De Havensbank: Juny/July 2019 - page 3

Jeften
Sa wurde wy wol út ‘e prommen holpen
€ 19,00: J.M.
Tredde priis : Elts Sines - Fam. en freonen Catharinus Wybrandi
Twadde priis: Marfisk - Fam. en freonen Jan de Haan
Earste priis: Holmes – Wy sette folchjend jier de tocht mei nocht en wille út, Folkert en Coba, Appie en Anky, Sieb
en Ypie
De útsetters, de winners en SP.....
BEDANKT Andries, Bibia, Sjoukje, Bastiaan, Christiaan, Fardau, Hilde, Jenne, Johannes, Mariska en Wytse foar
jimme ynset wat der ta lieden hat dat dizze dei sa fantastysk ferrûn is!
Doe’t wy mei syn allen op ‘e Narderhaven de dei noch ris efkes trochpraten en de ferhalen al mar sterker waarden
wie Maarten al oer de slûs fan Wier set, op nei Bartlehiem… en mar swimme…
Sieb en Ypie
BEDANKT Andries, Bibia, Sjoukje, Bastiaan, Christiaan, Fardau, Hilde, Jenne , Johannes, Mariska en Wytse foar
jimme ynset wat der ta lieden hat dat dizze dei sa fantastysk ferrûn is!
Doe’t wy mei syn allen op ‘e Narderhaven de dei noch ris even trochpraten en de ferhalen al mar sterker waarden
wie Maarten al oer de slûs fan Wier set, op nei Bartlehiem… en mar swimme…
Sieb en Ypie
Lytse Teije
In jong stel, klanten út Zuiderburen, stiet bij Teije
de bakker yn ‘e winkel
Sy fertelle oan Teije dat sy yn ferwachting is fan
in jonkje dat se Teije neame sille omt se dat sa ’n
moaie namme fine. Us bakker seit: “stjoer mar in
kaartsje as de lytse Teije der is, dan bring ik jim
in taart”. As it stel dan op in stuit yn Ljouwert de
bus fan Teije riden sjocht komme se der achter
dat hy De Boer as achternamme hat. Wat wol it
tafol… sy hite ek De Boer…
De lyt e Teije de Boer is yntusken berne en de
taart is te plak brocht.
Ta neitins
Op 22 maaie fan dit jier, krigen wy it drôvige
berjocht dat ús âld-redaksjelid Janneke Ytsma
ferstoarn is. Janneke hat fan 1986 oant en
mei 2000 in sit yn ‘e Havensbankredaksje
hân, wêrfan’t de lêste 12 jier as foarsitter.
We sille har herinnerje as in deeglik
skriuwster oer tal fan eveneminten
ensafuorthinne, mar ek de kontrôle op de
Fryske stavering, dy’t se tegearre mei Sieb
Stroosma die, wie by har yn betroubere
hannen.
Wy winskje Durkje en Ymkje en alle fierdere
neisten in protte krêft ta mei it ferwurkjen fan
dit te iere ferlies.
Ut namme fan de folsleine redaksje,
Mathijs
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...44
Powered by FlippingBook