De Havensbank: Novimber 2021 - page 11

“Hast it al heard? Juf Pity hâldt d’r mei op!”
It nijs dat Juf Pity nei sa’n tweintich jier de jongste doarpsgenoaten de earste skoalse feardigheden by
brocht te hawwen der mei stopjen giet, gong rap troch de buorren.
Eltsenien dy ’t yn dizze perioade in bern nei de lokaasje yn it doarpshûs brocht hat, sil d’r oer mei prate
kinne dat harren bern der mei leafde ûntfongen waard en der in protte wille meitsje koe. Sa sille d’r lyk as
my grif ek mear âlders weze dy’t fan Pity it gefoel krigen dat harren bern echt de leukste wie, en nea fielde
it net as wie it oprjocht mient. Wat in keunst om mei dizze hertlikhyd, belangstelling en waarmte de bern
mar ek harren âlden te mjitte te treden.
Pity hat yn har tiid op it Ukkepukkeplak in protte foar de Wergeaster bern betsjutten, se wie de spil yn it
team mei liedsters en wist presys hoe as se it ha woe, en sa as sy it ha woe barde it meastentiids ek. Sa ha
ik ris in Sinteklaas feest en in Kryst feest mei meitsje kinnen. In goeie freondin fan Pity kaam dan del en
fertelde oan de bern in prachtich ferhaal, it wie in soart fan lyts theaterke op lokaasje wat Pity dan regele
hie. Ik ha begrepen dat dizze freondinne ek by it ôfskiedsfeest wer in bysûndere rol hân hat. De bern koene
mei ynhâlden adem lústerje en sjen nei sa’n ferhaal, mar ek Pity geniete fan dizze mominten, in smile fan
ear oant ear hie Pity by it sjen fan al dizze berne kopkes.
Troch de jierren hinne hat Pity ek in oantal kollega’s kommen sjoen, helaas gongen se nei ferrin fan tiid
faaks ek wer fuort omt der dan wer in krimp yn oantal bern wie, of omdat der binnen de organisaasje dingen
feroaren. Neist betelle krêften wiene der fansels ek noch de frijwilligers wêr 't Pity mei wurke. In pear ekstra
hannen by it knutseljen, in pear ekstra eagen en fansels ek in gesellich praatsje op syn tiid.
Njonken de wurksumheden op’e groep, wie dêr ek noch de âlderjûn dy’t mei entûsjasme lieden waard. Alle
âlders gongen oan’e ein fan de jûn nei hûs mei in holle fol saaklike ynformaasje oer it Ukkepukkeplak mar
ek fol mei berne ferskes, dy’t Pity by de útliz fan har ferhaal ek efkes oan de âlders hearre liet. Dêrnjonken
folde se har ferhalen noch oan mei anekdoates oer de bern en oer wat se mei makke mei de bern.
Elk jier wie it ek wer tiid foar it organisearjen fan de WC-Papier aksje. Fan de sinten dy’t mei de aksje
binnen kamen koe Ukkepukkeplak wat ekstra foar de bern betsjutte, wat mear keapje as oars mooglik wie,
en dêrom sette Pity de âlderkommisje altyd hurd oan it wurk om hjirmei oan de slach te gean.
Ik ha begrepen dat it in ôfskied fan Pity har fêste oeren west hat, mar dat it net útslúten is dat guon
(takomstige) pjutten Pity noch treffe sil om’t Pity as ynfalster noch wol belutsen bliuwt by de lokaasjes yn de
omkriten. Jammer foar it doarp dat sa’n belutsen pjuttejuf as Pity stoppet, mar ik bin bliid dat ús bern by
Pity harren pjutte-tiid mei makke hawwe.
Ik tink dat ik nammens in grut diel fan it doarp sprek as ik sis: Tige tank Pity foar de moaie jierren op it
Ukkepukkeplak!
Jeltje
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...36
Powered by FlippingBook