De Havensbank: November 2020 - page 7

De Kooistrawei en noch ien wyntsje dan
Yn 1991 is Auke ferstoarn en hat Baukje noch 17 jier allinne op Narderbuorren wenne. Se bleau warber, se hie
in grutte grientetún dêr’t se goed op paste. Fansels kamen har dochters mei skoansoannen en de beppesizzers,
dêr’t se o sa wiis mei is, geregeld by har del. De dochters krigen dan steefêst griente mei nei hûs want de
friezer moast wol fol fansels. Yn 2008 is se ferhuze nei de Kooistrawei, wêr’t se as tachtich plusser earst ek wol
wer even wenne moast. Mar al rillegau wenne se dêr tige nei ’t sin. Se fynt it útsjoch op ‘e dyk en de bern dy’t
út skoalle komme in aardichheid. En as de bern dan nei har roppe “hé hoe is ’t mei jo”, dan is har dei goed. Ek
hat se in protte mei Janna van den Berg op in paad west. Te fytsen en op fakânsje yn in hûske yn Drinte, ek de
fytsen mei fansels. Se kin har noch aardich rêde, “ik sit wol in bytsje mei ’t gehoar mar dan set ik de tv wol wat
lûder” en mei help fan Aukje en Bennie, Janna en de leave buorlju om har hinne, Hendrik en Gerda dy’t de
krante mei har lêze en even oanwippe, it iten fan Van Smaak en soarch fan de thússoarch skarrelt buorfrou
Baukje noch moai wat troch.
It Poëzyalbum
Buorfrou Baukje en al har ferhalen oer doe sette ús sa’n jûn ek wol wer even mei de fuotten op ‘e grûn, want
wat kinne wy ús drok meitsje om… ja om wat eins… Wy hawwe in tige noflike bysûndere jûn hân, sa no en dan
wiene we even earnstich, mar we hawwe ek o sa lake. Fansels fertelle wy net alles wat we bepraat ha hear, wy
hâlde lykas de ljipaaien, ek wat ferhalen ûnder de pet.
Ypie Kerkstra-Pijl
Jeften
Wachtsje net oant de stoarm foarby is, lear dûnsjen yn ‘e rein
€ 24,00: S.K.
€ 100,00: J.v.d.L.-G.
€ 25,00: A.Z. en E.J.M.Z.-v.A.
€ 200,00: Gjalt de Groot
Reminder
Beste Abonnees,
Vergeet u niet, voor zover u dit nog
niet gedaan heeft, het
abonnementsgeld ad.
€ 30,00
over
te maken op ons
ING-bankrekeningnummer
NL08 INGB 0003 6560 00.
Bedankt!
De penningmeester
Fan de redaksje
It nije boek fan Gjalt de Groot “
We strûpe derûnder
hat krekt as jim yn dit nûmer lêze kinne in moai bedrach
foar de Havensbank opsmiten.
We hearre om ús hinne ek dat de ferhalen yn it boek
gespreksstof jouwe yn petearen tusken ús lêzers.
It spilet him dan ek ôf yn in omjouwing dy’t we
eins allegear kinne.
Wêr’t guon berne binne, wêr’t guon wenne ha en wêr’t
stroopt, fiske, aaisocht en reedriden waard.
Tank foar dizze jefte!
De Havensbank neamt yn har jieroersjoch de nammen en leeftiden fan ferstoarne minsken út it
lêzersgebiet. It kin wêze dat jo graach sjogge dat de namme fan jo neiste neamd wurdt ek al wennet dy
bygelyks al in skoftke net mear yn Wergea.
De Wurkgroep Ynternet Wergea frege yn it oktobernûmer reaksjes op de digitale Havensbank. Wêr op de
wrâld wurd de digitale Havensbank lêzen? Oant no bin der gjin reaksjes mar we fine it tige nijsgjirrich om te
witten. Jim kinne it witte litte op it mailadres:
.
Foar no winsket de redaksje jim in soad ljochtpuntsjes en alle sûnens yn de tsjusterste tiid fan it jier.
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...32
Powered by FlippingBook