De Havensbank: Juny/July 2019 - page 13

It lûd fan de mar
Bestel no jo kaarten!
Wergea is drok dwaande. Bouwe, ôfstrune, ûntwerpe, sammelje, repetearje, ensafuorthinne. Wylst de simmer
noch mar krekt begûn is, hat 'It lûd fan de mar' it doarp no al yn de besnijing. Is it de broeierige simmer?
It woelende wetter? Of is it dat lûd, dat mystearyske lûd?
Kaarten
Fanôf heal septimber spilet iepenloftspul 'It lûd fan de mar’, in produksje fan de KKW en Iepenloftspul Wergea.
It grutste part fan de kaarten is al ferkocht yn de foarferkeap.
Op it momint fan dit skriuwen, binne der noch kaarten foar de foarstellingen fan 15, 17, 18, 20, 24, en 25
septimber.
Hasto noch gjin kaart?
Bestel dizze dan gau online op
.
Hjir binne ek de lêste kaarten te krijen foar it arranzjemint yn gearwurking mei De Wartenster.
Sjoch de webside foar mear ynformaasje.
PR Kommisje It lûd fan de mar
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...44
Powered by FlippingBook