de minsken yn de seal meikriget. Sas Kingma
ferlit syn plak yn it korps no en giet derfoar stean. Hy
sjocht it dirigearjen meast fan de oare kant en
ûnderfynt no dat it ferhipte moeilik is oan te jaan wa
as wat dwaan moat. Dochs slacht hy him der ek goed
trochhinne.
De sjuery fan dizze jûn: Aaltsje Meinderts, Michiel
Sybesma en Johan Hager sitte op de kreake en ha fan
dizze posysje út goed sicht op de maestro’s. It
positive kommentaar dat se jouwe wurdt ûnderboud
mei sifers foar de optredens en sa kin oan de ein fan
de jûn de echte maestro bekend makke wurde. Efter
it korps hinget in grut skerm sadat we as publyk de
maestro’s ek fan de foarkant yn ’t each ha.
Nei de pauze komt de 2
e
ronde.
De maestro’s ha har beide stikken sels útsykje mocht
út it repertoire fan de Kriich. Ja de binnenkomst fan
Wendy is in prachtich momint fan herkenning, se
komt op yn har blauwe ABBA-pak en op sulveren
hege hakken wat we kenne fan Ik ha in dream. Mei
Dancing Queen hat se sa te sjen de tiid fan har libben
hjir yn de Bidler. Theo giet it de twadde kear mei it
Aïda/Can-can ek in stik nofliker ôf. Piet kriget opnij de
seal mei mei it Slavenkoor, en dat de hiele seal swingt
sa as de sjuery it neamt is in grut komplimint. Foar ús
is goed te sjen hoe as soan Dries en heit Piet each yn
each stean. Dries besiket wakker heit oan te jaan dat
de muzyk stopje moat. It kommentaar fan de âldste
dielnimmer is: “dit belibje jo nea wer!”. Sas slút de
jûn mei flair ôf mei Eternal Flame. It is te sjen dat de
maestro’s de twadde kear mei mear lef foar it korps
stean. Uteinlik is dizze striid krekt-en-gelyk as de
Olympyske Spelen, it bin moment-opnames.
De sjuery kin dan bekend meitsje dat de earste
MAESTRO fan de Kriich Wendy Alberts wurden is! De
Kriich en alle frijwilligers dy’t holpen ha om dizze
sneontejûn yn in nij jaske te stekken kinne
weromsjen op in slagge jûn. De nije opset pakte
prachtich út.
Chapeau foar de Kriich en Chapeau foar de maestro’s
dy’t it oandoarden hjir te stean.
Franciske
7