De Havensbank: Augustus 2022 - page 5

Al mei al, de priiswinners fan de Merkepartij 2022:
Bauke van der Veen en Rimke Sinnema
Egon Sinnema en Tinie Pol
Peter Talsma en Ilse Fridsma
Jens Terpstra en Anniek Terpstra
Gerrit Groen en Trees Ypma
Jan de Boer en Jildo Kerkstra
Nanne Nijp en Sophie de Wit
Hoempapa, hoempapa, hoempapa, it is
Moandei
! De dei foar de trochsetters, want de geest is somtiden al út
de flesse. No om 07:15 oere stiene der 13 ‘geesten’ by Grandcafé JAN! oan te klopjen, op syk nei harren
lampe! Us earste winsk wie in hearlik farsk gleske molke, en ja hear dizze krigen we oanbean. Us twadde
winsk wie de Morning-Call mei de Kriich. Ferrek, ek dizze winsk kaam út, want ûnder muzikale begelieding fan
de Kriich ha we it hiele doarp wer wekker spile. De tredde en lêste winsk wie dat we noch ien kear in poerbêst
matinee fieren gean. Der moast earst flink wreaun wurde op it lampke, mar úteinlik kaam dizze winsk ek út.
Rûn 10:00 oere wie de trompetdroktemakker Folkert-Hans Tolsma al presint. Tegearre mei it matinee-
ensemble Voll Gass waard de iene nei de oare matineekneiter de tinte yn slingere. Us Dikke Dame (fan it
balgoaien) wie dertroch net te hâlden. Mei in slikfermogen fan in stofsûger slikte ús famke wer de iene nei de
oare keatsbal nei binnen ta. Op de lêste dreunen fan ‘Zigge Zagge, Zigge Zagge, hey hey hey’ wie it yn de
neimiddei tiid foar de merkespultsjes.
Al mei al, de priiswinners fan it balgoaien op de Dikke Dame
Manlju
1
e
priis: Sjirk “Clint” de Groot1
e
priis: Fenna Hotsma
2
e
priis: Roy van der Zweep2
e
priis: Lydia Kooistra
Al mei al, de priiswinners fan de 50+ spultsjes: (Kok-ring, Roulettedarten, Bierschaken, Dikke Dame XXL)
Manlju 50+:Froulju 50+:
1
e
priis: Theun Zwart1
e
priis: Gerda Pol
2
e
priis: ‘Lytse’ Auke van der Zweep2
e
priis: Jelsche Kooistra
3
e
priis: Lou van der Berg3
e
priis: Johanna Sinnema
Al mei al, de priiswinners fan de eeuwige solisten: (Kok-ring, Roulettedarten, Bierschaken, Dikke Dame XXL))
Manlju: Froulju:
1
e
priis: Peter Talsma1
e
priis: Renske Hoekstra
2
e
priis: Thom van der Leest2
e
priis: Sophie de Ruijter
3
e
priis: Mechiel Rietveld3
e
priis: Wieteke Haanstra
Yn de smoarende waarmte is der om raak spile. Lokkich genôch soarge DJ Roepke foar in ferkuoljende cooling-
down yn Jeugsoos SZDRNZLL. Dêr is de Wergeaster Merke stylleas ôfsluten!
En sa kaam ek dizze merke wer oan in ein ta. Wy hoopje dat eltsenien wer genoaten hat fan in slagge en
gesellige merke op de prachtige lokaasje.
Hjir wolle we as kommisje efkes by stil stean, want wy ha dit jier wer op in kostber stikje lânbougrûn Merke
fiere kind. Dit wurdt troch de famylje Schuurmans spesjaal foar de Wergeaster Merke ôfstien oan it doarp. Mei
de aktualiteiten rûnom stikstof, dat in protte ympakt hat op boeren en ék plattelânsbewenners, sprekke wy by
dizze ús grutte tank en wurdearring út oan de famylje Schuurmans. Wat binne wy bliid dat we (ek) dit jier by
jim Merke fiere mochten!
Dan rêst ús allinnich noch de priisfraach ôf te hanneljen, de priisfraach:
Hoefolle liter hawwe jo nedich om de earste literpriis te heljen?
Dit jier wiene der wer in protte (foute) antwurden binnenkaam op dizze spannende fraach. In soad minsken
tochten oan 1 liter, bier of jild. Bêste minsken, it antwurd lei foar it oppakken, want it ienige echte antwurd is:
332,5 liter
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...32
Powered by FlippingBook