De Havensbank: Oktober 2015 - page 13

Op woansdei 5 augustus is ús
doarpsgenoate Nynke de Groot
ôfset foar in flinke kuiertocht
hielendal nei Santiago de
Compostella yn Spanje.
It is de bedoeling dat sy heal
desimber oankomt yn dit
Spaanske beafeartsplak.
Midden Frankryk
It wie werklik in bjusterbaarlijk momint om Femke,
Ester en myn âlders te moetsjen. We ha prachtige
dagen hân wêr helaas fierstente gau in ein oan kaam.
It moment dat se my wer fuort brochten en ik út de
auto stapte, wie absurd. Ik woe net útstappe! Ik woe
mei nei hûs! Mar ik wist dat ik der spyt fan krije soe
dus ha eltsenien in pear dikke túten jûn en ha it spul
útswaaid. En ‘Door’! Wat ha ik twa drege dagen hân!
De earste jûn mocht ik daliks yn in hok sliepe sûnder
matras en kessen. Iten wie der ek net, dat ik ha wat
koekjes, makreel en dadels ophaffele.
Healwei de wike kaam ik Patrice tsjin (Fransman,
boswachter, 56 jier). We koene it bêst fine! Hy
fertelde my hokker beskes ik wol en net ite koe en
wist faaks in koarter paad. Dat skeelde noait mear as
twa km en faaks duorre it ek langer omdat it paden
wiene wêr 't sels de bisten omhinne rinne soene. Sa
hie hy my in kear ergens troch hinne brocht! No, ik
kaam it ‘struikgewas’ út mei de striemen op de kop, in
winkelheak yn de broek en de brandnettel bulten op
de earmen! Mar hawar, it wie 1 km koarter. Ik wie
tige bliid dat we der wiene want it hie de hele dei
reint. Ik wie sa kâld as in bok. Nei it douchen frege it
mantsje wêr we sliepten as ik ek wat drinke woe, ik
sei dat ik wol nocht hie oan kofje. Ik seech noch in âld
flutsje yn ‘e kanne sitten en ferwachte dat hy wol nije
sette soe. Mar nee! Hy slingere it flutsje yn in beker,
sette die yn de magnetron en joech it my oer. Thús
hie ik dit nea opdronken mar ik doarde it mantsje net
teleur te stellen dat ha it fluch opdronken. It wie
werklik net te sûpen!
De oare deis krige Patrice it skokkende berjocht dat
syn maat ferstoarn wie. We binne noch efkes fierder
rûn nei in doarp en dêr is hy op de bus
stapt. Undertusken rin ik wer mei Alex. Dat befalt ek
prima. Ik ha it tige nei myn sin.
It iennigste wat erch
fervelend is, is it feit dat ik net sliep.
De tiid is dan in raar ding: Hoe kin soks wat sa
konstant is, sa relatyf wêze! Ik ha it idee dat der
nachts wol 5 kertier yn in oere sitte! Bin dêrtroch ek
siik wurden en koe in moarn net rinne. Juster moest
ik 27 km. De lêste 5 km kaam ik net meer foarút. Ik
stie hast steand te sliepen. Sa koe it net langer, der
moast wat barre. Ester hie slieppillen meinommen
mar die holpen net. Miskien moast ik de dosis wat
omheech slingerje. Jawis, dat wie fêst de oplossing.
Dat ik ha twa slieppillen en twa asperientsjes nei
binnen wrotten en ha my del joen. Ik ha sliept!
Hearlyk! Fielde my wer stikken better. Hjoed ha ik
nettsjinsteande de rein in bêste dei hân. Hearlyk!
Goh, je sille nije wike mar besite krije fan de
underwiisynspeksje. Liket my mar stressen.
Dordogne
De lêste kear dat ik skreau wie it min waar. Dat hat
noch in pear dagen trochsetten.
Ik wit noch dat ik op in moarn wekker waard fan ‘e
rein en de hurde wyn. Wat leit in waarm bed dan
noflik. Ik soe my noch in kear omdraaie mar betocht
yn ien kear dat myn sokken noch bûten yn it finster
leine te wjirjen. Ik flean it bed út, doch it raam iepen
en sjoch om my hinne. Gjin sok te bekennen
fansels!
Ik hie se ek net fêst setten, dat de wyn hie
frij spul hân. Op myn slippers bin ik nei bûten setten.
Ik moast die ferrekte dingen toch wer ha want myn
oare pear hie ik al wei barge! (lykas myn kessen,
itensbak en ûnderklean). It wie noch net ljocht dat it
sykjen wie net sa maklik. Nei in skoft joech ik it foar
earst mar op. Ik gong oan de tafel sitten en betocht
dat ik sûnder sokken net fierder koe. En Alex hat
maat skûtsje dus dat wie ek net in oplossing. Ja, der
holp gjin bliksem oan ik moast wer nei bûten en
better sykje. Lang om let ha ik se beide fûn. No, se
wiene wol wjirre!
Alex en ik ha in pear dagen tegearre rûn. Op it
snoarkjen fan Alex nei befalt my dat prima.
Spitigernôch krige Alex in blessure en mocht 5 dagen
net rinne. Ik bin toen allinich wer ôfsetten.
It wie en is prachtich neisimmer waar. Ik rin yn koarte
broek en himd. It fruit pluk ik fan de beamen (appels,
parren, figen en perziken). Juster seach ik
framboazen hingjen oan in strûkje in bytsje fan de
dyk ôf. Ik bin gek op dat spul dat ik begong omraak
te plukken. Sa ik dêr stean komt der mei gong in
Dalmatiër ûnder de hage wei stowen! Hy kaam woest
op my ôf en bleaun flak foar my stean te blaffen en te
grommen. Allegearre gedachten skeaten troch my
hinne. Moast ik stean bliuwe? Wêr hie ik myn mes?
Net yn de eagen sjen toch? Ik besocht de eangst te
ûnderdrukken mar dat slagge net. Tot myn stomme
ferbazing sette dat kring like hurd wer ôf as dat hy
kommen wie. Ik twifele gjin moment en ha de sokken
der yn set. Ik seach al dravend hieltyd efterom as dat
bist my ek efternei kaam. Nei in skoft wie ik der wis
fan dat dat net it sa wie. Ik moast earst sitte. Myn
hannen trillen as in gek en ik stonk fan it eangstswit.
Wat wie ik bliid dat ik it roken noch net ferleard wie!
Mar gau nei it folgjende doarp en sykje om plak. Der
wie in camping en ik liet my fertelle dat se ek
pelgrims opfange. Ik der hinne. Ik waard wolkom sein
troch in apart achtich frommes. Se hie de earmen fan
in houthakker en de stem fan in doarpsomropper. Of
se wie sels doof of se tocht dat ik dat wie want se
raasde wol sa ûnfoech hurd, ik koe it net litte en hâld
de hannen foar de earen. Mar ik hie foar in tientsje
plak dus it gong bêst.
Ik bin no yn de Dordogne. It is hjir gâns better as it
Noorden. Sa slecht as ik yn it begjin allinnich wêze
koe, sa goed giet dat no. It komt wierskynlik troch dat
ik better mei de persoan opsjitte kin wêr ik it dan mei
dwaan moat. Se befalt my hieltyd better. Ik gean
moarns as it ljocht wurdt de doar út en sjoch wol wêr
ik hinne rin. Dat hinget fan it waar ôf en myn
skynbonken. Hjoed gong it bêst, dat ik ha 35 km rûn.
It is in prachtich frij bestean. Moarn sil ik earst om
nije skuon want dizze binne fersliten.
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...40
Powered by FlippingBook