De Havensbank: Juny/July 2019 - page 11

De Kriich, de langste dei en Eagum
Wat in moai en bysûnder plaatsje!
Lit ik fuort mar earlik wêze: Hans kaam my oer ’t mat. Pas fannacht (tiisdei) tsjin tolven kaam der in mailtsje fan
Hans as foarsitter fan de Kriich oft ik wol wat skriuwe woe oer harren optreden yn Eagum. Folslein net taret hjir
dochs in stikje. Kwa muzyk-kennis moat jim net by my wêze dat dêr sil ik neat oer sizze. Dizze muzyk-kennis is
by ús mem yn ‘e búk tabedield oan myn twallingbroer, elk syn talint.
Mar ja iennich sjauvinisme is my net frjemd, as der ris wat te rêden is hjir yn Eagum dan kin dat fansels moai yn
de Havensbank. Dat de Kriich yn syn jubileumjier graach wat fan him sjen en hearre lit ha we meimakke dizze
langste jûn. Earst kaam de oankundiging op Facebook, der waard in evenemint oanmakke, posters hongen hjir en
dêr. No de minsken noch. It optreden kaam freedtemoarn as reminder noch op de Eagumer buurtapp.
Nei myn idee kaam it allegear wat let op gong. Alle wie al in pear dagen dwaande om it pôltsje neist de tsjerke op
oarder te bringen. Hy hat de skiep fersetten, meand en it gers opromme. De kij moasten dizze jûn yn de stâl
bliuwe. It geite-pôltsje fan ús is meand, we ha de geiten taret en no en dan wat fanfaremuzyk hearre litten dat
Eagum wie der wol klear foar. Mar dan de middeis bart der neat. Wy fol fragen, it bliuwt hiel stil op de pôle, giet it
wol troch? It kin best om it waar want dat koe net better. De wyn foel fuort, de sinne skynde op de toer. Der bin
gjin stuollen, gjin tribune, hoe komt dit?
Dan nei seizen komt der aksje. Der komme auto’s de reed op. Stuollen wurde delset. De ynstruminten komme op
‘e pôle. De catering siket en fynt syn plak. It publyk komt sa stadichoan manmachtich oansetten, kuierjend, op de
fyts of mei de auto. It hat lange tiid net sa drok west yn Eagum. Stipt healwei achten begjint de Kriich te spyljen.
Grutte en jongere muzikanten spylje oer it algemien gesellige en fleurige muzyk. Heiten, memmen, pakes en
beppes, hiele famyljes stean eins wol grutsk te sjen en te hearren wat de Kriich ten gehore bringt. It publyk
bestiet út in trochsneed fan de maatskippij. Alle leeftiden bin fertsjinwurdige. Nijsgjirrige fytsers stappe ôf, der
giet wer ris ien fuort. Leechdrompeliger as hjir Under de Toer bestiet net. It komt sa moai út dat it optreden hjir
is. De bern kin prachtich op it pôltsje en de reed boartsje. De tún fan Jan Fedde en Siska is ek favoryt by de
jeugd. De folwoeksenen kinne lústerje en ek sachjes mei elkoar prate. It lûd “kin fuort”. As rapper MADOC mei de
Kriich rapt sjochst de kopkes fan de jeugd glunderjen. Om 21.45 slút in grutske foarsitter de jûn. De Kriich hat
mei it “grutte”en it jeugdkorps it publyk en hooplik harren sels ek in prachtige sinsûndergong belibje litten.
Koartsein it wie in tige slagge jûn.
Franciske
(p.s. de geiten meitsje it goed, se bin der net oars fan wurden)
I.v.m het iepenloftspul hebben we de datum voor deze opknapklusmiddag aangepast!!
Opknapklus Doarpshûs
Beste dorpsbewoners,
Het doarpshûs heeft op zijn tijd een opknapbeurt nodig:
Groot onderhoud tuin;
Schilderwerk;
Houtwerk schoonmaken;
Ramen wassen;
Etc., etc.
Heb je zin om mee te helpen? We willen er gezellige werkmiddag van maken. Het bestuur zal zeker de handen uit
de mouwen steken en zorgen voor de inwendige mens.
We gaan op
zaterdag 19 oktober van 13.00 – 16.00 uur
aan de slag.
We horen graag of je belangstelling hebt (per e-mail:
).
Met hartelijke groet,
Bestuur Us Doarpshûs
Erika, Marjan, Homme en Lydia
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...44
Powered by FlippingBook