Beste minsken,
Boppesteande foto is makke yn 1966 op de kleuterskoalle. Ik siet hjir yn de klasse wêr't no Ukkepukkeplak is.
Ik wie hjir 4 jier en myn âlders skreaunen yn myn fotoalbum dat ik it altyd prachtich fûn om nei skoalle te gean.
Yn novimber 2001 bin ik juf wurden op Ukkepukkeplak. Fanôf de earste dei ha ik it fantastysk fûn om mei peuters
om te gean. Wat binne se leaf, oandwaanlik, grappich en gelokkich sa no en dan ek lekker dwers. Se ha my altyd
in soad enerzjy en ynspiraasje jûn om dit wurk te dwaan.
Dochs ha ik fan’t simmer besletten om te stopjen mei it wurkjen op Ukkepukkeplak. Yn novimber ha ik it 20 jier
dien en ik fyn it tiid wurden foar wat oars. Ik wit noch net wat, mar dat sil grif wol goed komme.
Ik kin werom sjen op in geweldige tiid.
Pity
It iennichste wat net feroare is binne de finsterbanken
Sneon 16 oktober ha de mear as 30 frijwilligers mei de
kroaden fol boeken by de doaren lâns west. En wat in
frijwilligers! Der is foar sa’n 3300,- oan boeken
ferkocht. Grutte klasse.
Moarns om 10 oere mei kofje en appeltaart yn Us
Doarpshûs, noch in peptalk fan skriuwer en organisator
sutelaksje Ferdinand de Jong en dan los. Wat in
prachtich gesicht as elkenien dan mei de kroade it
doarp ynbrûst.
Filmkafé Bagdad sil de opbringst goed brûke en takom
jier mar wer tochten wy. En nochris hartstikke tank
oan de sutelders en dat se frijkaart foar in film by ús
mar brûke sille.
Filmkafé Bagdad,
Margriet, Rimmy, Albert, Jan en Frans
7
Sutelaksje Fryske Boek wer grut sukses