De Havensbank: November 2020 - page 5

Baukje as jongfaam
Op Alde Miede trof Baukje wol gauris jongfolk op ‘e pleats. Binne en Romkje hiene ek noch in soan Auke dy’t
noch yn ’e hûs wie en der wurken neist Baukje ek noch in lytsfeint en in grutfeint. Thomas Langhout fan
Wergea kaam wol del te mûnsternimmen. Dizze jongkeardel hat wol yndruk makke, Baukje fûn dat in kreaze
fint en hy koe o sa sjonge. Ek hie se in freondinne, Metsje Boersma, sy wenne op in pleats op Alde Miede, dêr
gong se sa no en dan mei op en út. De frijfeinten Popke, Douwe en Auke fan Wergea kamen wol op Alde Miede
te aaisykjen. En de jongelju gongen yn ’t winterskoft wol mei de skou, en rinnende oer de polderdyk nei
Wergea, nei de Fryske Krite yn Kafee ’s Landswelvaren fan Hedzer Castelein. Ek gong Baukje yn in winterskoft
noch op Fryske les.
Auke en Baukje op ‘e Gele Eker
Doe’t Baukje faam wie trof se Auke wol gauris. Dan kaam er te aaisykjen mar ek as feekeapman. En foar
Baukje fansels. Auke en Baukje krigen ferkearing. Hy wenne op Narderbuorren 6 by syn heit en mem Gjalt en
Beits Terpstra, dêr wêr’t no Marcel van Summeren en Gerlinda de Vries wenje. Auke wie 13 jier âlder as
Baukje mar dêr makke Baukje har net drok om en har âldelju ek net, “se seine der neat fan”. Yn it jier dat
Baukje 19 jier waard is se mei Auke troud. Auke koe doe it húske fan syn broer Freerk en Albertsje op ‘e Gele
Eker keapje. Dat hat er dien. We kinne harren wenninkje no as de garaazje fan Tom Kamsma en Anneke
Fridsma. Hjir is yn 1950 harren âldste dochter Aukje yn ‘e bedstee berne. It wenninkje wie lyts mar wol goed,
der wie stroom en se koe itensiede op in peteroaljestel en kofjesette op it ienpitterke. Op it souderkeammerke
koe ‘t ’s winters wol hiel kâld wêze, it iis lei betiden op ‘e tekkens, fansels hiene se dan altiten in krúk mei op
bêd. De toiletfoarsjenning wie ek net echt anno 2020. Mei Dubbeld de Boer en Klaas en Sjoeke moasten se it
húske dat bûtendoar stie, diele. Je kinne je der no fêst neat by foarstelle… trije húshâldings op ien sa’n
húsketonne wie net echt heel oangenaam. Ien kear yn ’e wike kamen de gemeentemannen om dizze tonnen te
leegjen. Dizze tonnen waarden nei de Dwinger brocht, lege, omspield en wer útsutele. Eins krekt as ús griene
konteners allinne dy hoege net op ’t skouder nei de wein sjoud te wurden, men komt der tsjintwurdich net iens
mear mei de hannen oan. Wy kinne dyselde húsketontsjes fan it Skoalfeest, de Kerkbuurt hat se noch
jierrenlang brûkt foar buertfersiering mei gladioalen der yn!
P.J. Kleystraat
Rillegau dêrnei ferhuzen hja nei in hierwenning yn de P.J. Kleystraat. De tredde wenning op ‘e linkerkant fanôf
de Fricowei. “Och och wat wie dat noflik, in haardsje, in eigen bleek en in moderne wc!” En wat noflik dat se
buorman Dubbeld net mear hoegde te freechjen as de bernewein by him yn ‘e bleek stean mocht.
Narderbuorren
Mar dy lúkse soe net lang duorje… in pear jier letter ferhuzen se nei Narderbuorren, nei it stee fan Auke syn
âldelju. Auke syn heit wie ferstoarn en syn mem gong nei de buorren, nei in wenninkje oan de Gele Eker. Auke
hannele yn lytsfee, keallen en skiep ensa, it fee hie der altiten al op Narderbuorren. Mar o wat wie Baukje dêr
earst ûnwennich, se kaam dêr yn in kâld hûs en bûten de waarmte fan de buorren. Noch even foar jim byld,
Narderbuorren lei eartiids in ein út ’e buorren, de H.J. Kooistrawei wie der doe noch net. As je fanôf de
Hillebuorren oer it brechje rûnen kamen je yn in tsjustere negerij te rinnen, in paad by de Wergeaster Feart
del. Bonne Lantinga brocht waarmte, hy hie in grutte skoalkachel foar harren op ‘e kop tikke dy’t op hout
stookt wurde moast. Se sjocht him noch oankommen oer it iis yn ‘e opfeart. It wie in hiele grutte kachel dêr’t
je alles op sierde koene. En dêr op Narderbuorren waard yn 1954 harren twadde dochter Beitske berne. Mei it
húske trof Baukje it op Narderbuorren ek net want it wie net iens in húske, nee je sieten op in barte boppe de
jarrefeart. Foar de nacht hiene se in pispot of in amer op ’t sliepkeammerke stean sadat se net by ‘t tsjuster
troch de skuorre hoegden.
Al mei al hat buorfrou Baukje hast 60 jier mei nocht op Narderbuorren wenne, de bern binne der grut wurden,
Auke hie syn hannel, hy gong te meanen en fansels te aaisykjen, want dêr koene je eartiids ek in moai protsje
sinten mei fertsjinje. Der kaam wetterlieding en in waskmasine én boubedriuw Sinnema hat in húske en noch
wer letter in douche foar harren makke. En it wie mei Sinteklaas “doe brocht Pier Zwart in tillefyzje”. Wat
bûtenút op Narderbuorren al hiel net ûnbelangryk is... se hiene goeie buorlju, Klaas en Jeltsje de Groot mei
harren soan Sjirk, Wybren en Jeltsje Eisinga mei harren dochters Anne, Jantsje en Riekje en letter Hendrik
Fridsma en Gerda Pol mei Ilse, Brecht en Frids. “Wat ha we moaie jûnen hân mei elkoar”.
In wyt wyntsje, in stikje tsiis en woarst
Oer jild ha wy ’t eins net iens sa folle hân. Buorfrou Baukje wit net goed mear hoefolle sinten as se destiids
fertsjinne en yn ’t earst fan har trouwen gong se net oer it jild. “Auke wie sunich” fertelde se. Sa pratendewei
komme je der wol achter dat dizze frou har paadsje mear as skjin fage hat! Want hie ‘k al ferteld dat se neist it
grutbringen fan de bern, it húshâldlike wurk, it melken fan in pear bisten yn de Fjirdeheale (dêr wêr’t no de
folkstún is) ek wurk bûten de doar hie? Nee seker…, no se wie ek noch oan ‘t skjinmeitsjen yn ’t kafee by
Hedzer en letter by Koos Homans. En mei de merke smarde se de broadsjes en spielde se de glêzen. Fansels
hearden dêr ek de gesellige neisitten by en Auke dy’t yn ‘e merkekommisje siet.
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...32
Powered by FlippingBook