De Havensbank: Novimber 2021 - page 1

SZDRNZLL keapje
Tennisje yn'e winter
Krystkuier?
Nijs oer juf Pity
Op'e knibbels yn it gers
Proza fan Perspektyf
Húskeamer
Ferknipt
Sutelje
Novimber 2021
Ferknipt
Wat in apart stik…
Efter de foardoar.
Sneontejûn op nei Ferknipt. Myn kollega-redaksjeleden ha betocht dat ik de
gelokkige bin dy’t skriuwe mei foar de Havensbank. Resinsjes ha ik mei sin
(noch) net lêzen. Al wol in pear minsken sprutsen dy’t al west ha. Harren
reaksjes roppe twifels op. De strekking is: “Gean der earst mar hinne”.
Striemin waar bûten. Fansels nijsgjirrich nei hoe’t it der “by Meinderts” út sjen
sil. In foarstelling fan Boppeseal Movies docht oan oare saken tinken as de
entree yn de fabrykshal tusken de ladeweinen en al it oare ark fansels. No dat is
dik foar elkoar en sa bliuwe myn ûnderfinings dizze jûn ek. Der is in rêstich
dekôr te sjen, mei in enoarm skerm, de mannen fan de band en in pear
trekkerbannen.
By it plaknimmen draait it skerm hieltyd teksten oer Ferknipt. Efternei is it saak
om dy goed yn dy op te nimmen omdat it mear ynsicht jout yn wat letter komt.
Dat ynsicht is wol in ding, foarearst bin ik it ferhaal folslein bjuster. Miskien hie
ik der foar “trochleare” moatten of lis ik de latte te heech?
Moai om fuort alle spilers te sjen as it stik begjint. It folk komt echt op de lapen
sa as songen wurdt. It komt absurdistysk oer. Der bart safolle. De timing fan
byld en sang is fantastysk. Ik bin frij fan technyske kennis en muzikaal ynsjoch
mar dit kin net oars as hiel folle enerzjy en presisy koste ha. Wylst wurde we
meinaam yn mar leafst 10 ferhaallinen. Der wurdt geandewei dúdlik dat elk syn
eigen ferhaal hat, dat in soad net is wat it liket en minsken hiel oars wêze kinne
as dat se har foardogge. Der komme tal fan emoasjes yn it ferhaal foarby, sa as
it fertriet om it út elkoar groeien yn in relaasje, alkohol dy’t mear 'kapot maakt
dan je lief is', it besoademiterjen fan dyn partner, fertriet om in heit dy’t samar
wer opdûkt, ongeloof dat de fiskermannen neat dogge nei it finen fan in dea
froumins, dat dyn partner goare taal útslacht oan de tillefoan mar dy net sjocht,
de ûndernimmer dy’t mei besteld spul sitten bliuwt en foaral it ferlies fan it
oanriden jonkje. Dat lêste ropt by my op oft dat jonkje yn dizze setting net
libjen bliuwe kinnen hie?
Boppesteande befestiget wol dat we as minsken allegear ús eigen ferhaal ha en
dat der him achter de foardoar hiel wat ôfspilet. Neat is wat it liket. Wergea sil
der net oars yn wêze.
De 9 muzykmannen fan de band ha in folsleine maraton rûn. Toppers. Der is
keazen om it hiele stik fokaal op de planken te bringen, dat makket it dreger de
spilersgroep rûn te krijen. Mar allegear ha se harren paadsje skjin makke. En al
kin de iene better sjonge as de oare, gean der mar stean!
Persoanlik ha ik in prachtjûn hân, wat ik miste is in “pikefel momint”, nearne bin
ik sa rekke dat der in trien wie.
Boppeseal Movies hat lef toand troch dizze unike produksje, it is mei neat oars
te fergelykjen.
Franciske
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook