De Havensbank: Oktober 2015 - page 3

Dat tinke we dus al 40 jier, mar stean dan mei in frustraasje riker al gau wer mei beide fuotten op de grûn.
Op nei de priisútrikking en al gau skeat de spanning omheech.
Mei noch 2 teams te gean, team Reinder mei bemanning en team Hessel mei bemanning knepen we him al.....
Sieb makke it nog wat spannender: soe de fergetten WWS flagge die Reinder oppikt hie, dan toch noch ekstra
punten skoare?
Mar nee hear en ja hear HESSEL en syn bemanning binne de winners fan 2015 !
De joker hie 'n goeie stap setten!
Fam. Sinnema, Hettinga en Kerkstra bedankt foar dizze moaie ferassende knobbeldei!
Oant sjen op snein 25 septimber yn it jubileumjier 2016 dan meie wy de tocht útsette !!
Willy en Jelte
Theo en Anneke
Hessel en Corrie
Hjirûnder de priiswinners:
Priiswinners by de bern foar it meitsjen fan in prachtige kijkdoos:
Senna Kuperus en Marije Kuperus
De knobbeltochtwinners:
1. Hessel Boermans c.s.
2. Reinder de Jong c.s.
3. Theun Zwart c.s.
4. Abe Kooistra c.s.
5. Aldert Hornstra c.s.
Jeften
De wearde fan jild, sit him yn it
útjaan
€ 52,50: E.W.
€ 2,50: W.F.
€ 400,00: St. Popma Gasthuis
€ 7,50: H.vd B.
Bêste Eelke Wouda,
Yn in tiid fan whats app, e-mail, linked in en facebook samar in
brief út Australië. Sa ‘n ien mei read blauwe hokjes, Air Mail
derop en in postsegel mei prins William, prinses Kate en prins
George. Fijn te lêzen dat de Havensbank yn Redcliffe tige
wurdearre wurdt en datst de nammen hjir en dêr ek noch
werkenst. Tige bedankt foar dyn nice words en dyn bydrage.
Freonlike groetnis,
namens de Havensbank-redaksje
Ypie Kerkstra-Pijl (fan Jan en Fetsje, troud mei Sieb Kerkstra
fan Ype en Jeltsje)
P.S. We dogge ús bêst en keep up the good work!
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...40
Powered by FlippingBook