De Havensbank: Oktober 2015 - page 15

Ha al by in skuonmakker west mar it waard neat mear
om se te meitsjen. Ik ha der 1200 km op rûn. Bin no
dus likernôch op de helte.
Hast yn’e Pyreneeën
Jim hiene noch mei krigen dat ik nije skuon nedich
hie.No, dat ha ik witten! Sju, normaal rinne jo die
dingen rêstich yn. In lyts blokje om en sa no en dan
yn ‘e hûs efkes oan. Neat oan de hân. Mar nee hear,
ik flean der daliks 30 km mei troch de bosken. Ja, dat
is raze om swirrichheden. De lêste kilometers rûnen al
net mear sa noflik en doe’t ik de skuonen út die, wie
de reden wol dúdlik. Bljirren as aaien sa grut! De hiele
hakke siet der ûnder. Gelokkich wie ik ûndertusken in
expert wurden yn it behanneljen fan dy dingen dat ik
ha se prikt en plakt en de oare deis koe ik wol wer
fierder. Se ha it noch in pear dagen fol holden en doe
ha se lang om let belies jûn.
Underweis kom ik in bytsje oare pelgrims tsjin.
Meastal liz ik allinnich yn in ‘refuge’. Net die kear yn
Basanne. Ik lei al hearlyk op bêd te lêzen doe't de
doar iepen gie en der in drok, lyts mantsje binnen
stapte. Hy begong daliks al hiele ferhalen op te
hingjen. As ik it goed begrepen ha wie hy út Praag
wei rûn en gong hy tot oan de Pyreneeën. Hy hie
allegear wiis praat oer wat in pelgrim beslist mei ha
moast op syn reis. Ik knikte mar wat, it wie my eins
wol hillich. Hy liet my ek syn ‘buff’ sjen. (dat kinst
brûke as pet tsjin de sinne mar ek as col tsjin de
kjeld). Fan alles wat hy opneamde wie de ‘buff’ it
iennichste wat ik ek yn de tas hie. De rest hie ik net
en ek noch net mist.
Hy die wer in haal yn de tas en sei dat ie no twa fan
die dingen hie, want hy hie ien fûn! Glunderjend helle
hy hem út de tas. Hy like sprekend op die fan my!
Goh, hoe is dat mooglik. Hmmm....ik fielde al wat
nattigheid, dat ik begûn yn myn tas om te graaien.
Gjin buff fansels.
Ik fertelde him dat de kâns grut wie dat it myn buff
wie. Gelokkich koe ik in foto sjen litte wêr't ik dat ding
om hie. Hy seach al wat sneu mar koe net oars dan
dat ding oan my jaan.
Somtiden ha ik mazzel en kin ik sliepe yn in refuge
dy't beheerd wurdt troch frijwilligers. Ik krij dan in
bêst miel iten foar in pear sinten. Op in jûn ferskiende
der in groep bern mei twa begelieders. De bern krigen
in rûnlieding fan de frijwilligers. It die bliken dat it fan
de tsjerke út gong. Se fregen of se my in pear fragen
stellen mochten. No, dat wie prima fansels. Nei wat
hin en wer gepraat krigen se yn ‘e gaten dat ik yn
myn deistich libben foar de klas stie. Dat fûnen se
prachtich en se fregen my of ik ek alle dagen begong
mei in ochtendgebed. Ehhh.....nee no. Ik koe harren
mar moeilijk oan it ferstân bringe dat ik les joech oan
in iepenbiere skoalle. Se seagen ferekte sneu doe't it
harren dúdlik waard en ek de bern wiene wat
teleurgesteld. Doe frege se of ik God al fûn hie op
myn pelgrimstocht. Ek dat moest ik ûntkenne. Ik ha
mar foarsichtich sein dat ik der net folle mei op hie.
Tsja, der stie se dan foar al die bern en die hie se fan
tefoaren fêst ferteld oer it heilige doel fan in
pelgrimstocht. Fol fjoer ôfsetten nei de refuge om de
bern no ris echt kennis te meitsje litten mei in wiere
pelgrim! En wa komme se der tsjin?
Nynke, dy't amper wit wêrom we eins frij ha mei
Pinkster. It begrutte my suver om de bern dat ik ha
se allegear in stempel jûn op harren papier krekt as
de pelgrims eltse dei krije. Ik ha ferteld dat alle
pelgrims in credential by hun ha om te bewizen dat se
pelgrim binne. Mei dit bewiis krije se goedkeap
ûnderdak en iten. De bern wiene hjir gans mei út de
skroeven en holden it papier grutsk omheech foar de
foto. Wie dat ek wer oplost.
By lang net alle sliepplakken krij ik in miel iten.
Meastal moat ik myself wat rêde. Dan bin ik ek faak
de iennichste. Dat fielt net altyd like feilich. Sa ha ik
al in kear yn in grut kasteel sliept. God, wat wie dat
eng, grut en kâld. In oare kear lei ik yn in
restaurearre molen. Midden yn ‘e wrâld!
En juster sliepte ik yn in doarpshûs. In joekel fan in
ding mei 4 fjildbêden der yn. Ik doch nachts gjin each
ticht. Alle messen ha ik om my hinne lizzen en de
doaren barikadeerd mei stuollen. Wêr ik no bin is it
foar it earst echt drok. Der komme hjir in protte
routes by elkoar. Moarn bin ik yn Saint-pied-de-port
en dan freed de Pyreneeën oer. Ik sjoch se al lizzen!
Wurdt in hiele klim. Ik kin noch folle mear beswetse
mar ik lit it sa earst mar wer. Op nei Spanje!
Au revoir, Nynke
Jan van der Berg heeft de jaarlijks viswedstrijd
van de Hillebuoren gewonnen!
Hij bemachtigde alle prijzen: de eerste, de
meeste en de langste vis!
De overige buurtgenoten hebben daarna hun
verlies verdronken ...... Maar dat was reuze
gezellig!
8
1...,5,6,7,8,9,10,11,12,13,14 16,17,18,19,20,21,22,23,24,25,...40
Powered by FlippingBook