De Havensbank: November 2020 - page 1

Poepe yn Eagum
Wat in parren!
Wergeaster Reed fan it
gas ôf
Kryst yn coronatiid
Wy strûpe der ûnder
Einliks los mei de
Stringbrêge
Koeken ite
Stooft bin sy it lekkerst
94 JIER JONG!
Baukje
Bliuw gol en goed
En wol to moed
Wêz lokkich boppemjitte
Tink faek oan my
En leau mar frij
‘k Sil dy ek net forjitte
Dit is de winsk van dien Omke Jelle
5 desimber 1935 út Baukje Boorsma har Poëzyalbum
94 Jier lyn, op 12 oktober 1926 waard Baukje Boorsma berne oan it Krúspaed
te Earnewâld. Yn ’e bedstee, yn in wenninkje tichtby skoalle en de NH tsjerke,
op in tsiental meters fan it Earnewâldster Wiid. Sa’n 76 jier lyn brocht de
leafde har nei Wergea en se hat sûnt dy tiid Wergea net wer út west. Wy, hjir
yn Wergea, kinne har as Auke Bauk of Bauk of Baukje Terpstra. Doe ’t
Hendrik en Gerda yn 1993 neist har kamen te wenjen waard se foar ús
buorfrou Baukje.
Hendrik en ik woene en soene al in hiel skoft ris te jûnpraten nei buorfrou
Baukje. Wêrom? Om’t se ferhalen fertelle kin oer eartiids dêr’t we no betiden
gjin weet mear fan ha of net mear by stil stean. En om’t sy wierskynlik op dit
stuit de âldste Wergeaster is én in hiel gesellich en leaf minske is.
Op in hjerstige tongersdeitejûn steane wy by har foar de doar, ik hie al in
pear kear oanbelle, trrr… trrr…, mar blykber te foarsichtich want doe’t Hendrik
ris flink belle, trrrrrrrrrrrr… en op it rút kloppe gong al rillegau it ljocht yn de
gong oan en mei in “no dêr wiene jim al” waarden we wolkom hiten. Mei har
rollator rint se foar ús út de keamer yn. De kachel set se fuort wat sachter,
“want jim sille it hjir wol waarm fine”. Earlik sein wie it ús inderdaad waarm
genôch mar dat hindere ús neat, want dan lûke we gewoan it fest út, toch?
Buorfrou Baukje sit it leafst op har reade pleedsje op ‘e bank en wy strike elk
op oardelmeter yn in noflike stoel by har del. De donkerreade velours
gerdinen binne ticht, it grutte ljocht yn de keamer is oan en der brâne
gesellich wat waksineljochtsjes. Buorfrou sit helderop op ‘e bank en freget as
earste wat as we drinke wolle. Hoewol’t se har rinnende mei har rollator prima
rêde kin is it wol noflik dat Hendrik de betsjinning jûn efkes regelt. Hy is
ommers thús by buorfrou Baukje. Wy slaan de kofje en tee mar oer, buorfrou
nimt earst wat frisse sûpe en wy in pilske. It kin net oars as dit wurdt in
gesellige jûn.
Myn each falt fuortendaliks op in swart wyt fotocollage oan ‘e wand mei foto’s
fan lang lyn. Buorfrou Baukje fertelt wa’t it binne. Har heit Symen en mem
Aukje, har susters Tjitske en Gelske en Baukje sels. Dan noch foto ’s mei
Tjitske en har man Tjitte Brouwer en Gelske mei har man Douwe Bergsma. En
dan harren eigen troufoto. Sa as gebrûklik yn de 40er jierren wie de troujurk
stemmich donker. Mar de jonge Baukje har troujurk liket dochs wat ljochter
troch de moaie iepenwurke hals en mouwen. De jurk wie foar har makke troch
in evakuee fan de Hillebuorren en Baukje wie grutsk op har jurk. Ek hie hja in
prachtich breidsboeket mei grutte wite anjers, wat nei letter bleek in rib út
harren liif koste hie.
Om wat lijn yn it ferhaal te krijen, stelt Hendrik foar om by it begjin te
begjinnen.
60
jier
Novimber 2020
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook