Wergea 600
13 manlike jongfeinten
Nifelje
Joni Mitchell yn it
Doarpshûs?
Klusdei
Sophisticated
Talint-orkest
Merke 2022
Trojka hier, trojka daar
Halbertsma reünie
Moarn wer nei tsjerke
Augustus 2022
Merke 2022
Yn al it geweld fan Wergea 600 is it heech tiid om efkes stil te stean by dat iene
feest fan ôfrûne july, ek wol bekend as de Wergeaster Merke. It liket wol dat de
‘tiid’, en sa ek de Merke, oan it enerzjydrankje RedBull sieten, want it flein foarby!
No hearre wy jo alwer tinken: fan hoe siet it eins ek alwer mei dy fiif dagen feest?
Om fierder harsenskrabjen fan jo kant te foarkommen, sette we foar it kollektyf
geheugen alles noch op in rychje.
Op
tongersdei 14 july
wie it eindelik safier. Om 13:00 oere mochten we earst
lekker in hapke ite by Dries en Reiny yn Warstiens. Hjir waard in flinke boaiem en
basis lein foar de fierdere merke-ferdivedaasje. Nei dizze skrokkerij gongen we
gau nei it Merkehok om de lêste saakjes ta te rieden, sadat VOF Stelwagen foar
de rest fan ’t jier wer rêstich troch buorkje kin. By dizze wolle we de famylje
Stelwagen hertlik tankje foar harren gastfrijheid!
Healwei de middei kamen 13 manlike jongfeinten yn in folpakte karavan it doarp
foarste-achteren yn stoarmjen om eltse doarpeling dúdlik te meitsjen dat de
Merke fan start wie. Op de Wergeaster promenades waard mei de rûntocht fan ús
MC-sleurhutsje in skitterende stjoerkeunstfoarstelling fuortjûn. Sa sjogge jo mar
wer: foarút sjen is regeare, yn dit gefal ‘bestjoere’! Nei alle toeters en bellen wie
it om 18:00 oere heech tiid om by de famylje Groen harren itenstafel oan te
skowen. Yn stee fan diepvriesfoer krigen we dampfarske lasagna fan ‘Casa di
Mama’ Annie. Yn in stiif kertierke wiene hast alle skalen leechslynd en sa koene
we sa sêd as in seehûn úteinsette mei it 50+fiskjen. Dit jier hiene we wat lêst fan
in streamende Wergeaster Feart, mei as gefolch dat der net in protte oan de haak
slein waard op de Lytse Buorren. Gelokkich siet de stimming der wol goed yn en
wie der genôch snoep en smokerij.
Nei it oerke skeel sjen nei de dobber wie it om in oere af 20:45 tiid foar de
feestlike 50+jûn yn ús fernijde Doarpshûskeamer. Dêr biet Eelke Lok de spits ôf
mei in bjusterbaarlike oertinking fan it libben en de Wergeaster Mienskip. Oft it
glês no heal leech as heal fol is, litte wy wiis yn ’t midden fan in reedlik fol
doarpshûs. As ôfsluter fan dizze prachtige jûn stie Duo Klick klear mei harren
muzikale fratsen. De ‘locals’ Klaas Wijbrandi en Rick Heida wisten sa as gewoanlik
der wer in dik feest fan te meitsjen. Yn elts gefal wie hjir it glês earst fol, mar gau
dernei alwer sljocht leech
Foar de jeugdige doelgroep waard de Wergeaster Merke útein setten yn de
feesttinte. Dêr brochten Gers Pardoel, DJ All tha Fok en DJ Bee de komplete tinte
nei de bliksem ta. Ja skoktried wie der neat by. Sa de kop fan Jut & Jul is derôf,
wat bringt de rest fan de Merke ús?
Al mei al, de priiswinners fan it 50+fiskjen ‘nije stijl’:
Manlju 50+:
Froulju 50+:
1
e
priis: Pieter Postma (122)
1
e
priis: Roelie Zuydendorp (69)
2
e
priis: Halbe van der Berg (88) 2
e
priis: Rinie Boermans (60,5)
3
e
priis: Sipke de Boer (76)
3
e
priis: Luitje de Boer (60)